De Eastsee (hieltyd faker foutyf de Baltyske See neamd, in anglisisme op basis Baltic Sea) is in see, dy't it Skandinavysk Skiereilân skiedt fan it fêstelân fan Jeropa. De Eastsee is brakker as de Noardsee en de tijferskillen binne lytser. De see bestjit sûnt it 6e milennium f.Kr. Wat de foarm oangiet docht de Eastsee wol wat tinken oan in haadrivier mei sydrivieren (de Finske Golf en de Botnyske Golf). Ut geologysk ûndersyk docht bliken dat hjir yn it Pleistoseen in rivier rûn hawwe moat: de Eridanos.
Begrinzing Mei de wizers fan de klok mei, grinzen oan dizze 'binnensee': Sweden Finlân (mei tusken Sweden en Finlân yn de autonome Ålâneilannen) Ruslân (Sint-Petersburch en omkriten) Estlân Letlân Litouwen Opnij Ruslân (oblast Kaliningrad) Poalen Dútslân Denemark
Ta de Eastsee yn rommere sin hearre ek de Botnyske Golf, de Finske Golf, de Golf fan Riga en lytsere baaien ('bochten') en haffen de kust fan Dútslân, Poalen, Ruslân en Litouwen bylâns.
Ofwettering en rivieren Estlân, Letlân, Litouwen en Poalen wetterje foar 100% ôf yn de Eastsee, de oare lannen mar foar in part. Ek Tsjechje, Slowakije, Oekraïne en Wyt-Ruslân wetterje foar in part harren boppewetter yn de Eastsee ôf.
De wichtichste rivieren dy't op de Eastsee ôfwetterje binne de Weichsel yn Poalen, de Oder ticht by de Poolsk-Dútske grins, de Daugava (of Westlike Dwina) yn Letlân en de Neva yn Ruslân.
Havens oan de Eastsee thumb|300px|Havens oan de Eastsee Gruttte havenplakken fuort- of tichtby de Eastsee binne: Stokholm (Sweden) Turku (Finlân) Helsinki (Finlân, oan de Finske Golf) Sint-Petersburch Tallinn (Estlân, oan de Finske Golf) Riga (Letlân, by de Golf fan Riga) Kaliningrad Gdansk Gdynia (Poalen) Szczecin (Poalen) Rostock (Dutslân) Kiel (Dútslân)
Eilannen yn de Eastsee De grutste eilânnen yn de Eastsee binne: Gotlân Ölân Saaremaa Hiiumaa Rugen Bornholm
Kategory:Binnensee Kategory:See yn Jeropa Kategory:Rânesee fan de Atlantyske Oseaan Kategory:Wetter yn Denemark Kategory:Wetter yn Dútslân Kategory:Wetter yn Sweden Kategory:Wetter yn Poalen Kategory:Wetter yn Ruslân Kategory:Wetter yn Litouwen Kategory:Wetter yn Letlân Kategory:Wetter yn Estlân Kategory:Wetter yn Finlân