Newton Knight (Jones County (Mississippy), 10 novimber 1829 – Jasper County (Mississippy), 16 febrewaris 1922) wie in Amerikaansk boer, soldaat en Súdlik unionist, dy't ûnder de Amerikaanske Boargeroarloch yn it súdeasten fan 'e steat Mississippy in opstân begûn tsjin 'e Konfederearre Steaten fan Amearika. Hy en syn oanhingers soene yn 1864 ferskate countys ferovere hawwe en dêr de Frijsteat Jones útroppen hawwe, hoewol't dat troch party histoarisy ûntstriden wurdt.

Nei ôfrin fan 'e boargeroarloch joech Knight him by de Republikeinske Partij, troude mei in eardere negerslavinne en tsjinne yn it Tiidrek fan 'e Weropbou as plakferfangend U.S. marshal. Knight is yn Mississippy oant hjoed de dei ta in tige kontroversjeel figuer, waans motiven en dieden de befolking ferdiele. Guon sjogge him as in held, wylst er foar oaren in ferdjerlike smjunt wie. Benammen syn opfettings oer en dieden oangeande rasiale gelikensens wiene har tiid mear as 150 jier foarút. Der binne twa films oer Knight makke: Tap Roots, út 1948, en Free State of Jones, út 2016.

Libben en karriêre Jonkheid Newton Knight waard wierskynlik yn 1829 berne yn 'e neite fan 'e rivier de Leaf, yn Jones County yn 'e Amerikaanske steat Mississippy, as de soan fan 'e pleatslike boer Albert Knight en dy syn frou. Syn soan, Tom Knight, skreau letter yn in biografy dat er berne wie yn 1830, mar syn âldomkesizzer Ethel Knight skreau yn in oare biografy dat syn bertejier 1829 wie. Op syn grêfsark wurdt syn berte oanjûn as 10 novimber 1829. Yn 'e gegevens fan 'e folkstelling fan 1900 wurdt steld dat Knight berne wie yn novimber 1837, in datum dy't er nei alle gedachten sels opjûn hie. Dy datum komt oerien mei gegevens fan folkstellings út oare jierren, mar it tinken is dat Knight mei sin it ferkearde jier opjûn hat oan 'e folkstellingsamtners om 'e oarsprong fan syn famylje te ferbergjen.

Knight wie de pakesizzer fan John "Jackie" Knight (1773-1861), dy't ien fan 'e grutste oantallen slaven yn besit hie fan hiel Jones County. Knight syn heit Albert (1799-1862) besiet lykwols gjin slaven, en urf se ek net doe't syn heit kaam te ferstjerren. Newton Knight koe lêze en skriuwe, wat er nei alle gedachten fan syn mem leard hie, mei't der yn Jones County gjin skoallen foar de bern fan earme blanken wiene. Hy wie in saneamde primitive baptist, en oars as syn heit en pake wied er dêrom út leauwensoertsjûging hielûnthâlder. Hy hie ek nea in slaaf yn besit, om't dat krektlyk tsjin 'e lear fan 'e primitive baptisten wie. Hy troude yn 1858 mei in Serena Turner, mei wa't er him nei wenjen sette op in lytse boerespultsje dat krekt bûten Jones County lei, oare kant de grins mei Jasper County.

Amerikaanske Boargeroarloch Jones County wie in gebiet dat net botte gaadlik wie foar de bou fan katoen, en sadwaande wiene der net folle plantaazjes of slaven. De ôfskieding fan 'e Súdlike steaten fan 'e Amerikaanske Uny, dy't dreaun waard troch de maatskiplike klasse fan 'e rike slavehâlders, hie sadwaande yn Jones County net folle oanhing. De county keas yn jannewaris 1861 John Hawthorne Powell jr. om as fertsjintwurdiger nei de ôfskiedingskonvinsje fan Mississippy te stjoeren. Dyselde wie fûleindich op ôfskieding tsjin. Neffens it ferhaal soed er syn efterban lykwols ferret hawwe troch op 'e konvinsje fan stânpunt te feroarjen en foar ôfskieding te stimmen. Yn wurklikheid wiene der mar twa mooglikheden om op te stimmen: direkte ôfskieding en in stadiger foarm fan ôfskieding yn oerlis mei de oare steaten fan it Amerikaanske Suden. Powell stimde foar de twadde opsje as de minst kweade kar fan twa kweaden. De befolking fan Jones County, dy't net foar it ferstân hie hoe beheind syn mooglikheden wiene, fielde him troch Powell syn dwaan lykwols ferret.

Nei't de ôfskieding in feit wie en Mississippy mei de oare ôfskate Súdlike steaten de nije Konfederearre Steaten fan Amearika foarme hie, naam Knight yn july 1861 tsjinst yn it 8e Missisippiaanske Ynfanteryrezjimint. In healjier letter krige er ferlof om thús syn heit te fersoargjen, dy't slim yn 'e minnichte rekke wie. Yn maaie 1862 joech Knight him mei in stikmannich freonen en buorlju by Kompanjy F fan it 7e Mississippiaanske Ynfanterybataljon. Hja joegen der de foarkar oan om mei bekenden te tsjinjen ynstee fan mei frjemden.

De hiele simmer en hjerst fan 1862 troch boaze de desersje út it Konfederearre leger oan. Dêrby spilen ferskate faktoaren in rol. Sa wie der gebrek oan iten en oare foarrieden foar de soldaten nei de Twadde Slach by Corinth. Fierders sieten de mannen út Jones County yn noed oer de sitewaasje fan harren húshâldings, mei't der har berjochten berikten dat harren froulju it boerewurk net oankoene en sadwaande yn minne omstannichheden libben. Knight sels rekke poerrazen doe't er hearde dat de Konfederearre autoriteiten al syn hynders opfoardere hiene. De drip dêr't de amer fan oerrûn, wie lykwols de ynfiering troch it Konfederearre regear fan 'e saneamde Tweintich-Negerswet. Under dy wet waard in slavehâlder of syn âldste soan frijsteld fan 'e tsjinstplicht as er tweintich negerslaven yn besit hie. As er fjirtich slaven hie, waard de twadde soan frijsteld fan 'e tsjinstplicht, mei sechstich slaven de trêde, en sa fierder. It befêstige Knight yn syn gefoel dat er brûkt waard yn in oarloch fan 'e riken. Dêropta krige er berjocht dat syn sweager Morgan, dy't ûnder Knight syn ôfwêzigens famyljehaad wurden wie, Knight syn bern mishannele. De identiteit fan dy Morgan is ferlern gien, mar histoarisy tinke dat er wierskynlik Morgan Lines wie, in deihierarbeider en feroardiele moardner.

Yn oktober 1862 waard Knight troch syn oerhearrrigen yn it Konfederearre leger rapportearre as absint sûnder ferlof. Jierren letter soed er syn desersje ferdigenje troch te sizzen: "As sy it rjocht hiene om my op te roppen foar de tsjinstplicht wylst ik net tsjin 'e Uny fjochtsje woe, hie ik it rjocht om nei hûs te gean doe't ik myn nocht hie." Hy waard stil wei yn 'e gaos dy't útbriek nei de Konfederearre nederlaach by Corinth en de dêropfolgjende weromtocht. Nei't er goed 320 km nei hûs ta rûn hie, skeat er dêr, neffens it lettere tsjûgenis fan ferskaten fan syn famyljeleden, fuortendaliks Morgan dea. Begjin 1863 waard Knight oppakt en in skoft finzen set foar desersje, en der binne oanwizings dat er doe martele waard troch syn bewekkers. It Konfederearre leger baarnde syn pleats oan 'e grûn ta ôf om in foarbyld foar oaren te stellen, sadat syn frou en bern yn folsleine earmoede efterbleaune.

Nei de Konfederearre nederlaach yn 'e Slach by Vicksburg, yn july 1863, doe't it tal deserteurs út it Konfederearre leger sterk oprûn, begûnen de Konfederearre autoriteiten op in stuit berjochten te ûntfangen dat yn Jones County in binde deserteurs oan it plonderjen slein wie en de wenten fan rjochtskepen boargers platbaarnde. Dêrby gie it om 'e folgelingen fan Knight. Dyselde hie nammentlik beskûl socht yn 'e ûnherberchsume sompen by de rivier de Leaf lâns, en dêr hied er op 13 oktober 1863 út oare deserteurs en útnaaide negerslaven in eigen legerke gearstald, dat de Knight Kompanjy neamd waard.

Yn 2016 waard troch in histoarikus yn 'e Amerikaanske Nasjonale Argiven in brief ûntdutsen dat datearre is op 13 febrewaris 1864. It wie skreaun troch in James Lamon, in ferkenner foar it Noardlike leger, oan generaal-majoar John M. Palmer, wêryn't er ferslach die fan 'e ferklearring fan in Súdlike soldaat dy't koartby oerrûn wie. Dyselde hie him ferteld dat der yn 'e sompen yn Jones County wol seishûndert Súdlike deserteurs gearkommen wiene, dy't harren kâns ôfwachten om har by de Noardlike troepen te jaan. Hoe grut oft de Knight Kompanjy echt wie, is ûnder skiedkundigen noch altyd ûnderwerp fan debat, mar nei de boargeroarloch sei Knight sels yn in fraachpetear: "We wiene mei likernôch 125 man, nea mear as dat."

De Knight Kompanjy paste guerriljataktiken ta om 'e boerespultsjes mei froulju en bern te beskermjen tsjin wat se seagen as de plondertochten fan 'e belestingynders en opfoarderers fan it Konfederearre leger. Knight-en-dy wiene net inkeld aktyf yn Jones County, mar ek yn 'e oangrinzgjende countys Jasper, Covington, Perry en Smith. Knight sels waard troch syn oanhingers keazen ta kaptein fan 'e kompanjy, dêr't in protte fan syn freonen, famyljeleden en buorlju ta hearden. It wichtichste skûlplak fan 'e Knight Kompanjy stie bekend as 'Devil's Den' ("Duvelshoale"), en lei oan 'e rivier de Leaf op 'e grins fan 'e countys Jones en Covington. Pleatslike froulju en slaven befoarrieden de leden fan 'e kompanjy mei iten en oare help. Froulju bliezen op kowehoarnen om it neieroankommen fan Konfederearre opfoarderders en belestingynders oan te jaan.

In pleatslike kertiermaster, kaptein W.J. Bryant, rapportearre oan 'e Konfederearre autoriteiten dat "de deserteurs de hiele krite ûnder de foet rûn en yn besit nommen hawwe, wêrby't se yn in protte gefallen de goede en trouwe boargers ferbalje of harren koelbloedich yn har eigen doarsgat deasjitte." Generaal Braxton Bragg stjoerde majoar Amos McLemore nei Jones County ta om te sjen wat der fan 'e berjochten oan wie, en om sa nedich regaad te meitsjen. Op 5 oktober 1863 waard McLemore deasketten yn it hûs fan in Amos Deason yn Ellisville, it haadplak fan Jones County. It tinken is dat Knight him eigenhandich ombrocht hat.

Fan it neijier fan 1863 oant de ein fan 'e Boargeroarloch yn april 1865 focht de Knight Kompanjy fjirtjin dokumintearre skermutselings út mei Konfederearre troepen. Ien fan dy skermutselings fûn plak op 23 desimber 1863, by it hûs fan in Sally Parker, dy't in sympatisante fan Knight-en-dy wie. Dêrby fûn ien Konfederearre soldaat de dea en rekken twa oaren slim ferwûne. Yn deselde snuorje joech Knight lieding oan in oerfal op Paulding, dêr't hy en syn mammen fiif weinfollen stynske weet bútmakken, dy't se neitiid ferdielden ûnder de pleatslike befolking. De Knight Kompanjy dwerseide oanhâldend Konfederearre funksjonarissen, en in grut tal belestingynders, rekrutearringsofsieren foar de tsjinstplicht en oare beämten waarden begjin 1864 yn Jones County en omlizzende countys deasketten.

De Konfederearre luitenant-generaal Leonidas Polk reägearre dêrop troch yn febrewaris 1864 in ôfdieling troepen nei it gebiet te stjoeren ûnder lieding fan kolonel Henry Maury. Dyselde kaam neitiid werom mei it nijs dat er it hiele gebiet skjinfage hie fan deserteurs, mar dêr heakke er oan ta dat de deserteurs drige hiene om mei Noardlike stipe werom te kearen. De griffier fan it gerjochtsgebou fan Jones County skreau begjin maart 1864 oan Charles Clark, de gûverneur fan Mississippy, dat Knight-en-dy it ynjen fan belesting yn 'e county ûnmooglik makke hiene. Luitenant-generaal Polk skreau op 21 maart oan 'e Konfederearre presidint Jefferson Davis dat de bindes deserteurs yn Jones County "yn iepen opstân" wiene en dat se fan harrensels seine dat se "Súdlike Yankees" wiene.

Tsjin ein maart 1864 hie de Knight Kompanjy it regear fan 'e county effektyf oernommen fan 'e Konfederaasje. Neffens in brief fan 'e Konfederearre kaptein Wirt Thompson oan James Seddon, de minister fan Oarloch fan 'e Konfederaasje, datearre op 29 maart, hiene Knight-en-dy Ellisville ferovere en dêr de Amerikaanske flagge hyst by it gerjochtsgebou. Knight besocht help te krijen fan 'e nei it suden ta opmarsjearjende Noardlike generaal William T. Sherman, en stjoerde him in brief wêryn't er úthold dat Jones County gjin ûnderdiel mear útmakke fan 'e Konfederaasje.