Foarfallen Afrika In Fandaalske float, koälysje fan Alanen, Goaten en Moaren, ferlit Kartago. De skippen hâlde in rôftocht de kust fan Sicilië bylâns en belegerje Palermo koart. Dêrnei wurdt de stêd ferôvere en ferliest it har strategyske plak wat de oanfier fan nôt en oliifoalje nei Italië oanbelanget.
Europa De Ripuaryske Franken plonderje Trier. Leo de Grutte wurdt paus.
Aazje De Wite Hunnen falle, fan it Altai-berchtme út, Transoksaanje, Bakterje (Afganistan) en Kurasan (East-Iran) yn.
Berne Gilperik II, kening fan de Boergonden (wierskynlike datum) Gilderik I, kening fan de Franken
Ferstoarn Paus Sikstus III, paus fan 432 oant 440.
Kategory:5e iuw