In rangtelwurd is in wurdsoarte dy't in foarm fan it telwurd is, en dy't de rangfolchoarder yn in rige oanjout. Men sjocht as oantsjutting foar dit begryp inkeld ek wolris de Latynske foarm ordinale (meartal: ordinalia). Der besteane twa soarten rangtelwurden: it bepaald rangtelwurd (of beskaat rangtelwurd) en it ûnbepaald rangtelwurd (of ûnbeskaat rangtelwurd). By bepaalde rangtelwurden is persiis dúdlik om hokker rang oft it giet, wylst dat by ûnbepaalde rangtelwurden ûndúdlik bliuwt.
Bepaalde rangtelwurden Ferbûging Om in bepaald rangtelwurd te foarmjen, nimt men in haadtelwurd en heakket dêr de suffiks -ste oan ta: acht – achtste tweintich – tweintichste achtentweintich – achtentweintichste fiifenfyftich – fiifenfyftichste hûndert – hûndertste tûzen – tûzenste miljoen – miljoenste Oan 'e haadtelwurden sân, njoggen, tsien en trettjin oant en mei njoggentjin wurdt ynstee fan -ste de suffiks -de taheakke: sân – sânde njoggen – njoggende tsien – tsiende trettjin – trettjinde fyftjin –fyftjinde njoggentjin – njoggentjinde By de haadtelwurden ien oant en mei seis is de ferbûging ta rangtelwurd ûnregelmjittich: ien – earste twa – twadde trije – tredde of trêde fjouwer – fjirde fiif – fyfde of fyfte seis – sechsde of sechste
Skriuwwize Rangtelwurden kinne skreaun wurde op ferskate manearen: yn letters: earste, twadde, tsiende, tweintichste yn sifers mei in -e: 1e, 2e, 10e, 20e yn sifers mei in -e yn superskrift: 1e, 2e, 10e, 20e yn sifers mei de hiele suffiks útskreaun: 1ste, 2de, 10de, 20ste yn sifers mei de hiele suffiks útskreaun yn superskrift: 1ste, 2de, 10de, 20ste yn sifers mei in ordinaalteken (dus net in gradeteken): 1º, 2º, 10º, 20º yn sifers mei de hiele suffiks útskreaun en in keppelstreekje ynfoege: 1-ste, 2-de, 10-de, 20-ste De lêste beide foarmen binne net botte gongber en sjocht men sadwaande mar selden. It Dútsk hat in hiel eigen systeem foar it skriuwen fan rangtelwurden. Dêr wurdt in ordinale punt efter it haadtelwurd tafoege. 1, 2, 10 en 20 (eins, zwei, zehn en zwanzig) wurde dan 1., 2., 10. en 20. (ersten, zweiten, zehnden en zwanzigsten).
Unbepaalde rangtelwurden By ûnbepaalde rangtelwurden is it, oars as by bepaalde rangtelwurden, dizenich om hokker rang oft it eins giet. Foarbylden fan ûnbepaalde rangtelwurden binne 'middelste' en 'lêste'. Men wit by 'lêste' wol dat it de achterste is, mar net om 'e hoefolste it giet ('hoefolste' is trouwens ek in ûnbepaald rangtelwurd).
Breuken By breukgetallen wurde haadtelwurden kombinearre mei rangtelwurden. Bygelyks 3/8 wurdt dan lêzen as "trije-achtste [diel]". De teller, it boppeste sifer, is dêrby altyd in haadtelwurd, en de neamer, it ûnderste sifer, is altyd in rangtelwurd.
Kategory:Getal Kategory:Wurdsoarte