Bauhaus is in Britske rockband dy't oer it algemien pleatst wurdt yn it post-punk/gothic-sjenre. Hy waard oprjochte yn 1978 yn Northampton. De band brocht yn 1980 syn debútalbum In the Flat Field út. Yn 1983 waard de band opheft, mar yn 2005 waard in trochstart makke, om yn 2008 der wer mei op te hâlden. Fanôf 2019 is de band wer aktyf. Bauhaus hat fiif studio-albums en fjouwer live-albums útbrocht.
Skiednis De groep waard oprjochte yn Northampton yn 1978. Bauhaus is ûnder mear ynspirearre troch de âlde Bauhaus-keunst en troch David Bowie. Se skoarden kulthits mei ûnder mear Bela Lugosi's Dead, Dark Entries en She's In Parties. Yn 1983 waard de groep ûntbûn. De groepsleden wienen sûnt dy tiid aktyf yn ferskate oare musykprojekten.
Sûnt 1998 wienen der inkele koarte reüny-toernees. Yn de simmer fan 2006 wie de groep op ferskate festifals te sjen. Sa spilen se ûnder mear op it Summer Darkness-festifal en de Lokerske Feesten.
Diskografy Studio-albums Album Utbrocht op Label Single(s) In the Flat Field3 novimber 19804ADMask16 oktober 1981Beggars BanquetKick in the Eye,The Passion of LoversThe Sky's Gone Out19 oktober 1982SpiritBurning from the Inside15 july 1983She's in PartiesGo Away White3 maart 2008Bauhaus Music
Live-albums Album Utbrocht op Label Press the Eject and Give Me the Tape10 desimber 1982Beggars BanquetRest in Peace: The Final Concertaugustus 1992NemoLive in the Studio 19791997Gothamnovimber 1999MetropolisThis Is for When...novimber 2009Vinyl 180
Kompilaasje-albums Album Utbrocht opBauhaus 1979–1983novimber 1985Swing the Heartache: The BBC Sessionsjuly 1989Crackle7 july 1998Singles22 novimber 2013
Kategory:Ingelske punkband Kategory:Ingelske rockband Kategory:Band oprjochte yn 1978 Kategory:Band opheft yn 1983 Kategory:Band oprjochte yn 1998 Kategory:Band opheft yn 1998 Kategory:Band oprjochte yn 2005 Kategory:Band opheft yn 2008