Kick-Ass is in Amerikaansk-Britske superheldefilm en swarte komeedzje út 2010 ûnder rezjy fan Matthew Vaughn, mei yn 'e haadrollen Aaron Taylor-Johnson en Chloë Grace Moretz, en mei yn 'e wichtichste byrol Nicolas Cage. De film is basearre op 'e stripboekesearje Kick-Ass: The Dave Lizewski Years, fan Mark Millar en John Romita jr., dy't publisearre waard troch Marvel Comics.

It ferhaal giet oer de gewoane teenager Dave Lizewski, dy't it him yn 'e holle hellet om in superheld te wurden. Hy skaft in pak mei gesichtsbedekkende mûtse oan en begjint ûnder de namme 'Kick-Ass' (letterlik: "kontskopper", frij fertaald: "regaadmakker") de misdie yn syn wenplak New York te bestriden. Hy komt yn 'e swierrichheden as er behelle rekket by de striid fan in oare superheld, Big Daddy, en dy syn alvejierrige dochter Hit-Girl, om maffiabaas Frank D'Amico út te skeakeljen.

Kick-Ass soarge yn 'e Feriene Steaten foar opskuor fanwegen geweld en obseen taalgebrûk (benammen troch de alvejierrige Hit-Girl). Nettsjinsteande dat krige de film oer it algemien positive resinsjes fan 'e filmkritisy, en ek waard it in kommersjeel súkses. Kick-Ass wûn yn 2011 de Britske Empire Award foar bêste film. Yn 2013 ferskynde in ferfolchfilm, Kick-Ass 2.

Plot Dave Lizewski is in gewoane teenager dy't wennet yn 'e New Yorkske borough Staten Island. Dêrta ynspirearre troch syn leafde foar stripboeken, dreamt er derfan om in echte superheld te wurden. Hy keapet in wetsuit foar snorkeljen, dat er oanpast sadat it in masker hat, en dêr't er in pear kneppels oan tafoeget, dy't er op 'e rêch draacht. Hy betinkt foar himsels it alter ego Kick-Ass, in superheld dy't de misdie bestriidt. As er de earste kear sa de stêd yn giet, siket er in pear dieven op dy't him en syn maten alris berôve hawwe. Hy giet it gefjocht mei de beide mannen oan, mar syn plan om it rjocht yn eigen hân te nimmen, rint út op in fiasko as ien fan 'e mannen in mês lûkt en him delstekt. Nei't de dieven fan rutens spile hawwe, komt Dave swierferwûne oerein en strompelet de strjitte op, dêr't er oanriden wurdt troch in auto dy't trochriidt. Nei't er fûn is troch foarbygongers, wurdt er nei it sikehûs brocht. Syn bonken binne sa ferbrizele, dat der hast oeral yn syn lichem metalene platen oanbrocht wurde moatte. Ek binne syn senuwen skansearre rekke, mei as gefolch dat er tenei minder goed pine fiele kin.

As Dave, nei't er oer in perioade fan ferskate moannen opbettere is, werom komt op syn middelbere skoalle, ûntdekt er dat dêr geroften geane dat er homo is. Dy wurde feroarsake troch it feit dat de ferpleechkundigen yn 'e ambulânse him it wetsuit fan 'e hûd knipt, en op syn eigen driuwend fersyk fuortsmiten hawwe, sadat er neaken yn it sikehûs oankaam. Fan gefolgen wol Katie Deauxma, it famke dêr't er al tiden smoarfereale op is, no freonskip mei him slute, om't se altyd al in homo-freon hawwe wollen hat. Dave is net botte gelokkich mei it misferstân, mar op oanrieden fan syn maten Marty en Todd spilet er it spultsje mei sadat er fan 'e kâns profitearje kin om tiid mei Katie troch te bringen.

Dave keapet in nij wetsuit dat er op deselde wize oanpast en giet wer as Kick-Ass de stêd yn. Nei in ferbiten fjochtpartij jaget er fjouwer bindeleden op 'e flecht dy't in jongeman yninoar oan it skoppen wiene. As dêrfan in troch in omstanner opnommen fideo op it ynternet pleatst wurdt, rekket Kick-Ass berucht. Dave begjint dan op it sosjale medium MySpace in side foar Kick-Ass, dêr't lju dy't ferlet hawwe fan syn help him berikke kinne. As er it mei Katie oer dy superheld Kick-Ass hat, dêr't eltsenien oer praat, bychtet se op dat sy eins ek in probleemke hat dêr't se wol de help fan in superheld foar brûke kin. Dave trunet har oan om kontakt mei Kick-Ass op te nimmen en is alhiel yn 'e wolkens as se dat ek wier-wier docht.

Har 'probleemke' blykt lykwols in serieuze swierrichheid te wêzen: Katie, dy't as frijwillichster wurket by in programma dat help ferlient oan drugsferslaafden, wurdt stalkt troch de drugsdealer Rasul. Likegoed set Dave, ferklaaid as Kick-Ass, nei Rasul syn appartemint ta, dêr't er de man moannet om Katie gewurde te litten. Rasul lit him soks net sizze en by de fjochtpartij dy't folget, ferliest Dave al rillegau de slach fan Rasul en syn trewanten. As er yninoar slein en warleas op 'e flier leit, wol Rasul him deasjitte, mar ear't dat derfan komme kin, wurdt er sels deade troch in oare kostumearre superheld, in lyts famke dat harsels Hit-Girl neamd, en dat foar Dave syn feralterearre eagen al Rasul syn trewanten ien foar ien op ûnmeilydsume wize ôfslachtet. As se op it lêst ûngemurken fan efteren oanfallen wurdt en sels deade driget te wurden, wurdt de lêste fan Rasul syn trewanten deasketten troch har heit, de superheld Big Daddy, dy't mei in skerpskuttersgewear op it dak fan it oanbuorjende gebou leit. Neitiid stelle Big Daddy en Hit-Girl al it jild fan 'e drugsdealers en jouwe harren ôf. Dave giet nei hûs yn it besef dat er earne by belutsen rekke is dat syn kinnen fier te boppe giet. Hy lit yn him omgean om mar op te hâlden mei it superheldebestean, mar Hit-Girl en Big Daddy spoare him thús op en fiterje him oan om troch te gean.

De wiere namme fan Big Daddy is Damon Macready. Hy wie foarhinne in earlike, hurd wurkjende plysjeman, dy't in bytsje té iverich wie foar de smaak fan maffiabaas Frank D'Amico. Dy liet falsk bewiismateriaal pleatse sadat it liek as wie Macready korrupt, en fan gefolgen waard er oppakt en siet er fiif jier yn it tichthús. Yn dy tiid begie syn frou, dy't op alle dagen rûn, selsmoard. Se waard fûn en nei it sikehûs brocht, en hoewol't de dokters har net rêde koene, slagge it harren wol om har poppe te rêden, in famke dat de namme Mindy krige. Dy wie de earste fiif jier fan har libben op 'e noed fan plysjeman Marcus Williams, de eardere partner fan Macready. Nei't er frijkommen wie, naam Macready it alter ego Big Daddy oan en begûn er, tsjin 'e beswieren fan Marcus yn, himsels en Mindy te trainen om wraak te nimmen op D'Amico, dy't er de skuld joech fan net inkeld de ein fan syn eigen karriêre, mar ek fan 'e dea fan syn frou. De lêste moannen binne Big Daddy en Hit-Girl begûn om harren plan yn 'e praktyk te bringen, wêrby't se oerfallen útfiere op drugshuzen fan D'Amico syn organisaasje, dêr't se de drugs ferneatigje en it oanwêzige jild stelle.

D'Amico mient lykwols dat Kick-Ass dejinge is dy't him oanhâldend dwers sit, en jout opdracht om him op te spoaren, sadat er him fermoardzje litte kin. As er op 'e strjitte sels in akteur yn in Kick-Ass-kostúm tsjinkomt, mient er dat er syn pleachgeast fûn hat, en sjit er him eigenhandich dea. Syn argewaasje is grut as er neitiid fernimt dat it de wiere Kick-Ass hielendal net wie. D'Amico syn soan Chris riedt in oare taktyk oan: superhelden fertrouwen inkeld oare superhelden mei harren wiere identiteit, dat hy mjit himsels op kosten fan syn heit it alter ego Red Mist oan, nimt kontakt op mei Kick-Ass fia dy syn webside en slút sabeare freonskip mei him. It is de bedoeling dat Red Mist Kick-Ass meilokje sil nei in pakhûs fan D'Amico, dêr't in stik as tsien fan D'Amico syn trewanten harren opwachtsje om him te deadzjen. As se dêr arrivearje, treffe se D'Amico syn mannen lykwols dea en it pakhûs yn flammen oan. Red Mist wit noch de ferburgen kamera út it gebou te rêden dy't er dêr pleatst hie om 'e dea fan Kick-Ass op te nimmen, en as er de bylden oan syn heit sjen lit, docht bliken dat it Big Daddy is dy't de kriminelen fermoarde en it pakhûs yn 'e brân stutsen hat.

Underwilens beslút Dave om op te hâlden mei Kick-Ass te wêzen, nei't er noch ien 'misje' útfierd hat. Hy kringt ferklaaid as Kick-Ass de keamer fan Katie binnen, en makket himsels oan har bekend. Tagelyk bychtet er op dat er beslist gjin homo is. Katie ferjout him foar syn bedragerij; se hawwe seksuële omgong en krije in relaasje. Dave, dy't no foar it earst yn tiden it gefoel hat dat er wat te ferliezen hat, beslút it hiele Kick-Ass-barren efter him te litten, ek al om't Katie dêr by him op oanstiet. As Red Mist wer kontakt mei him opnimt, en seit dat er djip yn 'e swierrichheden sit, lûkt er noch ien kear it Kick Ass-pak oan. Red Mist manipulearret Dave om 'e lokaasje fan Big Daddy en Hit-Girl te ferrieden troch derop om te praten dat er de rie fan in âldere, wizere superheld nedich is. As Dave him meinimt nei ien fan 'e ûnderdûkadressen fan Big Daddy, wurde se lykwols folge troch in auto mei mannen fan D'Amico. Op it plak fan bestimming oankommen, sjit Red Mist Hit-Girl del, dy't út in finster falt. Dêrop oerweldigje de trewanten fan D'Amico sawol Big Daddy as Kick-Ass.

D'Amico bewurkmasteret in live-útstjoering oer it ynternet, wêryn't syn mannen de beide finzennommen superhelden martelje en fermoardzje sille. Wylst Kick-Ass en Big Daddy hielendal yninoar slein wurde wylst se fêstbûn op in pear stuollen sitte, kringt Hit-Girl, dy't de kûgels fan Red Mist oerlibbe hat om't se altyd in kûgelfrij fest draacht, it skûlplak fan 'e kriminelen binnen, en fermoardet se allegear live yn 'e útstjoering. Under it gefjocht slagget it D'Amico syn mannen lykwols om 'e stoel fan Big Daddy yn 'e brân te stekken, sadat er libben ferbrând. Nei ôfrin fan it gefjocht nimt Mindy ôfskie fan har heit as dy oan syn ferwûnings beswykt.

Hit-Girl wol no foar iens en foar altyd mei Frank D'Amico ôfweve, en Kick-Ass beslút, nei eefkes wifele te hawwen, om har te helpen. Hit-Girl kringt it haadkertier fan D'Amico binnen, dêr't se al syn mannen deadet dy't se tsjinkomt, foar't se op in stuit sûnder munysje yn it nau komt te sitten. De kriminelen, dy't tsjin dy tiid goed ôfleard hawwe om by har yn 'e buert te kommen, en dy't boppedat gjin inkeld risiko mear nimme wolle dat se harren oanfal oerlibje kin, helje in bazooka foar it ljocht om har mei op te blazen. Krekt op dat stuit ferskynt Kick-Ass bûten foar it rút fan flatgebou, mei in jetpack om en grutte masinegewearen mei rotearjende lopen op 'e skouders. Hy deadet dêrmei de oerbleaune kriminelen.

Dêrnei gean Kick-Ass en Hit-Girl it gefjocht oan mei D'Amico en Red Mist. Kick-Ass en Red Mist binne oaninoar weage en harren gefjocht einiget dermei dat inoar tagelyk bewusteleas slane. Underwilens wurdt D'Amico nei in wyld gefjocht de sa stadichoan útputte Hit-Girl oermânsk. Hy wol har deasjitte, mar ear't er dat dwaan kin, wurdt er ûnderbrutsen troch Kick-Ass, dy't wer bykommen is. Dy deadet him troch him mei de bazooka, dy't er opkrigen hat, út it finster te blazen. Neitiid beslute Dave en Mindy om it superheldebestean deroan te jaan. Marcus kriget fâdij oer Mindy en skriuwt har yn op deselde skoalle dêr't Dave ek hinne giet. Underwilens riedt Chris D'Amico himsels ta om wraak op harren te nimmen.

Rolferdieling

haadrollen personaazje                        akteur/aktrise Dave Lizewski / Kick-Ass Aaron Taylor-Johnson Mindy Macready / Hit-Girl Chloë Grace Moretz

byrollen personaazje akteur/aktrise Damon Macready / Big Daddy Nicolas Cage Frank D'Amico Mark Strong Chris D'Amico / Red Mist Christopher Mintz-Plasse Katie Deauxma Lyndsy Fonseca Marty Eisenberg Clark Duke Todd Haynes Evan Peters Erika Cho Sophie Wu brigadier Marcus Williams Omari Hardwick grouwe liifwacht fan Frank D'Amico Stu Riley Big Joe Michael Rispoli Cody Dexter Fletcher maffialid yn lobby Jason Flemyng resjersjeur Gigante Xander Berkeley Rasul Kofi Natei sportyf maffialid Corey Johnson readhierrich maffialid Adrian Martinez froulike junkie Katrena Rochell Leroy Omar Soriano heit Lizewski Garrett M. Brown mem Lizewski Elizabeth McGovern (cameo) Angie D'Amico Yancy Butler frou Zane Deborah Twiss himsels Craig Ferguson himsels Maurice DuBois harsels Dana Tyler

Produksje