In god (manlik), goadinne (froulik) of godheid (kin beide wêze) is in hypotetysk boppeminsklik wêzen, dat boppe of bûten de natoer stiet en dat as hillich beskôge wurdt. Sokke wêzens spylje in grutte rol yn 'e measte religyen en yn alle mytologyen. It bestean fan goaden of godheden is wat, dêr't men yn leauwe moat, mei't it net wittenskiplik oantoand wurde kin. Goaden wurde karakterisearre trochdat se machtiger binne as minsken, ynteraksje hawwe mei minsken (yn positive of negative sin) en minsken ta hegere nivo's fan bewustwêzen bringe kinne.
Polyteïstyske religyen geane út fan it bestean fan ferskate, soms sels ûntelbere goaden, wylst monoteïstyske religyen úthâlde dat der mar ien God (skreaun mei in haadletter) bestiet. Monolatry is in tuskenfoarm wêrby't de leauwende wol it bestean fan mear goaden erkend, mar net mear as ien inkele god ferearet. Non-teïstyske religyen lizze de klam op oare dingen en beskôgje it leauwen yn it bestean fan goaden fierhinne yrrelevant, hoewol net direkt problematysk. In groep goaden út ien beskate polyteïstsyske religy is in panteön. De leden fan in panteön hawwe ornaris allegearre harren eigen domein; sa besteane in protte panteöns fierhinne út personifiëarre natoerfenomenen (lykas sinne, tonger, maityd, see, ensfh.), minsklike emoasjes (lykas leafde en jaloerskens) en maatskiplike ferskynsels (lykas oarloch en rjochtfeardichheid).
Etymology As wurd is 'god' fan Germaanske oarsprong, fan it Proto-Germaanske *ǥuđan. Dat giet sels wer werom op it Proto-Yndo-Jeropeeske *ǵhau(ə)-, mei as betsjutting "roppe", "oproppe" of "oanroppe".
Foarstelling fan goaden It leauwen yn it bestean fan goaden komt by de minskheid tige algemien foar, mar kultueren en religyen ferskille yn it tal goaden, de aspekten dêr't de goaden mei ferbûn binne en de ferhâlding tusken de goaden en de minsken. Der bestiet fierders gjin universeel akseptearre konsensus oer wat in god of godheid eins krekt is, mei't ek de ideeën dêroer nei kultuer ferskille. Sa kin de definysje fan it wurd 'god' útinoar rinne fan "ûneinich transendint Opperwêzen dat it hielal skepen hat en deroer hearsket" (God) ta "einich wêzen dat machtiger is as in minske en sizzenskip hat oer in beskaat diel fan 'e natoer" (god).
In god of godheid wurdt yn 'e regel foarsteld as in boppenatuerlik wêzen dat him- of harsels manifestearret yn ideeën en kennis, yn in foarm dy't treflikens blike lit út beskate of alle aspekten, mar mei syn of har eigen emoasjes en winsken. Mar de foarstelling kin ek tige oare foarmen oannimme, lykas yn 'e Upanisjaden, in kategory fan hillige teksten fan it hindoeïsme. Dêryn wurdt atman, de siel, as deva ("godheid") karakterisearre, en wurdt útholden dat dy godheid en it ivige opperste prinsipe Brachma diel útmeitsje fan elts libben wêzen, en dat de siel dêrom sawol spiritueel as godlik is en dat it krijen fan selskennis itselde is as yn 'e kunde kommen mei it godlike.
Kommunikaasje tusken goaden en minsken Kommunikaasje fan minsken mei goaden Gebed In protte leauwenden út in soad religyen binne derfan oertsjûge dat der kommunikaasje mooglik is tusken goaden en minsken. De leauwenden kommunisearje mei harren god troch gebed. Dat is it earbiedige oanroppen fan 'e god, faak op stille wize, mei as doel ornaris ôfsmeking, tanksizzing, bycht of lofpriizging. Guon godstsjinsten kenne ek in mienskiplike, ritualisearre foarm gebed, lykas it kristlike Us Heit of it islamityske ṣalāẗ.
Offerritueel In oare foarm fan kommunikaasje fan minsken mei harren goaden (dy't faak trouwens ek mank giet mei gebed) is it offerritueel, wêrby't eat fan wearde mei opsetsin stikken makke wurdt yn namme fan 'e god. Men kin dan tinke oan in swurd dat yn in hillige poel smiten wurdt, in stik houtfykwurk dat ferbaarnd wurdt, of in stik fee dat slachte wurdt foar in biste-offer. Yn it ferline hiene in protte religyen ek wol minske-offers, wêrby't minsken deamakke waarden.
Kommunikaasje fan goaden mei minsken Iepenbiering Leauwenden binne der ek faak fan oertsjûge dat der kommunikaasje yn 'e oare rjochting bestiet, fan 'e god nei de minsken ta. Yn 'e abrahamityske religyen, lykas it joadendom, it kristendom en de islaam, wurdt dat proses iepenbiering neamd. Leauwenden kinne in persoanlike iepenbiering hawwe, dy't inkeld fan belang is foar harrensels, mar der binne ek iepenbierings dy't rjochte binne oan 'e hiele leauwensmienskip. Dêrby giet it om 'e ivige en absolute wierheden fan God, dy't fan krúsjaal belang binne foar de teology. Sokke mienskipsrjochte iepenbierings rinne fia persoanen mei in spesjale bân mei God, dy't profeten neamd wurde. Foarbylden fan sokke profeten binne Mozes, Elía, Natan, Jehannes de Doper en Mohammed. Yn 'e Yndyske religyen, lykas it hindoeïsme en it boedisme, komme iepenbierings minsken inkeld ta as se der aktyf nei sykje, bygelyks troch meditaasje of yoga. Dêr wurde dejingen dy't mienskipsrjochte iepenbierings krije, gjin profeten, mar goeroes neamd.
Yn heidenske tradysjes en natoerreligyen wurdt kommunikaasje fan goaden nei minsken yn 'e regel sjoen as eat dat direkt en ûnderfiningsrjochte is: it boadskip wurdt streekrjocht trochjûn oan dejinge foar wa't it bedoeld is. Konsepten as 'profeet' en 'iepenbiering' binne yn dy godstsjinsten ûnbekend, alteast yn 'e betsjutting dy't de abrahamityske religyen dêroan jouwe. Wol is it soms mooglik om aktyf om in boadskip fan 'e goaden te freegjen, troch rituelen dy't laat wurde troch sjamanen of medisynlju. Yn it moderne heidendom komt yn 'e wicca in iepenbieringsritueel foar dat drawing down the moon ("it omleechlûken fan 'e moanne") neamd wurdt. Dêrby ropt in hegepreesteresse (of soms in hegepreester) de Trijefâld Goadinne oan en jout dan, nei't men leaut, godlik ynspirearre wurden troch oan 'e leauwensmienskip.
Epifany In oarsoartige foarm fan kommunikaasje tusken goaden en minsken dy't yn heidenske en oare polyteïstyske religyen foarkomt, is de epifany. Dat is de sintúchlike ferskining fan in god of goaden oan ien of mear minsken. Yn 'e Ilias, it Aldgrykske epos skreaun troch Homearus, ferskine de goaden fan it Grykske heidendom oates en toates oan sawol de Griken as de Trojanen, en tilt it sadwaande op fan 'e epifanyen. Tsjin 'e ein fan it wurk wurdt de Trojaanske kening Priamus nei de Grykske skippen brocht troch in kreaze jongfeint dy't himsels op 't lêst bekendmakket as de god Hermes. Ek yn 'e earste boeken fan 'e joadsk-kristlike Bibel komt men soks geregeldwei tsjin. Sa besiket God yn Genesis 18 bygelyks persoanlik de aartsfaar Abraham om 'e ferwoastging fan Sodom en Gomorra oan te sizzen. Yn Genesis 32:23-33 wrakselet Abraham syn pakesizzer Jakob nachts by Pniël mei God yn it wetter fan 'e rivier de Jabbok. En yn Exodus 3 ferskynt God oan 'e profeet Mozes yn 'e foarm fan in toarnbosk dy't yn 'e brân stiet mar dochs net ferbaarnt.
Yn lettere monoteïstyske godstsjinsten wie God fierstente hillich om yn eigen persoan nei de ierde del te kommen om mei minsken om te gean. Ynstee stjoert er dan syn ingels om dat foar him te dwaan. Yn 'e Bibel kin men dy ûntwikkeling goed folgje: by Abraham komt God by wize fan sprekken noch gewoan op 'e kofje, mar mei Mozes kommunisearret er yn 'e foarm fan in boppenatuerlik ferskynsel, dat boppedat sa hillich is dat Mozes oardere wurdt de skuon út te dwaan (Exodus 3:5). Yn it Nije Testamint ferskynt yn Lukas 1 lykwols de aartsingel Gabriël oan sawol Sacharías, de heit fan Jehannes de Doper, as oan 'e Faam Marije, beide kearen om 'e berte fan in soan oan te sizzen. Hoewol't epifanyen yn dy tiid yn it joadendom ûntinkber wurden wiene, gou dat net foar it Grykske heidendom. Dat ferklearret de betizing dy't yn Hannelingen fan 'e Apostels 14:11-18 ûntstiet as de kristlike apostels Paulus en Barnabas yn 'e stêd Lystra, yn Lyts-Aazje, nei it dwaan fan wûndertekens troch de pleatslike befolking foar de goaden Seus en Hermes oansjoen wurde.
Gjin bewiis It bestean fan goaden is wat, dêr't men yn leauwe moat, mei't it net wittenskiplik (empirysk) bewiisd wurde kin. De logika leart dat as bewiisd wurde kin dat der gjin god bestiet, dat ek betsjut dat net bewiisd wurde kin dat der àl in god bestiet. Mar it leart ek dat soks oarsom net jildt: as net bewiisd wurde kin dat der in god bestiet, betsjut dat net dat dêrmei ek bewiisd is dat der gjin god bestiet.
Filosofyen oangeande goaden Teïsme is it leauwen yn it bestean fan ien of mear goaden. Polyteïsme of meargoaderij is it leauwen yn it bestean (en ornaris ek it ferearjen) fan ferskate goaden en goadinnen, dy't yn 'e regel in panteön foarmje dat etnysk bepaald is. Faak binne de ferskillende goaden en goadinnen ferbûn mei beskate natoerfenomenen (tonger en wjerljocht, de sinne, rein, in fulkaan, in rivier, de see, wâlden) emoasjes (leafde, haat, twaspjalt) of maatskiplike ferskynsels (oarloch, dieverij, de jacht, keningskip, dichtkeunst). Sokke goaden en goadinnen kinne beskôge wurde as selsstannige wêzens (yn wier polyteïsme), of as aspekten of emanaasjes fan ien inkele skepper-god of transendint absolút prinsipe (yn monistyske teology). Monolatry is it leauwen yn it bestean fan mear as ien god, mar it ferearjen fan mar ien fan dy goaden. Henoteïsme is it beskôgjen fan alle goaden as ekwifalinte represintaasjes fan ien inkele God. Dualisme is it leauwen yn twa yn macht en posysje min ofte mear gelikense begjinsels (almeast omset yn goaden), dy't ornaris foarinoaroer stean as goed en kwea, mar dy't yn elts gefal ûnôfhinklik faninoar binne. Monoteïsme is it leauwen dat der mar ien godheid bestiet, dy't oantsjut wurdt as God, en ornaris omskreaun wurdt as almachtich, ivich, alwittend, rûnombywêzich en goed. Sa'n God is ferbûn mei alle aspekten fan 'e wrâld en is yn 'e regel de skepper fan alles dat bestiet. Lykwols komme yn monoteïstyske godstsjinsten hast altyd wol deeglik oarders fan boppenatuerlike wêzens foar dy't machtiger as minsken, mar minder machtich as goaden binne, lykas ingels en demoanen. De wichtichtste monoteïstyske godstsjinsten binne de abrahamityske religyen. Deïsme is it leauwen dat God folslein transendint is: God bestiet, mar grypt net yn 'e wrâld yn, útsein wat nedich wie om 'e wrâld te skeppen. Yn dy miening is God net antropomorf, beäntwurdet er gjin gebedens en skinkt er likemin wûnders. Frij algemien komt yn it deïsme it idee foar dat God gjin belangstelling foar de minskheid hat of him sels net iens bewust is fan it bestean fan 'e minskheid. Pandeïsme kombinearret de oarsprong en it doel fan it hielal út it panteïsme mei de filosofy fan it deïsme om te ferklearjen wêrom't God it hielal skepen en it dêrnei yn 'e steek litten hat. Panteïsme is it leauwen dat God it hielal is en dat it hielal God is. Panenteïsme is it leauwen dat God it hielal omfettet, mar net identyk is mei it hielal. Non-teïsme is gjin ôfwizing fan it bestean fan goaden, mar it leauwen dat it bestean fan goaden net nedich is foar it útlizzen fan it bestean fan it hielal, de wrâld en it libben. Foar non-teïsten is de fraach oft goaden besteane dêrom fierhinne yrrelevant. Agnostisisme is it leauwen dat it ûnmooglik is om mei wissichheid te sizzen oft goaden of oare boppenatuerlike wêzens besteane. Guon agnosten beskôgje sokke religieuze bewearings net inkeld as net-witten, mar as ûnwitber. Eatisme is it leauwen dat der 'eat' godliks wêze moat, hoewol't men fierders net wit wat dat krekt is of hoe't it derút sjocht. Ateïsme is it fêste leauwen dat goaden net besteane. It ateïsme wiist yn 'e regel ek in libben nei de dea ôf, wat in oar punt is dat it agnostisme as ûnwitber beskôget.
Goaden yn 'e prehistoarje