Room is in Kanadeesk-Iersk-Britsk-Amerikaanske ûnôfhinklike dramafilm út 2015 ûnder rezjy fan Lenny Abrahamson, mei yn 'e haadrollen Brie Larson en de sânjierrige Jacob Tremblay. De film wie basearre op 'e roman mei deselde namme fan Emma Donoghue, dy't ek ferantwurdlik wie foar it senario. It ferhaal giet oer in jonge frou dy't al sân jier finzen holden wurdt troch in ûntfierder en ferkrêfter, mei in fiifjierrige soan dy't yn finzenskip te wrâld kommen is. As se witte te ûntsnappen, folget in drege oanpassing oan it libben yn frijheid. Room waard foar it earst fertoand op it Filmfestival fan Telluride en wie letter ek te sjen op it Ynternasjonaal Filmfestival fan Toronto. De film krige rûnom loovjende resinsjes fan 'e filmkritisy, fral foar it aktearjen fan Larson en Tremblay. Larson wûn foar har rol sawol de Oscar as de Golden Globe foar bêste aktrise.
Plot Yn Akron, yn 'e Amerikaanske steat Ohio, libje de 24-jierrige Joy Newsome en har 5-jierrige soan Jack yn in neat te skjin, mar tige stevich boud en lûdticht túnskuorke, dat se 'Keamer' neame. Se diele in bêd, húske, bad, tillefyzje en in hiel behindich kokenhoekje. It iennichste 'finster' is in skylight dat ûnberikbere heech yn it dak sit, en dêr't se inkeld de loft troch sjen kinne. Se wurde finzen holden troch in man dy't se 'Old Nick' neame, in bynamme dy't Joy him jûn hat om't se syn wiere namme net wit ("Old Nick" is eins in Ingelsktalich eufemisme foar de duvel).
Old Nick hat Joy sân jier lyn, doe't se santjin jier wie, ûntfierd, en ferkrêftet har op deistige basis wylst Jack yn in kleankast mei lûvredoarren sliept. Old Nick is de biologyske heit fan Jack, mar hy sjocht net nei de jonge om. Foar in diel komt dat om't Joy him en Jack aktyf útinoar besiket te hâlden. De iennichste yn- en út-gong út Keamer is in stielene befeiligingsdoar dy't inkeld iepenet nei it yntoetsen fan in koade. Old Nick is de iennichste dy't dy koade ken.
Joy besiket yn dy sitewaasje om optimistysk te bliuwen foar har soan, mar se lijdt oan malnutrysje en hat riten fan depressiviteit. Se hat pinemûle oan in kies om't se nea nei de toskedokter giet, en ek hat se oanhâldend pine oan in pols, dy't Old Nick ris brutsen hat as bestraffing doe't se him yn it begjin fan har finzenskip mei it swiere lid fan it wetterreservoir fan it húske te liif gie. Se hat Jack besocht te beskermjen troch him wiis te meitsjen dat Keamer alles is wat der bestiet, en dat de rest fan 'e wrâld inkeld foarkomt op 'e tillefyzje.
Op in dei, as Old Nick mar in diel fan 'e boadskippen bringt dêr't Joy om frege hat, krije se wurden. Old Nick hellet nei har út troch te sizzen dat se gjin idee hat wat der yn 'e wrâld omgiet. De ekonomy is yn resesje gien en hy is syn baan kwytrekke. Hy wit net oft er yn 'e takomst Joy en Jack noch wol op dizze wize ûnderhâlde kin.
Letter dyselde jûn, nei't Old Nick seks hân hat mei Joy en by har op bêd yn 'e sliep fallen is, wurdt Jack yn 'e kleankast wekker. Nettsjinsteande it feit dat syn mem him hjitten hat om yn 'e kleankast te bliuwen salang't Old Nick yn Keamer is, wurdt nijsgjirrigens him oermânsk. Hy slûpt de kast út om Old Nick fan tichteby te besjen. Old Nick wurdt wekker en besiket hoeden om kontakt te meitsjen, sa't men bygelyks in skrutene hûn oanhellet. As Joy wekker wurdt, giet de grize har oer de grouwe by it sjen fan 'e ynteraksje tusken Jack en Old Nick. Se raast tsjin Jack dat werom gean moat yn Kast, en slacht ûnderwilens de útstutsen hân fan Old Nick fuort. Hy bestraft har troch har seare pols te ferbûgen en har hast te smoaren, en de oare moarn docht bliken dat er de elektrisiteit yn Keamer ôfsnien hat.
Hoewol't de stroom, nei't Joy en Jack in dei yn 'e kjeld sitten hawwe, der wer op komt, beslút Joy dat it net sa trochgean kin: se moat sjen dat sy en Jack ûntsnappe. Dêrfoar moat se Jack earst útlizze dat se him yn it ferline net altyd de wierheid ferteld hat. Keamer is net alles dat der is, krektoarsom: der bestiet dêrbûten in hiele wrâld. Jack reägearret earst mei ûnleauwe en ûnbegryp, folge troch lulkens as syn wrâldbyld op 'e kop set wurdt. Uteinlik wurdt er nijsgjirrich wat der oan 'e oare kant fan 'e muorre sit as Joy him útleit dat in muorre altyd twa kanten hat.
Joy stoppet Jack op bêd mei alle tekkens en klean oer him hinne dy't se hawwe. Se siedt wetter en leit him hjitte wiete handoeken op it gesicht oant er der suver fan gloeit. As Old Nick wer komt, makket se him wiis dat Jack troch de kjeld, doe't de stroom ôfsnien wie, koarts krigen hat. Har hope is dat er it jonkje nei it sikehûs bringe sil, dêr't Jack de autoriteiten warskôgje kin, mar Old Nick seit inkeld ta om medisinen keapje te sillen dy't er de folgjende deis bringe sil.
Dêrop rôlet Joy Jack op yn Tapyt, en oefenet mei him om him te learen en bear dat er dea is. As Old Nick de oare deis weromkomt mei de medisinen, spilet Joy de roujende mem. Se fertelt him dat er te let is, dat Jack dy nachts stoarn is. Se smeket him om it stoflik omskot fan 'e jonge mei te nimmen en op in moai plak mei in protte plantegroei te begraven. Old Nick trapet deryn en nimt de tapytrôle mei Jack deryn mei nei bûten ta. Hy leit him yn 'e laadbak fan syn pick-up en set ôf om in gaadlik dumpplak te finen.
It wie de bedoeling dat Jack him no sels út tapytrôle rôlje soe, wachtsje soe oant Old Nick stilhold by in krúspunt, út 'e pick-up springe soe en de earste de bêste persoan oanklampje soe dy't er seach. Jack hat troch de bewegings fan 'e auto lykwols muoite om út 'e tapytrôle te kommen, en as it him úteinlik slagget om himsels te befrijen, is er sa oerweldige troch alles om him hinne, dat it him suver tefolle wurdt. As de pick-up stilhâldt by in krusing, springt er út 'e laadbak, mar Old Nick sjocht him yn 'e efterútsjochspegel en komt him efternei. Jack is suver raar fan al it nije en komt net fier foar't Old Nick him te pakken hat. Mar in tafallige foarbygonger dy't in grutte grânzgjende rottweiler útlit, fertrout de boel net en komt tuskenbeiden. Ut eangst foar de hûn en it drigemint fan 'e man om 'e plysje te skiljen, lit Old Nick Jack los en naait út.
De man mei de hûn bliuwt by Jack oant de plysje komt. In freonlike froulike plysje wit út syn wifeljende antwurden op har fragen foar it ferstân te krijen wat der oan 'e hân is. Troch syn beskriuwing fan 'e bewegings fan 'e pick-up as de auto om 'e bocht gie, kin frij sekuer de buert fêststeld wurde dêr't it hûs fan Old Nick stean moat. Dêrnei begjint de plysje in massale syktocht nei in túnskuorke mei in skylight. Sa wurdt Joy op 't lêst fûn, en tegearre mei Jack wurdt se nei it sikehûs brocht dêr't se ferskjinne en fersoarge wurde en de nacht trochbringe. Underwilens hâldt de plysje de flechtsjende Old Nick oan en arrestearret him.
De oare deis wurdt Joy weriene mei har âldelju, Robert en Nancy Newsome, dy't yn 'e tuskenlizzende jierren skieden binne. Robert wennet no oan 'e oare kant fan it lân, wylst Nancy yn harren âlde hûs gearwennet mei har freon Leo. Joy en Jack lûke by Nancy en Leo yn. It docht al rillegau bliken dat Robert Jack net as pakesizzer akseptearje kin, mei't him eltse kear dat er de jonge sjocht, de ferkrêfting fan syn dochter tebinnenbrocht wurdt. Hy giet werom nei hûs en hat fierders gjin kontakt mear mei Joy en Jack.
Eltsenien sit yn oer Jack syn oanpassing oan 'e echte wrâld. Hy wol yn 't earstoan inkeld tsjin syn mem prate, en sprekt de winsk út om werom te gean nei Keamer. Meitiid begjint dat lykwols te feroarjen. Ynstee is it Joy dy't de measte muoite hat om har wer oan in libben yn frijheid oan te passen. Se wrakselet mei lulkens en depressiviteit, lijt ûnder in posttraumatysk stress-syndroom en makket oanhâldend rûzje mei har mem. Om 'e sikehûsrekken en bykommende kosten te beteljen, stimt se yn mei in fraachpetear mei de presintatrise fan in bekend praatprogramma, mar dêrtroch rekket se geastlik noch mear yn 'e put as de frou har freget oft it net better west hie as se Old Nick fuort nei de berte fan Jack frege hie om 'e poppe te fûnling te lizzen, sadat er in normaal libben hawwe koe. Oerweldige troch skuldgefoelens besiket se neitiid selsmoard te dwaan troch in oerdoazis medisinen yn te nimmen, mar Jack fynt har op 'e tiid en se wurdt nei it sikehûs brocht dêr't har mage leechpompt wurdt.
Dêrnei wurdt besletten dat Joy alteast tydlik opnommen wurde moat yn in psychiatrysk sikehûs. Jack bliuwt efter by Nancy en Leo. Hy mist syn mem, mar har ôfwêzigens wurket as katalysator foar syn oanpassing oan syn nije libben. Hy bout in relaasje op mei syn beppe Nancy en mei de tige geduldige Leo. Ek komt er yn 'e kunde mei Leo syn hûn Seamus (dy't earder earne oars ûnderbrocht wie om't Jack yn 't earstoan syn ymmuniteit opbouwe moast), en hy slút freonskip mei Aaron, in jonge út deselde strjitte. Om't er troch de ferhalen dy't Joy him ferteld hat oer de bibelske held Simson (waans krêft ferbûn wie oan syn lange hier) mient dat syn lange hier de boarne fan syn krêft is, lit er it troch syn beppe ôfknippe om it op te stjoeren nei Joy. As dyselde letter wer thúskomt, seit se dat dat geskink har dertroch sleept hat.
Op fersyk fan Jack bringe Joy en Jack, ûnder begelieding fan 'e beide plysjes dy't it earst by Jack wiene, foar de lêste kear in besyk oan Keamer. Jack fynt it mar nuver, want hy hat it gefoel dat Keamer krompen is. Hy konkludearret dat it net echt Keamer wêze kin, sa mei de doar iepen. As Joy him freget oft er wol dat se de doar ticht docht, tinkt Jack dêr eefkes oer nei, mar antwurdet dan fan nee. Hy en Joy sizze farwol tsjin Keamer en geane fuort.
Rolferdieling
haadrollen personaazje akteur/aktrise Joy Newsome Brie Larson Jack Newsome Jacob Tremblay
byrollen personaazje akteur/aktrise Nancy Newsome Joan Allen "Old Nick" Sean Bridgers Robert Newsome William H. Macy Leo Tom McCamus plysje Parker Amanda Brugel plysje Tom Grabowski Joe Pingue dokter Mittal Cas Anvar praatprogrammapresintatrise Wendy Crewson
Produksje Preproduksje De Iersk-Kanadeeske auteur Emma Donoghue skreau de roman Room, dy't yn 2010 publisearre waard. Noch foar't se in útjouwer foar har boek fûn hie, wurke se it al om ta in senario, mei't se derfan oertsjûge wie dat it úteinlik ferfilme wurde soe. Nei de publikaasje fan 'e roman ûntfong se in grut tal oanbiedings fan filmmakkers om dat te dwaan, dy't se lykwols ôfwiisde op grûn fan kreätive mieningsferskillen. Regisseur Lenny Abrahamson skreau har, nei't er de roman lêzen hie, in fanbrief fan tsien bledsiden wêryn't er har besocht oer te heljen om har roman ferfilmje te litten, net wittende dat se al in senario skreaun hie. Nei it lêzen fan dat brief besleat Donoghue dat se einlings de persoan fûn hie om 'e langferwachte film te meitsjen.
Yn 2012 brochten Abrahamson en Donoghue in wike troch yn har hûs yn London (Ontario), dêr't se tegearre it senario op 'e nij beseagen en hjir en dêr oanpasten. Behalven as senarioskriuwer wie Donoghue ek as útfierend produsinte by de produksje fan Room belutsen, en se waard sadwaande behelle yn alle wichtige beslissings oangeande sawol skript as film. Abrahamson sei letter yn in fraachpetear dat Donoghue derfoar soarge hie dat de filmproduksje subsydzje fan 'e Kanadeeske oerheid krigen hie. Donoghue wie ek dejinge dy't derop oankrong om 'e opnamen yn Toronto te dwaan, dat in 'Amerikaansk' útsjende stêd is, mar in 'freonliker' plak foar Jeropeeske filmmakkers om te wurkjen as yn 'e eigentlike Feriene Steaten.
Room waard úteinlik in ko-produksje fan Kanada, Ierlân, it Feriene Keninkryk en de Feriene Steaten. It wie in ûnôfhinklike film produsearre troch Ed Guiney en David Gross foar Filmnation Entertainment, Telefilm Canada, Film4, de Bórd Scannán na hÉireann/Irish Film Board, de Ontario Media Development Corporation, Element Pictures, No Trace Camping en Duperele Films. Der wie in budget fan $13 miljoen foar de film beskikber.
Casting