Foarfallen 18 maaie - By de saneamde Bruchske Metten rjochtsje de ynwenners fan it Flaamske Brugge in slachting oan ûnder de soldaten fan it Frânske garnizoen yn 'e stêd en ûnder de leeljerts, Flaamske sympatisanten fan 'e Frânske oerhearsking. De lieders fan dizze rebûlje binne de wever Pieter de Coninck, de slachter Jan Breydel en Willem fan Gulik de Jongere, de pakesizzer fan greve Robrecht III fan Flaanderen, dy't yn Frânske finzenskip ferkeart. 11 july - Yn 'e Goudenspoareslach, by Koartryk, ferslane de Flaamske opstannelingen in Frânsk ridderleger. sûnder datum - Earste gearkomste fan de Frânske Steaten-Generaal.

Berne 22 febrewaris - Gegeen Khan, Mongoalsk keizer fan Sina († 1323) datum ûnbekend Donald II, greve fan Mar, Skotsk ealman († 1332)

Ferstoarn 26 desimber - kening Waldemar I fan Sweden (* 1239) datum ûnbekend Donald I, greve fan Mar, Skotsk ealman (* 12??)

Kategory:14e iuw