Arie van der Veer (Flaardingen, 30 jannewaris 1942 - Swol, 14 septimber 2024) wie in Nederlânske predikant en âld-foarsitter fan de Evangelyske Omrop (EO).
Libben en wurk Hy wie in soan fan in mjitteropnimmer. Fan 1961 oant 1966 studearre er teology oan de Teologyske Universiteit Apeldoorn fan de Kristlike Grifformearde Tsjerken. Dêrnei stie er as dûmny fan 1966 oant 1990 yn efterelkoar Nieuwe Pekela en Swol. Under syn lieding waakste de tsjerke yn Swol as in reid.
Fan 1990 oant 1 septimber 2008 wie Van der Veer foarsitter fan de Evangelyske Omrop en krige de EO de A-status. Yn dy funksje rjochte er him bot op ienheid ûnder kristenen út de ferskate tsjerken. Van der Veer neamde dat de oecumene van het hart. Fan 1991 oant 1998 wie er ek ficefoarsitter fan de NOS. Op 24 augustus 2008 waard er beneamd ta Ridder yn de Oarder fan Oranje-Nassau."Voormalig EO-voorzitter krijgt een lintje opgespeld", Nederlands Dagblad, 25 augustus 2008 Yn oktober 2008 waard kanker by him fêststeldWeblog Arie van der Veer, 27 oktober 2008 (deade link) dêr't er lykwols better fan waard. Tegearre mei Rita Renema-Mentink rjochte er de stichting Als kanker je raakt op.
Op 8 juny 2015 ferstoar syn âldste soan Peter van der Veer, dy't lykas syn heit predikant wie yn de Kristlike Grifformearde Tsjerke yn Swol.Zwolse voorganger Peter van der Veer (47) plotseling overleden, De Stentor, 9 juny 2015 (archivearre)
Van der Veer ferstoar op 14 septimber 2024 yn de âldens fan 82 jier. Hy wie al jierren oanhelle mei útsiedde prostaatkanker. Ds. Arie van der Veer overleden (1942-2024): Besef iedere dag dat je moet sterven (EO)
Programmas Van der Veer presintearre de folgjende telefyzjeprogrammas: Nederland Zingt (en Helpt) Nederland zingt op zondag Goud, Wierook en Mirre (programmarige om Kryst en Ald en Nij hinne) De Kapel
Ek hold er op de radio eltse sneontemoarn om 11.00 uur in Bibeloertinking. Dy wiene sûnt 2015 te beharkjen yn it programma De Muzikale Fruitmand op Radio 5, ûnder de titel "De Bijbel open".
Bibliografy Met liefde gemaakt: over genieten en werken in Gods schepping. Frjentsjer (2007) Engelen op je weg : dagboek voor zon- en feestdagen. Kampen (2002) Geloven in de toekomst. Kampen (2000) Woorden die tellen. Kampen (1998) Dichtbij God, dichtbij mensen. Kampen (1996) Alles draait om Hem: bijbels leesboek. Kampen (1994) Vul opnieuw mijn hart: Bijbels dagboek. Kampen (1993)
Yn 'e mande mei oaren Mei Rita Renema-Mentink, Als kanker je raakt. Frjentsjer (2015) Mei Ellen Laninga, Dit is de dag! : bijbels dagboek voor klein en groot. Kampen (2005) Mei Nel Benschop, Dichtbij God en dichtbij mensen: gedachten en gedichten. Hilversum (1998) Mei Andries Knevel, De boodschap en de kloof: communicatie van het Evangelie in een postmoderne tijd. Hilversum (1997)
Kategory:EO-wurknimmer Kategory:Nederlânsk telefyzjepresintator Kategory:Nederlânsk radiopresintator Kategory:Nederlânsk predikant Kategory:Ridder yn de Oarder fan Oranje-Nassau Kategory:Persoan berne yn 1942