De Gallipolikampanje, ek bekend as de Gallipolifjildtocht, de Slach om Gallipoli of de Slach om de Dardanellen, en yn Turkije as de Slach by Çanakkale (Turksk: Çanakkale Savaşı), wie in fjildtocht yn 'e Earste Wrâldoarloch, wêrby't de Westlike Alliëarden de trochfeart troch de see-ingten fan 'e Dardanellen en de Bosporus besochten te forsearjen om harren bûnsgenoat, it Keizerryk Ruslân, befoarriedzje te kinnen. Beide see-ingten wiene yn 'e hannen fan it Osmaanske Ryk, dat in Sintrale macht en in bûnsgenoat fan Dútslân wie. Troepen út it Feriene Keninkryk, Frankryk, Austraalje, Nij-Seelân, Britsk-Ynje en Nijfûnlân giene fan april 1915 ôf oan lân op it skiereilân Gallipoli, oan 'e kust fan 'e Dardanellen.

Harren bedoeling wie om it skiereilân op te marsjearjen en by de kust fan 'e See fan Marmara lâns nei de Osmaanske haadstêd Konstantinopel, dy't de Bosporus behearske. De ferovering fan Konstantinopel soe net inkeld de befoarrieding fan Ruslân folle makliker meitsje, mar ek de Sintralen in swiere slach tabringe. De Osmaanske ferdigening fan Gallipoli wie lykwols in stik taaier as de Alliëarden ferwachte hiene. De Alliëarde troepen kamen fêst te sitten yn brêgehaden oan 'e kust fan it skiereilân, dêr't him in útsichtsleaze rinfuorgestriid ûntjoech. Nei hast in jier fan nutteleas bloedferjitten waarden de Alliëarde troepen út Gallipoli evakuëarre; tsjin dy tiid wiene der yn 'e striid yn totaal 113.000 deaden fallen.

De Gallipolikampanje foarme in pynlike nederlaach foar de Alliëarden en yn it bysûnder foar de Britske minister fan Marine Winston Churchill, út waans koker it plan foar de fjildtocht kommen wie. Foar it Osmaanske Ryk wie it in grutte oerwinning, dy't de reputaasje makke fan 'e Osmaanske generaal Mustafa Kemal (letter de earste presidint fan Turkije) en de basis foarme foar de lettere Turkske Unôfhinklikheidsoarloch. De Gallipolikampanje wurdt ek beskôge as it oanbegjin fan it nasjonaal bewustwêzen fan Austraalje en Nij-Seelân. It ANZAC (Australian and New Zealand Army Corps) litte yn 'e striid om Gallipoli swiere ferliezen, dy't yn 'e beide lannen noch altyd elts jier betocht wurde op ANZAC Day.

Foarskiednis Tsjin ein 1914, fiif moannen nei it útbrekken fan 'e Earste Wrâldoarloch, rûnen de rinfuorgen oan it Westfront al bochtsjend fan 'e kust fan It Kanaal nei de Switserske grins ta en wie it karakter dy't de striid dêre yn 'e kommende jierren oannimme soe, aaklik dúdlik wurden. Underwilens wiene oan it Eastfront de legers fan it Keizerryk Ruslân nei harren ynfal yn East-Prusen weromslein troch de Dútsers. Nearne wie it ien fan 'e oarlochfierende lannen slagge om sels mar syn earste gefjochtsdoelen te berikken. Sadwaande begûnen om dy tiid hinne Winston Churchill, de Britske minister fan Marine (First Lord of the Admiralty), Jackie Fisher, de sjef fan 'e marinestêf (First Sea Lord), David Lloyd George, de minister fan Finânsjes, en sir Maurice Hankey, de sekretaris fan 'e Britske Oarlochsried, út te sjen nei in oar gebiet om troepen yn te setten en in trochbraak te forsearjen.

It idee foar in wraam op Konstantinopel en de see-ingten dy't tagong joegen ta de Swarte See, kaam út 'e koker fan Churchill. Al by de earste gearkomste fan 'e Oarlochsried, op 25 novimber 1914, kaam er dêrmei op 'e lapen. Op dat stuit wie it wichtichste doel fan dy oanfal om 'e Dútske slachkruser SMS Goeben en lichte kruser SMS Breslau te ferneatigjen. Dy beide marineskippen wiene koart nei it útbrekken fan 'e oarloch op 'e Middellânske See ûntkommen oan 'e Britske marine-eskaders dy't útstjoerd wiene fan 'e Britske koloanje Malta, troch beskûl te sykjen yn 'e haven fan Konstantinopel. Dy kwestje hie de beslissende faktor west yn it beslútfoarmingsproses fan it Osmaanske regear om yn 'e oarloch de kant fan Dútslân en Eastenryk-Hongarije te kiezen. Churchill syn foarstel waard troch de oare leden fan 'e Oarlochsried ôfwiisd, mar it idee wie yn 'e hollen fan 'e Britske regearingslieders plante.

Doe't letter, ta argewaasje fan it Britske regear, dúdlik waard dat de striid oan it Westfront in wiidweidige kwestje wurde soe, wylst Ruslân in driuwend fersyk om help stjoerde nei't in Osmaansk leger fia de Kaukasus it lân binnenkrongen wie, helle Churchill fuortendaliks syn eardere plan wer foar 't ljocht. (Tsjin 'e tiid dat de saak yn 'e Britske Oarlochsried besprutsen waard, wie it Osmaanske leger yn 'e Kaukasus al lang en breed troch de Russen ferslein, mar dat waard pas folle letter yn Londen bekend.) Behalven it ûntlêstjen fan 'e druk op harren Russyske bûnsgenoaten hie it foarstel fan Churchill noch ferskate oare foardielen. It Osmaanske Ryk behearske de beide see-ingten dy't tagong joegen ta de Swarte See, ntl. de Dardanellen (fan 'e Egeyske See nei de See fan Marmara) en de Bosporus (fan 'e See fan Marmara nei de Swarte See). As dy see-ingten forsearre wurde koene, soe einlings Ruslân út it Westen wei befoarriede wurde kinne. Oant no ta rûnen alle befoarriedingslinen fia Archangelsk, in havenstêd oan 'e kust fan 'e Wite See, yn it uterste noarden fan Jeropeesk-Ruslân, of fia de Sibearyske havens oan 'e See fan Ochotsk, yn it Fiere Easten fan Ruslân. Sawol de Wite See as de See fan Ochotsk frearen by 't winter ticht, sadat de befoarrieding fan Ruslân de helte fan it jier stil kaam te lizzen. Fierders soe troch de ferovering fan 'e Osmaanske haadstêd Konstantinopel, oan 'e Bosporus, it Osmaanske Ryk in slimme slach tabrocht wurde, sadat mooglik de Dútske ynfloed yn Jeropa út it súdeasten wei oprôle wurde koe.

Churchill sette krigel útein en wûn fia de tillegraaf by de Britske admiraal Sackville Carden, dy't it befel fierde oer it Alliëarde eskader dat de westlike útein fan 'e Dardanellen blokkearre, advys yn oer de mooglikheden foar in marine-oanfal op 'e Dardanellen. Carden antwurde hoeden dat in soarchfâldich opboude oanfal wolris súksesfol wêze koe. Dêrop krige er de opdracht dêr plannen foar te meitsjen, dy't Churchill neitiid foarlei oan 'e Oarlochsried. Dat Churchill syn direkte ûnderhearrigen op 'e Britske Admiraliteit slim yn noed sieten oer de faasje fan harren minister, krige de Oarlochsried neat oer te hearren. Churchill, dy't in kundich orator wie, hold in knaphandich opstelde en opwinende taspraak, mei as gefolch dat de oare leden fan 'e Oarlochsried op 15 jannewaris 1915 akkoart giene mei syn plannen foar "in maritime ekspedysje om yn febrewaris it skiereilân Gallipoli te besjitten en besetten mei as gefjochtsdoel Konstantinopel." Churchill tocht dat dêrmei de kûgel troch de tsjerke wie, mar premier H.H. Asquith beskôge it noch mar as in foarriedich beslút.

Underwilens rekke sjef fan 'e marinestêf Fisher sa stadichoan tige ûngerêst oer Churchill syn plannen. Want it wie mar de fraach oft de Britske Keninklike Marine wol genôch mankrêft en skippen hie om 'e plannen yn 'e praktyk te bringen. Boppedat waard it forsearjen fan 'e Dardanellen troch de marine al langer as in tige nuodlike operaasje sjoen. Churchill sels hie yn 1911 dêr noch oer skreaun dat "nimmen in moderne float oan sa'n gefaar bleatstelle wolle soe." Troch de (beheinde) útwurking fan Dútske artillerybesjittings op Belgyske fêstingwurken yn 'e simmer fan 1914 wied er lykwols fan gedachten feroare. Hy betwifele no sterk oft de ûnhandich opstelde en mei ferâldere materieel tariste Osmaanske kustbatterijen by de Dardanellen de Britske float wol neamensweardige skea tabringe koene. It wie in leechlizzen en dêrmei ûnderskatten fan 'e Osmaanske militêre kapasiteit dy't de hiele Gallipolikampanje parten spylje soe. Hoe dan ek, de beswieren fan 'e Britske admiraals waarden negearre, en Fisher besleat om him hold stil te hâlden. Sadwaande wie de wei frij foar Churchill om Carden te oarderjen en begjin mei de tarieding foar de oanfal.

Sterkte Foar de Gallipolikampanje waard troch it Feriene Keninkryk de Mediterrane Ekspedysjemacht ynset, in leger dat yn 't earstoan bestie út 78.000 man, ûnder lieding fan generaal Ian Hamilton. Behalven Britske troepen (benammen de Britske 29e Difyzje) hearden dêr ek legerûnderdielen út Britsk-Ynje ta en teffens it ANZAC (Australian and New Zealand Army Corps) dat koarte tiid earder yn Egypte gearstald wie út Australyske en Nijseelânske soldaten. Frankryk sette ûnderwilens syn Ekspedysjekorps fan de Oriïnt yn.

Mei-inoar bestie de Alliëarde striidmacht yn 't earstoan út 5 difyzjes, mar groeide letter út ta 15 difyzjes. Uteinlik soene der 489.000 Alliëarde militêren by Gallipoli fjochtsje, wêrûnder 329.000 Britten, 79.000 Frânsen, 50.000 Austraaljers, 15.000 Nijseelanners, 15.000 Britsk-Ynjers en 1.076 Nijfûnlanners fan it Keninklik Nijfûnlânsk Rezjimint (dat yndield wie by de Britske 29e Difyzje). De Mediterrane Ekspedysjemacht waard ûnderstipe troch 2.000 net-militêre arbeiders fan it Egyptysk Arbeiderskorps, it Malteesk Arbeiderskorps en it Sion Mûldierkorps (in ûnderdiel fan it Joadske Legioen). Foar de Alliëarden oer stie it Osmaanske 5e Leger, dat yn 't earstoan bestie út 6, mar úteinlik út 16 difyzjes, fan yn totaal 315.500 man. De Osmanen waarden ûnderstipe troch de Dútske Militêre Misje yn it Osmaanske Ryk, besteande út sa'n 700 Dútske ofsieren.

De kampanje Oarlochshannelings op see Churchill wist de Britske 29e Difyzje los te krijen fan 'e Britske minister fan Oarloch, Herbert Kitchener. Dat legerûnderdiel woed er lykwols oarspronklik net ynsette foar de Gallipolikampanje, mar as besettingsmacht foar Konstantinopel, nei't dy stêd ferovere wie. Kitchener makke dan ek gjin haast en sei pas op 10 maart ta om 'e difyzje te stjoeren. Underwilens waarden de Britske, Australyske en Nijseelânske troepen yn Egypte taret op 'e ynvaazje, en sette admiraal Carden op 17 febrewaris syn marine-oanfal yn. It koste him net in protte muoite om ôf te weven mei de bûtenste ring fan 'e Osmaanske kustbatterijen, by Seddülbahir, op 'e súdwestlike útein fan it Gallipoliskiereilân, en by Kum Kale, op it foaroerlizzende punt oan 'e kust fan Lyts-Aazje. Nei in besjitting fan see ôf troch de Britske marineskippen waarden tydlik leden fan 'e Keninklike Mariniers oan lân set dy't de ferwoastging fan 'e batterijen foltôgen.

De swierrichheden foar de Alliëarden begûnen lykwols doe't de float fan Carden de Dardanellen binnenfear. Se krigen doe mei de middelste en binnenste ringen fan ferdigeningswurken te meitsjen, dy't bestiene út mobile batterijen. Dy wiene sa licht dat se inkeld gefaarlik wiene foar licht bepânsere en ûnbepânsere skippen. It die lykwols bliken dat de Osmanen de trochgong troch de Dardanellen tichtset hiene troch de oanlis fan minefjilden. De 'minefeiers' fan 'e Britske marine bestiene doedestiden út fiskersboaten fan 'e Ingelske eastkust, dy't bemanne wiene mei boargers ûnder lieding fan ien marine-ofsier. Se hiene alhielendal gjin ûnderfining mei it opromjen fan seeminen en koene mar amper tsjin 'e sterke seestreaming yn 'e see-ingte opkomme. Boppedat moasten se operearje ûnder fijannich fjoer dêr't de fiskersboaten wól gefaar fan rûnen, en yn omstannichheden dy't de bemannings folslein frjemd wiene. De operaasje rûn sadwaande út op in fiasko.

Carden besleat dêrop om earste de mobile kustbatterijen út te skeakeljen, sadat de minefeiers sûnder behindering harren wurk ferfetsje koene. Oan 'e foarjûn fan 'e oanfal waard er lykwols út syn posysje ûntheft en ferfongen troch skout-by-nacht John de Robeck. Dyselde besocht Carden syn plannen út te fieren, mar it ûntbriek him oan mankrêft en materieel. Mei útsûndering fan it gloednije slachskip de HMS Queen Elizabeth wiene al syn skippen âld en foar it measte part driuwend ta oan rûtinereparaasjes. It peil fan 'e marine-ofsieren fan it eskader rûn sterk útinoar. Op 18 maart die De Robeck in wraam op 'e kustbatterijen fan 'e Dardanellen, mar dat rûn út op in ramp doe't trije fan syn njoggen slachskippen ta sinken brocht waarden.

Tarieding foar de striid op lân