Three Billboards Outside Ebbing, Missouri is in Amerikaansk-Britske komeedzjedramafilm en swarte komeedzje út 2017 ûnder rezjy fan Martin McDonagh, mei yn 'e haadrollen Frances McDormand, Woody Harrelson en Sam Rockwell. De titel betsjut: "Trije Reklamebuorden Bûten Ebbing (Missoery)". It ferhaal giet oer in frou dy't trije grutte reklamebuorden hiert om oandacht te freegjen foar de ûnoploste ferkrêfting fan en moard op har dochter. De film waard foar it earst fertoand op it Ynternasjonaal Filmfestival fan Feneesje en krige rûnom loovjende resinsjes fan 'e filmkritisy. Yn 2018 waard Three Billboards Outside Ebbing, Missouri nominearre foar seis Golden Globes. Dêrfan wûn de film fjouwer, wêrûnder de Golden Globe foar bêste film (drama). Datselde jiers waard Three Billboards Outside Ebbing, Missouri ek nominearre foar sân Oscars, dêr't er twa fan wûn. Fierders wûn de film fiif BAFTA Awards, trije Screen Actors Guild Awards en in ferskaat oan minder wichtige prizen.

Plot Yn it (fiktive) stedsje Ebbing, yn 'e Amerikaanske steat Missoery, rouwet Mildred Hayes om 'e ferkrêfting fan en moard op har teenerdochter Angela, sân moanne lyn. Om't se lulk is oer it feit dat it plysjeûndersyk nei de saak net opsjit, hiert se by it reklameburo fan Red Welby foar in moanne trije âlde, yn ferfal rekke reklamebuorden dy't deunby har hûs by in trochgeande wei lâns steane. Dêrop lit se yn swarte letters op in reade ûndergrûn de teksten sette: "RAPED WHILE DYING" ("ferkrêfte wylst se stoar"), "AND STILL NO ARRESTS?" ("en noch hieltyd gjin arrestaasjes?") en "HOW COME, CHIEF WILLOUGHBY?" ("hoe kin dat, kommissaris Willoughby?").

De trije reklamebuorden soargje foar in protte argewaasje by de measte oare ynwenners fan Ebbing, ûnder wa plysjekommissaris Bill Willoughby en dy syn ûnderhearrige, plysjeman Jason Dixon, in rasistyske, gewelddiedige alkoholist. It feit dat Willoughy terminale alfleisklierkanker hat, draacht by oan 'e ôfkarring fan Mildred har aksje troch de measte oare ynwenners fan Ebbing. Willoughby siket har op en prebearret syn sykte te brûken om har derfan te oertsjûgjen de reklamebuorden fuort te heljen, mar as er har yn 't sin bringt dat er net lang mear te libjen hat, antwurdet se dat se dat wol wit, mar dat de teksten op 'e buorden nei syn dea net folle sin mear hawwe. Mildred en har soan Robbie, dy't op 'e pleatslike middelbere skoalle sit, wurde lestich fallen om 'e buorden, mar ta Robbie syn ergernis wurdt syn mem dêr allinne mar koppiger fan.

Willoughby hat begryp foar Mildred har frustraasje oer it gebrek oan fuortgong fan it ûndersyk nei de ferkrêfting fan en moard op Angela, mar hy fynt ek dat er der al it mooglike oan dien hat om 'e saak op te lossen. Soms is it no ienris sa dat in moardsaak nettsjinsteande alle ynset fan 'e plysje ûnoplost bliuwt. De trije reklamebuorden beskôget er dan ek as in ûnearlike foarm fan karaktermoard. Dixon, foar wa't Willoughby min ofte mear in heitfiguer is, en de iennichste persoan foar wa't er respekt hat, wurdt ta razernij brocht troch Mildred har oanhâldende wegering om 'e buorden fuort te heljen. Hy bedriget Red Welby, dy't de buorden oan Mildred ferhierd hat, en hy arrestearret har jongere swarte kollega en freondinne Denise op 'e triviale beskuldiging fan it yn besit hawwen fan in marihûanasigaret. Mildred wurdt ek opsocht troch har gewelddiedige eks-man Charlie, dy't har de skuld jout fan 'e dea fan harren dochter.

As Mildred nei de toskedokter giet, wol dy har in leske leare troch har mei de boar flink te gnjirdzjen, mar ear't er dêrta komme kin, skuort Mildred him it ding út 'e hannen en boarret in gatsje dwers troch de neil fan syn tomme. Letter dy deis komt Willoughby yn 'e winkel dêr't Mildred wurket en nimt har op beskuldiging fan mishanneling mei nei it plysjeburo foar ûnderfreging. As er har yn it ferhear nimt, begjint er ynienen bloed op te hoastjen en moat er ôffierd wurde nei it sikehûs. Underwilens set Mildred nei it kantoar fan Red Welby ta, dat rjocht foar it plysjeburo oer leit, om 'e hier fan 'e trije reklamebuorden te ferlingen. Welby is ûnderwilens lykwols sa yn 'e pine set, dat er besiket dêr ûnderút te kommen troch de priis te ferheegjen. Krekt as it derop liket dat Mildred de buorden kwytreitsje sil, arrivearret der lykwols in koerier mei in kefert mei fiiftûzen dollar fan in ûnbekende woldogger. It jild is bestimd foar in nije moanne hier fan 'e trije reklamebuorden. Welby hat dan gjin oare kar as de hier te ferlingen.

Willoughby ûntslacht himsels út it sikehûs en giet nei hûs, dêr't er in idyllyske dei trochbringt mei syn frou Anne en harren beide dochterkes. Nei't er dy jûns de bern op bêd brocht hat, en wylst Anne op 'e bank yn 'e sûs leit om't se tefolle wyn op hat, giet Willoughby nei de stâl dêr't er syn hynders hâldt en sjit himsels mei in gewear troch de holle. Hy lit ôfskiedsbrieven foar ferskate minsken nei. Yn it brief oan Anne leit er út dat er har en de bern de pine besparje woe dy't se sûnder mis ûndergien hawwe soene as er oer in perioade fan moannen stadichoan weiteard wie oan kanker. Dixon reägearret op it nijs fan 'e dea fan Willoughby troch folslein troch it lint te gean. Hy skonket de strjitte oer, stoarmet it kantoar fan Welby binnen, wêrnei't er dy hielendal yninoar slacht om him dan út it finster fan 'e twadde ferdjipping te smiten. It hiele barren fynt plak foar de eagen fan kommissaris Abercrombie, dy't stjoerd is om Willoughby te ferfangen, en waans earste die yn syn nije funksje is om Dixon te ûntslaan.

Underwilens wurdt Mildred, dy't nei de arrestaasje fan Denise allinne yn 'e winkel stiet, dêr yntimidearre en bedrige troch in man dy't se net ken. Se wurdt rêden as Anne Willoughby de winkel yn komt en de man him ôfjout. Anne wol it brief besoargje dat har man foar Mildred efterlitten hat. Yn dat brief bewissiget Willoughby Mildred derfan dat sy en har reklamebuorden gjin rol spilen by syn beslissing om selsmoard te dwaan. Hy fertelt har fierders dat de fiiftûzen dollar foar de ferlinging fan 'e hier fan him kaam, in set dy't er dien hat om't er it fermaaklik fynt dat se no noch in moanne oan 'e buorden fêst sit, wylst se der troch syn dea allinne mar ellinde fan krije sil. Teffens sprekt er syn oprjochte hoop út dat de buorden de moard op har dochter yn 'e belangstelling hâlde sille. Anne besoarget ek in brief fan Willoughby oan Dixon op it plysjekantoar, net wittende dat Dixon dêr net mear wurket. Brigadier Connolly skillet Dixon thús op en riedt him oan om nei wurktiid del te kommen foar it brief, sadat er Abercrombie net mear ûnder eagen hoecht te kommen.

Noch dyselde deis wurde de trije reklamebuorden yn 'e brân stutsen. Mildred, dy't Dixon of ien fan 'e oare plysjes fertinkt, slacht werom troch jûns nei wurktiid it lege plysjekantoar mei molotovcocktails te bekûgeljen. Op dat tiidstip is Dixon lykwols krekt troch de efterdoar nei binnen ta glûpt, dêr't er mei earkes yn en de rêch nei de foarside fan it gebou ta keard it brief fan Willoughby sit te lêzen. Yn it brief drukt Willoughby him op it hert om syn haat en lulkens los te litten en te learen om leafde te fielen, mei't dat de iennichste manear is om syn grutte pontinsjeel te reälisearjen en syn dream te ferfoljen om resjersjeur te wurden. Tsjin 'e tiid dat Dixon him derfan bewust wurdt dat der wat mis is, stiet it hiele gebou al yn ljochte lôge. Mei it brief en it dossier fan Angela har moardsaak, dat er op ien fan 'e buro's lizzen sjocht, springt er dwers troch de flammesee hinne om te ûntsnappen, en rint dêrby slimme brânwûnen op. James, in autoferkeaper mei dwerchgroei dy't fereale is op Mildred, is tsjûge fan it foarfal en wit de brânende klean fan Dixon te dwêstgjen. Neitiid besoarget er Mildred in aliby troch tsjin 'e plysje út te hâlden dat se mei him op in ôfspraakje wie doe't de oanfal op it plysjeburo barde.

Dixon wurdt yn it sikehûs behannele foar syn wûnen, dêr't er by tafal yn deselde keamer komt te lizzen as Welby. Him de rie fan Willoughby neinimmend, besiket er syn haat en lulkens los te litten en biedt er Welby syn ûntskuldigings oan. Underwilens besoarget Jerome, in jonge swarte man dy't de teksten yn opdracht fan Welby op 'e trije reklamebuorden plakt hat, by Mildred de reserveposters dy't bylevere wiene foar as der wat mei oarspronklike posters barre soe. Mildred, James en Jerome reparearje dêrmei de trije reklamebuorden. Denise, dy't einlings frijlitten is, jout har by harren.

Sadree't er ûntslein is út it sikehûs giet Dixon nei in snústerige kroech ta om syn pine om 'e dea fan Willoughby fuort te drinken. Dêr heart er in pear lju praten dy't op trochreis binne. Ien fan 'e beide, deselde man dy't earder Mildred yn har winkel bedrige, skept deroer op dat er in famke ferkrêfte en fermoarde hat op 'e wize sa't Angela Hayes oan har ein kommen is. Dixon giet nei bûten ta om it nûmer fan 'e kentekenplaat út Idaho op 'e auto fan 'e man te notearjen, en komt der dan wer yn, dêr't er de keardel ta slaanderij provosearret. Hy wurdt totaal yninoar slein, mar wêr't it him om giet is dat er de man oer it gesicht klauwe kin. Neitiid hellet er de hûd en it bloed ûnder syn neilen wei om in DNA-meunster feilich te stellen.

Underwilens giet Mildred echt op in ôfspraakje mei James om him derfoar te betankjen dat er har in aliby ferskaft hat. Yn it restaurant dêr't se binne, komme ek har eks-man Charlie en syn naïve njoggentjinjierrige freondinne Penelope binnen. Charlie beslacht it ôfspraakje fan Mildred mei James mei de gek en jout boppedat ta dat hy it wie dy't de trije reklamebuorden yn 'e brân stutsen hat doe't er dronken wie. James, dy't begjint oan te fielen dat Mildred út begrutsjen mei him op it ôfspraakje gien is, jout him lulk en kwetst ôf. Mildred giet ek fuort, mar pas nei't se nei de tafel fan Charlie en Penelope gien is, om har eks-man te fertellen dat er it fanke mar better goed behannelje kin, om't er oars mei har te meitsjen kriget.

Abercrombie priizget Dixon foar syn inisjatyf oangeande it krijen fan it DNA-meunster fan 'e man út Idaho, mar ynformearret him dat it net oerienkomt mei it DNA dat oantroffen is op it stoflik omskot fan Angela, noch mei DNA fan hokker ûnoploste moardsaak yn 'e Feriene Steaten ek. Boppedat wie de man út Idaho yn 'e tiid dat Angela ferkrêfte en ombrocht waard as soldaat yn it Amerikaanske Leger stasjonearre yn Afganistan. Dixon konkludearret dat de man skuldich wêze moat oan in oare ferkrêfting en moard, wierskynlik yn Afganistan. Hy siket Mildred op om har oer de man te fertellen en freget oft se sin hat om in reiske nei Idaho te meitsjen. Sy stimt ta en de oare moarns sette se tegearre ôf. As se noch net sa lang ûnderweis binne, bychtet Mildred op dat sy dejinge wie dy't it plysjeburo yn 'e brân stutsen hat; Dixon is dêr net yn it minst ferheard oer en freget allinnich mar wa't yn 'e frede oars dien hawwe kinnen hie. It doel fan 'e reis is om it rjocht yn eigen hân te nimmen en de man út Idaho te fermoardzjen; sawol Mildred as Dixon jouwe oan dat se ûnwis binne oft se dat trochsette kinne, mar se prate ôf om dêr pas in beslút oer te nimmen as se de man fûn hawwe.

Rolferdieling

haadrollen personaazje akteur/aktrise Mildred Hayes Frances McDormand kommissaris Bill Willoughby Woody Harrelson plysje Jason Dixon Sam Rockwell

byrollen personaazje akteur/aktrise Robbie Hayes Lucas Hedges plysje Cedric Connolly Željko Ivanek Red Welby Caleb Landry Jones James Peter Dinklage Anne Willoughby Abbie Cornish man út Idaho Brendan Sexton III Penelope Samara Weaving Charlie Hayes John Hawkes Denise Amanda Warren Jerome Darrell Britt-Gibson kommissaris Abercrombie Clarke Peters Angela Hayes Kathryn Newton frou Dixon Sandy Martin Pamela Kerry Condon Gabriella Malaya Rivera Drew pastoar Montgomery Nick Searcy Tony Christopher Berry toskedokter Geoffrey Jerry Winsett

Produksje