Syds Wiersma (Grou, 1963) is in Fryske dichter. Wiersma neamt himsels in mystyk dichter. Aginda 28-10-17: Dichter bij de dood op ensfh.nl De dea, de nacht en Ljouwert binne weromkommende tema’s yn syn poezy. Boarnen fan ynspiraasje binne lânskip, leafde, leauwen en de betsjutting fan it skriuwen sels.Frysk & Frij Hy wurket sûnt 2012 as koördinator by it Frysk Film Argyf yn Ljouwert.
Syds Wiersma is hikke en tein yn Grou. Nei de middelbere skoalle studearre er in skoftke oan de universiteit fan Wageningen. Dêr sleat er him oan by inkele jonge dichters en begûn er mei it skriuwen fan Fryske poëzy. Fan 2009 oant 2011 wie hy meiwurker oan de Waddenacademie dêr’t er wurke oan in projekt dat waadargiven en histoarysk kaartemateriaal yn gearwurking mei Tresoar ûntslút.
Hjir Yn 1987 debutearre hy yn literêr tydskrift Hjir <ref>'Hjir, 1987, nûmer 5</ref> mei de fersen 'Alde Slinke' en 'Fryslân op syn iepenst'. Syds Wiersma publisearre dêrnei yn ûnderskate tydskriften. Fan 1990 oant en mei 1994 makke Wiersma diel út fan de redaksje fan Hjir. Hy publisearre dêrnjonken fersen yn Fersefariaasje, jongereinblêd Sjederrr!!! en yn de Fryske Skriuwerskalinder. Nei it ferskinen fan syn earste poezybondel Alles wat ik net betinke woe yn 1992 joech er de brui oan it dichtsjen en bleau it stil.
Nei in tal reizen troch Súd-Europa sleat er him as net-tsjerklike oan by de roomske tsjerke. Yn 2003 studearre hy ôf oan de Katholieke Universiteit Utert. Hy bestudearre de godtsjinstdebatten tusken joaden en kristenen yn de trettjinde ieu yn Spanje en it opkommend anty-judaïsme dêr. Byldrike ympresjes mei foarmferlet yn: Frysk Deiblêd, 15 oktober 2016, side 22 Yn 2015 promovearre Wiersma oan de Universiteit fan Tilburg op it proefskrift Pearls in a Dunghill. The anti-Jewish writings of Raymond Martin o.p. (ca. 1220 – ca. 1285). Pas nei syn stúdzje publisearre hy wer poezy. Nei in tal losse fersen ferskynde yn 2016 by útjouwerij Hispel syn twadde bondel Raffelwjok, mei âlder en ek mear resint wurk oer tema's as lânskip en leafde, besteande út koartrigelige fersen. Yn 2017 ferskynde Twintig liefdes een Saudade / Tweintich leafdes in Saudade, basearre op in bondel fan Pablo Neruda.
Yn 2019 folge Lân sûnder ljurk, in ôfwikseljende bondel mei fersen fan de lêste trije jier yn in ferskaat oan fersfoarmen. afûk.nl
Wurk
Poëzy 2019 - Lân sûnder ljurk ISBN 9789074516334 2018 - It leafst bin ik in fûgel (ko-auteur) 2017 - Twintig liefdes een Saudade / Tweintich leafdes in Saudade ISBN 978-90-8566-049-1 2016 - Raffelwjok’’, bondel mei âlder en nijer wurk oer tema's as lânskip en leafde, besteande út koartrigelige fersen ISBN 9789074516211 1992 - Alles wat ik net betinke woe ISBN 9789065702364
Prizen 2020 - Rely Jorritsmapriis foar it fers It famke 2020 - De put, in skriuwwedstryd fan Tresoar mei it tema 'Wat betsjut frijheid foar ús'
Kategory:Frysk dichter Kategory:Skriuwer yn it Frysk Kategory:Persoan berne yn Grou Kategory:Persoan berne yn 1963