Tialda Hoogeveen (Haskerdiken, 8 maaie 1974 ) is in Fryske sjoernalist, skriuwer en dichter. Neist boeken en artikels foar bern en folwoeksenen ferskynden fan har hân ek koarte ferhalen, gedichten en in harkspul. Se skriuwt yn it Nederlânsk en yn it Frysk.kinderboeken.nl oer Tialda Hoogeveen
Oplieding Nei de skieding fan har âlden ferfear se fan Haskerdiken nei De Jouwer.Skriuwster Tialda Hoogeveen en it langstme nei Fryslân in: De Moanne 25 juny 2018 Tialda Hoogeveen begûn al jong te skriuwen. Ik doe wat ik altijd al deed Hûsblêd Wijdemeren, 4 july 2018 Yn de tiid dat se yn Londen in kursus folge wie se au-pair by minsken dy’t wurken as regisseur en as akteur/skriuwer. Fan 1995 oant 2000 studearre se Kommunikaasje oan de Hegeskoalle Inholland. Letter folge se in tal sjoernalistike kursussen oan de Hegeskoalle fan Utert.
Redakteur Ein 2001 waard se redakteur foar de publikaasjes fan de Feriening Natuermonuminten. Tialda Hoogeveen wurket sûnt 2010 foar Fûgelbeskerming Nederlân as redaktrise fan it jeugdmagazine Vogels Junior. Ek wurket se foar de webside fan de Vogelbescherming en skreau se mei oan in kursus 'Tuinvogels herkennen'. Nei't se yn 2013 har earste artikel skreau foar de kuierkrante Te voet, waard se yn 2019 haadredakteur fan dat blêd. Foar útjouwerij ThiemeMeulenhoff skreau se mei oan digitale lessen Natuer en Wittenskip.
Sjoernalist As freelance sjoernalist wurket Hoogeveen sûnt 2015 foar de deiblêden fan HMC, Roots, De Moanne en Noorderland.
Auteur Yn 2005 ferskynde har earste berneboek Winterslaap. It wie it earste boek fan fjouwer dielen oer de seizoenen dy’t útjûn waarden troch de Nederlânske Feriening foar Fjildbiology (KNNV).
Yn Alstublieft mevrouw! Een geschiedenis van de Nederlandse Dienstmeisjes beskreau se de skiednis fan sân Nederlânske tsjinstfamkes. It wie tagelyk in earebetoan oan har beppe dy’t sûnt har fjirtjinde jier as faam wurke hie.De eerlijke dagboeken van een eigenzinnige boer yn: Friesland Post, july 2020
De deiboeken fan de Fryske boer Siebe Peenstra foarmen de haadline foar de beskriuwing fan in lytse iuw boerelibben tusken 1923 en 1984 mei as titel De geur van hooi - hoe het boerenleven in Nederland veranderde.
Har Fryske ferhalen ferskynden yn it jeugdtydskrift LinKk en it Fryske basisskoalletydskrift Tsjek Magazine, letter feroare yn Tsjil. In tal fan har losse gedichten waarden publisearre yn bondels. Sa waard yn 2011 nei oanlieding fan de Turing Nasjonale Gedichtewedstryd Was de was opnommen yn Dansen op de maat van het ogenblik. Foar Tsjek skreau se ek sân gedichten om it tema 'Wat gjinien wit' hinne. Skoalbesites Om bern entûsjast te meitsjen foar boeken, wurden en ferhalen wurket se foar 'De Schoolschrijver' en giet se fia de Schrijverscentrale nei skoallen en biblioteken yn hiel Nederlân. Hoogeveen is Berneboeke-ambassadeur fan 2022 oant mei 2025.
Bibliografy De geur van hooi - hoe het boerenleven in Nederland veranderde (2020); útjouwerij Thomas Rap; ISBN 9789400405769 Het Waterloopbos – ferhalen oer it wetterloopkundich laboratoarium/Hoe't yn de Noardeastpolder in bûtengewoan natoermonumint ûntstie (2017); útjouwerij Blauwdruk; ISBN 978-94-92474-07-0 Tuindieren, natoerrige Verrassend Dichtbij (2016) útjouwerij KNNV; útjouwerij KNNV; ISBN 9789050115858 Alstublieft mevrouw! Een geschiedenis van de Nederlandse dienstmeisjes. (2014) útjouwerij Thomas Rap; ISBN 9789400403499
Jeugdboeken Van oermens tot jou (2024) útjouwerij Ploegsma De jodenvervolging yn de rige: De Tweede Wereldoorlog (2020); útjouwerij Ars Scribendi; ISBN 9789463414913 Oerstoer Over de wolharige mammoet en de rest (2019) útjouwerij Ploegsma; ISBN 9789021679372 Ontmoet Minuscule in je achtertuin (2015) útjouwerij KNNV; ISBN 9789050115438 Egels Onze vriendelijke tuinbezoekers (2011) útjouwerij De Fontein/Tirion; ISBN 9789052108506 Natuur is overal, natoergids (2010); útjouwerij De Fontein/Tirion; ISBN 978 90 5210 8001 seizoenrige Zomerzon (2010), útjouwerij KNNV; ISBN 9789050113267 Winterslaap (2005); útjouwerij KNNV; ISBN 978-90-5011-216-1 Herfstpret , hoe dieren overleven in de herfst (2009); útjouwerij KNNV; ISBN 978-90-5011-297-0 Lentekriebels, hoe dieren kleintjes krijgen (2007); útjouwerij KNNV; ISBN 90 5011 2499 Winterslaap (2005), utjouwerij KNNV; ISBN 978-90-5011-216-1
Ferhalen (kar-út) Koarte ferhalen yn Tsjek en LinKk Myn lân yn de bondel Dj Elle (LinKk) De otterfanger yn de bondel Het grote Helden boek (2011) útjouwerij Callenbach Een koe op een boot, foar de Stichting Omgevingseducatie Gooi, Vecht- en Eemstreek oer it boerelibben yn Kortenhoef en Ankeveen om 1910 hinne. Harkspullen foar it besikerssintrum Natuurmonumenten yn it Noard-Hollânske ’s-Graveland.
Gedichten (ko-auteur) Yn ‘e fierte yn de bondel Nearnewâld bij it jubileum 50 jier Skriuwersboun (2019) It grutte foarlêsboek diel 2 (2019) útjouwerij Afûk ISBN 9789493159150 Oer Rosa (mar mear oer Hinke) yn It grutte foarlêsboek diel 2 Tichterby yn de bondel Minnezinne in moerstaal (2019)Presentatie dichtbundel Minnezinne in Moerstaal 24 mei 2019 En/of God bestaat yn: Er zit een feest in mij (2012); Querido’s poëziespektakel 5 Was de was yn: Dansen op de maat van het ogenblik (2011) útjouwerij Augustus; ISBN 9789045704722
Kategory:Nederlânsk sjoernalist Kategory:Nederlânsk koarte-ferhaleskriuwer Kategory:Nederlânsk berneboekeskriuwer Kategory:Nederlânsk publisist Kategory:Frysk sjoernalist Kategory:Frysk koarte-ferhaleskriuwer Kategory:Frysk berneboekeskriuwer Kategory:Frysk publisist Kategory:Skriuwer yn it Frysk Kategory:Nederlânsk persoan fan Frysk komôf Kategory:Persoan berne yn Haskerdiken Kategory:Persoan berne yn 1974