Mûravanka (Wyt-Russysk: Мураванка ) is in doarp yn Wyt-Ruslân. It leit yn de regio Grodno yn it westlike diel fan it lân, sa'n 170 kilometer westlik fan de haadstêd Minsk.
Skiednis Sûnt de stifting yn de 16e iuw makke Mûravanka diel út fan it Gruthartochdom Litouwen. Yn 1795 waard it Poalsk-Litouske Mienebest ferdield tusken it Russyske Ryk, Prusen en Eastenryk en Mûravanka kaam yn it Russyske Ryk te lizzen.
Nei de Earste Wrâldkriich foarme Mûravanka diel fan it Novogródek-woiwodskip fan de Twadde Poalske Republyk en nei de Twadde Wrâldkriich kaam it te lizzen yn Wyt-Ruslân.
Namme It doarp hat de namme te tankjen oan de bakstiennen muorren fan de wartsjerke.
It besjen wurdich It doarp stiet bekend fanwegen de ferneamde Marije-Bertetsjerke.
Kategory:Plak yn Wyt-Ruslân Kategory:Plak stifte yn de 16e iuw