Rients Feikes de Boer (Wolsum, 17 april 1869 - Amsterdam, 20 july 1951) wie in Nederlânsk boer en politikus.
Libben en wurk De Boer wie in Grinslanner lânbouwer, dy't yn 1922 as twadde fertsjintwurdiger út namme fan de Plattelandersbond yn de Twadde Keamer fan de Steaten-Generaal kaam. Hy hie mear gefoel foar styl as syn frijwat ûnbeheinde fraksjegenoat Arend Braat en krige dêrom konflikten mei him. Hy gie sadwaande de ferkiezingen fan 1925 yn mei in eigen list. Ek wie er fan 1923 oant 1927 lid fan de Provinsjale Steaten fan Grinslân.
Hy wie de heit fan de eardere Amsterdamske boargemaster Feike de Boer.
Kategory:Nederlânsk boer Kategory:Nederlânsk politikus Kategory:Twadde Keamerlid Kategory:Grinslânsk persoan Kategory:Nederlânsk persoan fan Frysk komôf Kategory:Persoan berne yn Wolsum Kategory:Persoan berne yn 1869 Kategory:Persoan stoarn yn 1951