Penric and Desdemona is in rige novelles dy't sûnt 2016 skreaun wurdt troch de Amerikaanske fantasy- en science fiction-auteur Lois McMaster Bujold. De rige giet oer de tsjoender Penric sibbe Jurald, dy't bejeftige is mei de gaosdemon Desdemona. De ferhalen fan Penric and Desdemona, dy't yn it personele perspektyf skreaun binne, meitsje diel út fan Bujold har gruttere romansearje The World of the Five Gods, dêr't Penric and Desdemona winliken in spin-off-rige fan is.
Utgongspunt Penric sibbe Jurald is in jonge ealman út 'e Kantonnen dy't op in dei oan 'e kant fan 'e wei in âlde tsjoenster stjerrend oantreft nei't hja in hertoanfal krigen hat. It âldminske bejeftiget him mei de gaosdemon dy't har har boppenatuerlike krêften jout, sadat Penric fan it ien op it oare momint in tsjoender wurdt. Syn libben nimt dêrtroch in folslein ûnferwachtse kear. Hy wit him dêr lykwols skoan oan oan te passen en slút in hechte freonskip mei de froulike demon, dy't er de namme Desdemona jout. Tegearre reitsje yn alderhanne aventoeren fersyld.
Searje Dielen (op folchoarder fan 'e ynterne gronology fan 'e searje, ynstee fan op folchoarder fan útjefte) 2015 – Penric's Demon 2016 – Penric and the Shaman 2017 – Penric's Fox 2020 – Masquerade in Lodi 2017 – Penric's Mission 2017 – Mira's Last Dance 2019 – The Prisoner of Limnos 2019 – The Orphans of Raspay 2020 – The Physicians of Vilnoc 2021 – The Assassins of Thasalon 2021 – Knot of Shadows 2024 – Demon Daughter 2024 – Penric and the Bandit
Omnibusútjeften 2020 – Penric's Progress (omfettet: Penric's Demon, Penric and the Shaman en Penric's Fox) 2020 – Penric's Travels (omfettet: Penric's Mission, Mira's Last Dance en The Prisoner of Limnos) 2022 – Penric's Labors (omfettet: Masquerade in Lodi, The Orphans of Raspay en The Physicians of Vilnoc)
Pleatsing yn The World of the Five Gods Yn 'e ynterne gronology fan 'e searje The World of the Five Gods spilet Penric's Demon 160 jier nei de foarfallen yn The Hallowed Hunt en goed 100 jier foàr The Curse of Chalion en Paladin of Souls. De rest fan 'e Penric and Desdemona-rige folget op Penric's Demon: Penric and the Shaman fiif jier dêrnei, Penric's Fox in jier dêr wer nei en dêr wer in jier as fiif nei Penric's Mission, Mira's Last Dance en The Prisoner of Limnos (dy't suver naadleas opinoar oanslute).
Kategory:The World of the Five Gods Kategory:Literêr wurk fan Lois McMaster Bujold Kategory:Fantasyromansearje Kategory:Ingelsktalige romansearje Kategory:Romansearje út 2015 Kategory:Literatuer oer tsjoenderij Kategory:Literatuer oer demoanen Kategory:Literatuer oer goaden