Bordeauxread of koartwei bordeaux is in kleur dy't yn 'e regel beskôge wurdt as in tint fan read. It kin omskreaun wurde as in dûnkere read-pearzige of read-brunige kleur. Bordeauxread is de komplemintêre kleur fan grienblau. De namme ferwiist nei de kleur fan bordeaux, in wynsoarte dy't yn 'e omkriten fan 'e Frânske stêd Bordeaux produsearre wurdt. Bordeauxread wurdt faak betize mei wynread, mar dat is eins in oare readtint.
Yn oare talen Yn it Ingelsk en in protte oare Westerske talen wurdt bordeauxread oantsjut maroon (Ingelsk), marron (Frânsk), marrone (Italjaansk), maroen (Afrikaansk), ensfh. Dy nammen komme fan it Frânske wurd marron, dat yn earste ynstânsje "kastanje" betsjut. De kleur ferwiist dan nei de dûnkerreade kleur fan kastanjes. Yn it Frysk en Nederlânsk is kastanje, ek bekend as kastanjebrún, lykwols in oare kleur.
Kleurtechnyk By additive kleurminging (bgl. op tillefyzjes en kompjûterskermen) kriget men bordeauxread troch de helderheid fan 'e primêre kleur read mei likernôch de helte ôf te swakjen. By subtraktive kleurminging (bgl. yn 'e druktechnyk) is bordeauxread in tertiêre kleur, dy't yn teory produsearre wurdt troch it fermingen fan 'e primêre kleuren syaan, maginta en giel. Yn 'e praktyk wurdt lykwols swart tafoege yn it stee fan syaan, om't dat bettere resultaten jout.
Besibbe tinten bordeauxread #800000 boergonje #800020 claretread #7F1734 dûnkerread #8B0000 kastanjebrún #954535 ljochtbordeaux #C32148 ryk bordeauxread #B03060 wynread #722F37
Sjoch ek read wynread
Kategory:Kleur