Wynread is in kleur dy't yn 'e regel beskôge wurdt as in dûnkere tint fan read. It kin ek omskreaun wurde as in pearzich read. De namme ferwiist nei wyn, dêr't dizze kleur fan ôflaat is. It ierst dokumintearre gebrûk fan 'wynread' as kleuroantsjutting datearret (yn 'e Ingelske foarm wine) fan 1705. Wynread wurdt faak betize mei bordeauxread, dat lykwols in oare readtint is.
Kleurtechnyk By additive kleurminging (bgl. op tillefyzjes en kompjûterskermen) is wynread in tertiêre kleur, dy't oanmakke wurdt troch ferminging fan alle trije primêre kleuren (read, blau en grien). By subtraktive kleurminging (bgl. yn 'e druktechnyk) is it ek in tertiêre kleur, dy't yn teory produsearre wurdt troch it fermingen fan 'e primêre kleuren syaan, maginta en giel. Yn 'e praktyk wurdt lykwols swart tafoege yn it stee fan syaan, om't dat bettere resultaten jout.
Besibbe tinten wynread #722F37 claretread #7F1734 boergonje #800020 bordeauxread #800000 wyngrom #673147
Sjoch ek read bordeauxread
Kategory:Kleur Kategory:Wyn (drank)