Foarfallen 24 febrewaris - Yn 'e bloedige Slach by Roslin bringe de Skotten de Ingelsen in slimme nederlaach ta. 20 april - Paus Bonifatius VIII stiftet de Universiteit fan Rome La Sapienza. 19 juny - De stêd Delfsyl wurdt foar it earst neamd yn in histoaryske boarne. 22 oktober - Paus Benediktus XI wurdt de opfolger fan Bonifatius VIII, as de 194e paus fan Rome. sûnder datum - Kening Edwert I fan Ingelân feroveret yn it ramt fan 'e Earste Skotske Unôfhinklikheidsoarloch op 'en nij it Keninkryk Skotlân. sûnder datum - By in ierdskodding rekket de Fjoertoer fan Aleksandrië slim skansearre. By in nije ierdbeving, yn 1323, sil er alhiel ynstoarte.
Berne 12 july - Maud fan Bruce, Skotsk prinsesse († 1353) datum ûnbekend Brigitte, Sweedsk hillige († 1373)
Ferstoarn 4 maart - grutfoarst Daniël fan Moskoovje (* 1261) 19 maaie - Ivo fan Kermartin, Bretonsk preester en hillige (* 1253) 11 oktober - paus Bonifatius VIII (* 1325) 27 oktober - Beätriks fan Kastylje, keninginne-gemalinne fan Portegal (* 1242) datum ûnbekend keizer Ivan Asen III fan Bulgarije (* 1259/1260)
Kategory:14e iuw