Leffens of lefheid is in eigenskip of gemoedstastân wêrby't ekssessive eangst en egoïsme foar in minske swierder weagje as it dwaan fan wat korrekt is, lykas it helpen fan oaren yn need. It is dêrmei it tsjinstelde fan moed. It byhearrende eigenskipswurd is lef of lêf. Immen dy't lef is, wurdt in leffert neamd, of, krúer, in lefbek. Leffens is wat dêr't rûnom op delsjoen wurdt en dat yn 'e measte kultueren en maatskippijen beskôge wurdt as in karakterflater. Yn in protte lannen en territoaria is it toanen fan leffens yn 'e striid in misdriuw, dêr't yn it ferline almeast de deastraf op stie.
Kategory:Gemoedstastân Kategory:Eangst Kategory:Minsklik hâlden en dragen