Rocky, soms mei weromwurkjende krêft Rocky I neamd, is in Amerikaansk sportdrama út 1976 ûnder rezjy fan John G. Avildsen, mei yn 'e haadrollen Sylvester Stallone en Talia Shire. De film waard makke nei in senario dat troch Stallone sels skreaun wie. It ferhaal giet oer Rocky Balboa, in goedhertige bokser út in folksbuert yn Philadelphia, dy't nea folle ûnderwiis genoaten hat, mar ûnferwachts de kâns kriget om as bokser troch te brekken. Rocky waard makke foar $1,2 miljoen, mar woeks yn 'e bioskopen út ta de meast opbringende film fan 1976. De filmkritisy swaaiden de film rûnom lof ta, en Rocky wûn yn 1977 trije Oscars, wêrûnder de Oscar foar Bêste Film, en dêropta ek de Golden Globe foar Bêste Film – Drama. De film makke de karriêre fan Sylvester Stallone. Yn 2006 waard er troch de Library of Congress útornearre om preservearre te wurden yn it Amerikaanske National Film Registry. Rocky wurdt tsjintwurdich beskôge as in wiere klassiker, en is neffens it Amerikaansk Film Ynstitút de op ien nei bêste sportfilm ea makke. It súkses fan Rocky late ta de Rocky-filmsearje, wêrfan't yn 2018 it achtste diel útkaam.

Plot Rocky Balboa is in goedhertige, tritichjierrige man út in etnysk Italjaanske folksbuert fan 'e Amerikaanske stêd Philadelphia. Hy libbet yn earmoede en bedript himsels troch jild te ynjen fan lju dy't liend hawwe fan 'e pleatslike woekerder Gazzo. Hy jout oaren goede rie, dy't ornaris yn 'e wyn slein wurdt, en as er fan Gazzo in liener dy't te let betellet de fingers brekke moat, lit er de man gean mei in warskôging. Ut leafhawwerij en om wat by te fertsjinjen, bokst Rocky út en troch noch wat, mar hy hat de hoop al lang opjûn om it yn dy sport te meitsjen. Underwilens stiket er nei de pynlik bleue dierewinkelkassiêre Adrian, de suster fan syn alkoholistyske maat Paulie. Troch in protte lju yn syn om-en-by wurdt oan Rocky hieltyd op 'e nij ferteld dat er in liddichgonger is en neat foarstelt.

Yn it neijier fan 1975 makket de wrâldkampioen boksen yn 'e swiergewichtklasse, Apollo Creed, plannen om yn Philadelphia in titelgefjocht te hâlden ta gelegenheid fan it oankommende Twahûndertjierrich Bestean fan de Feriene Steaten yn 1976. Fiif wiken foarôfgeande oan it gefjocht, as der al witwat oan marketing útjûn is, kriget er lykwols te hearren dat syn tsjinstanner in blessuere oan 'e hân oprûn hat, mei as gefolch dat er net oan it gefjocht dielnimme kin. Bokspromoater George Jergens besiket in ferfangende tsjinstanner foar Creed te krijen, mar eltsenien hat al oare ferplichtings of fynt fiif wiken te koart dei om jin ta te rieden. Dêrop beslút Creed in ûnbekende bokser út Philadelphia de kâns te jaan om him út te daagjen foar de wrâldtitel, in idee dat er oan it publyk ferkeapje wol mei in berop op 'e Amerikaanske Dream. Om gjin oare reden as om't er syn bynamme, The Italian Stallion ("De Italjaanske Hynst") moai klinken fynt, kiest er dêr Rocky Balboa foar út.

As Rocky útnûge wurdt troch Jergens giet er derfan út dat Creed sparringpartners siket om te oefenjen. Dat liket him skoan ta. It komt him lykwols raar oer it mad as er te hearren kriget dat er tsjin Creed om 'e titel fjochtsje moat. Jergens hat der noch wurk fan om him te bepraten, mei't Rocky himsels dêr net goed genôch foar fynt. Uteinlik giet er skytskoarjend akkoart mei it foarstel, dêr't er $150.000 foar betelle krije sil. Rocky traint ferskate wiken op eigen manneboet, wêrby't er alles ynset dat er fine kin, lykas kowekadavers yn it slachthûs dêr't Paulie wurket, dy't er as stjitsek brûkt. Dan biedt Micky Goldmill, in trainer en sportskoallehâlder út 'e buert, dy't yn 'e 1920-er jierren sels furoare makke as bokser, oan om syn trainer te wurden. Micky hat earder nea nei Rocky omsjoen om't er fynt dat Rocky syn talinten as bokser fergriemd hat, en Rocky, dy't dêroer wrokket, is sadwaande earst net bêst oer it oanbod te sprekken. Nei't er syn hert luchte hat, nimt er it lykwols dochs oan.

Underwilens begjint Rocky op oantrún fan Paulie in romantyske relaasje mei Adrian. Op harren earste ôfspraakje nimt er har mei nei in keunstiisbaan, dêr't se nei slutingstiid reedride meie nei't Rocky de konsjerzje omkocht hat. De jûn einiget mei in tút. Letter rekket Paulie jaloersk op it súkses fan Rocky, en yn in dronken rûzje komt er de by him ynwenjende Adrian sa op it sear, dat se him fierders yn syn eigen sop gearsiede lit en by Rocky ynlûkt (hoewol't sy en Rocky beide yn in eigen bêd sliepe). Noch wer letter leit Paulie it by mei Rocky. Hy betinkt in plan om Rocky syn súkses foar eigen gewin te brûken troch him reklame meitsje te litten foar it slachthûs dêr't er wurket. Mei de eigner praat er ôf dat hy dêr it jild foar opstrykt. De jûn foarôfgeande oan it titelgefjocht begjint Rocky syn selsfertrouwen te ferliezen nei't er de boksarena besjoen hat dêr't it gefjocht plakfine sil. Oan Adrian bychtet er op dat er net ferwachtet dat er winne kin. Mar nimmen hat it ea fyftjin folle omgongen tsjin Creed útholden; as er dàt noris dwaan kinne soe, dan hied er foar syn eigen gefoel al wûn. En dan sil er ek foar iens en foar altyd bewiisd hawwe (fral oan himsels), dat er gjin liddichgonger is en wól wat foarstelt.

It gefjocht wurdt holden op nijjiersdei. Rocky komt yn 'e boksarena binnen yn in mantel dy't in slach te grut foar him is, mei de reklame foar it slachthûs op 'e rêch. Creed makket in dramatyske yntree wêrby't er earst ferklaaid is as George Washington en dêrnei as Uncle Sam. Hy sjocht it gefocht as in show, en it is nea by him opkommen dat Rocky ek mar yn 'e fierste fierte in serieuze tsjinstanner wêze kin. As it gefjocht begjint, makket Rocky gebrûk fan Creed syn te grutte selsfertrouwen troch him yn 'e earste omgong tsjin it kanvas te slaan. It is de earste kear dat soks Creed ea oerkomd is, en de skok is foar him dan ek grut.

De rest fan it gefjocht nimt er Rocky mear serieus, al kringt it dan noch net echt ta him troch dat er ferlieze kin. As Rocky lykwols omgong nei omgong oerein bliuwt, begjint Creed him wat langer wat mear soargen te meitsjen. It gefjocht duorret úteinlik de folle fyftjin omgongen, wylst beide boksers stadichoan mear ferwûnings oprinne. Sa rekket Rocky syn noas brutsen en moat op in stuit syn rjochtereachlid iepensnien wurde om it bloed der útrinne te litten sadat it minder opset rekket en hy wer wat mei dat each sjen kin, wylst Creed in brutsen rib en in ynwindige blieding kriget. Creed syn bettere technyk rint fêst op Rocky syn ynkassearringsfermogen en syn taaie wegering om op te jaan. As de lêste omgong einiget, hingje de beide mannen yn inoars earms en ûnthjitte se inoar dat der gjin revânsgefjocht komme sil.

Nei it gefjocht bestoarmet it troch-entûsjaste publyk de boksring. Jergens makket oer de lûdsprekker bekend dat dit gefjocht "de grutste fertoaning fan moed en úthâldingsfermogen yn 'e skiednis fan it boksen" wie. Rocky raast oanhâldend om Adrian, dy't har úteinlik by him yn 'e ring jaan kin trochdat Paulie de befeiligingslju ôfliedt. Op dat stuit makket Jergens bekend dat in net-unanime útspraak fan 'e sjuery beslist hat dat Creed de winner fan it gefjocht is. Creed en syn oanhingers barste yn jûchhei út, mar op datselde stuit arrivearret Adrian by Rocky en falle se inoar yn 'e earms. Wylst se inoar harren leafde ferklearje, kin de útkomst fan it gefjocht harren neat mear skele.

Rolferdieling

haadrollen personaazje akteur/aktrise Rocky Balboa Sylvester Stallone Adrian Pennino Talia Shire

byrollen personaazje akteur/aktrise Paulie Pennino Burt Young Apollo Creed Carl Weathers Mickey Goldmill Burgess Meredith George Jergens Thayer David Tony Gazzo Joe Spinell Tony "Duke" Evers Tony Burton Spider Rico Pedro Lovell

Produksje Untwikkeling Sylvester Stallone skreau it senario foar Rocky yn trije en in heale dei, koart nei't er de bokswedstryd tusken Muhammad Ali en Chuck Wepner sjoen hie, dy't plakfûn op 24 maart 1975 yn Richfield (Ohio). Wepner, de underdog, hold ûnferwachts fol oant er yn 'e fyftjinde omgong troch Ali knock-out slein waard. Nettsjinsteande it feit dat er letter tajoech dat it gefjocht tusken Ali en Wepner him ta it skriuwen fan it senario ynspirearre hie, ûntstried Stallone by heech en by leech dat er Rocky basearre hie op Wepner. Dat kin der lykwols ek mei te krijen hân hawwe dat Wepner neitiid in rjochtsaak tsjin Stallone oanspande, dy't foar in geheim holden bedrach skikt waard.

Filmstudio United Artists (UA) woe it skript fan Stallone wol ferfilmje, mar mei yn 'e titelrol in bekende akteur, lykas Robert Redford, Burt Reynolds of James Caan. Stallone woe lykwols beslist sels de rol spylje, en dêr hold er sa oan fêst dat er de studio op in stuit in ultimatum stelde en drige om mei syn senario earne oars hinne te gean. Letter seid er dêr yn in fraachpetear oer dat er it himsels nea ferjûn hawwe soe as de film in súkses wurden wie mei in oare akteur yn 'e haadrol.

Stallone doarst in ultimatum te stellen om't er wist dat de filmprodusinten Irwin Winkler en Robert Chartoff yn harren kontrakt mei UA betongen hiene dat se eltse film meitsje mochten dy't se meitsje woene, as se de kosten mar leech genôch holden. It tinken wie dat de eventuële ferliezen fan sokke projekten dutsen wurde soene troch de winst dy't harren bigbudgetfilm New York, New York opbringe soe. (Eins kaam it lykwols sa dat New York, New York flopte en flink wat ferlies litte, dat goedmakke waard troch de winst fan Rocky.) Mei stipe fan Winkler en Chartoff krige Stallone UA safier dat er de haadrol spylje mocht. Der kaam in budget fan $1.075.000 foar Rocky beskikber, mei dêroerhinne $100.000 oan salariskosten fan 'e produsinten en nochris $4,2 miljoen oan marketingkosten.

Casting Hoewol't Chartoff en Winkler enthûsjast wiene oer it senario, wiene se der al wat huverich foar om in ûnbekende akteur de haadrol spylje te litten. Se giene dermei akkoart, mar twifelen oangeande de casting fan 'e oare akteurs. Sadwaande waarden de rollen fan Apollo Creed en Adrian Pennino pas frij let yn it preproduksjeproses ferfolle. De echte bokser Ken Norton waard yn 't earstoan frege foar de rol fan Apollo Creed, mar hy loek him úteinlik werom, wêrnei't de rol nei Carl Weathers gie. Foar de rol fan Adrian waard oarspronklik Carrie Snodgress keazen, mar dat rûn op 'e non omreden fan ûnienichheid oer har salaris. Susan Sarandon die audysje foar de rol, mar de produsinten fûnen har te kreas. Nei't Talia Shire audysje dien hie, wiene de produsinten en regisseur John G. Avildsen it der fuortendaliks oer iens dat sy it wurde moast.

Fanwegen it beheinde budget fan Rocky waarden ferskate figuranteroltsjes yn 'e film ferfolle troch famyljeleden fan Stallone. Sa lette syn heit de bel by it begjin en de ein fan in omgong, spile syn broer Frank in strjitmuzikant en wie syn earste frou Sasha as fotografe by de produksje belutsen. De film befettet ek cameo's fan bokser Joe Frazier, sportferslachjouwer Stu Nahan (as himsels), en Lloyd Kaufman, de oprjochter fan 'e filmstudio Troma Entertainment, dy't in dronkelap spile. Hoewol't er net neamd wurdt op 'e ôftiteling, wie Rocky it akteardebút fan Michael Dorn, dy't letter wrâldferneamd wurde soe as de Klingon Worf yn 'e science fiction-tillefyzjesearje Star Trek: The Next Generation. Dorn is yn 'e film te sjen as de liifwacht fan Apollo Creed.

Opnamen