Nightwish is in Finske metalband oprjochte yn 1996 yn Kitee. De band brocht yn 1997 syn debútalbum Angels Fall First út. De teksten fan de band gean benammen oer de leafde, natoer, astrology, religy en fantasy. 'Nightwish hat njoggen studio-albums en njoggen live-albums útbrocht.
Skiednis Nightswish waard yn 1996 oprjochte yn Kitee, troch toetsenist Tuomas Holopainen, gitarist Emppu Vuorinen en sjongeres Tarja Turunen, mei drummer Jukka Nevalainen en bassist Sami Vänskä. Nei it tredde album Wishmaster út 2000 waard bassist Vänskä ferfongen troch bassist en sjonger Marko Hietala. Yn 2005 waard sjongeres Turunen ûntslein, pas twa jier letter yn 2007 waard de Sweedske sjongeres Anette Olzon presentearre as de nije sjongeres hoewol't Olzon net lyk as Turunen in sopraan is. Olzon waard 1 oktober 2012 op har beurt wilens in toernee yn amearika ek ûntslein. De Nederlânske sjongeres Floor Jansen, waard holderdebolder ynflein om yn elk gefal it toernee ôf meitsje te kinnenPlease Learn the setlist in 48 hours. In jier letter yn oktober 2013 waard bekend dat Jansen by de band bleau. Op 6 augustus 2014 waard bekend dat drummer Nevalainen fanwegen sûnensproblemen net dielnimme soe oan it achtste album fan Nightwish. Hy waard ferfongen troch drummer Kai Hahto earder fan Wintersun. Op 15 july 2019, waard bekend dat Nevalainen definityf net werom komme soe efter de drumkit. Hahto waard hjirmei Nightwish's permaninte nije drummer. Yn 2021 waard bekent dat nei tweintich jier optreden mei de band, dat bassist Marko Hietala yn jannewaris 2021 ôfskied naam hie fan de band. Hy wurd by optredens ferfongen troch Wintersun bassist Jukka Koskinen. Yn augustus 2022 waard bekend makke dat Koskinen definityf de ferfanger waard fan Hietala arrowlordsofmetal.nl 22-8-2022, NIGHTWISH officially welcomes bassist JUKKA KOSKINEN .
Diskografy Studio-albums Album Utbrocht op Label Single(s) Angels Fall First 1 novimber 1997SpinefarmThe Carpenter Oceanborn 7 desimber 1998Sacrament of Wilderness,Walking in the Air (Howard Blake cover),Sleeping Sun Wishmaster 19 maaie 2000The Kinslayer,Deep Silent Complete Century Child 24 maaie 2002Ever Dream,Bless the Child Once 7 juny 2004 Nuclear Blast Nemo,Wish I Had an Angel,Kuolema Tekee Taiteilijan,The Siren Dark Passion Play 26 septimber 2007Amaranth,Erämaan Viimeinen,Bye Bye Beautiful,The Islander Imaginaerum 30 novimber 2011 Storytime,The Crow, the Owl and the Dove Endless Forms Most Beautiful 27 maart 2015 Élan,Endless Forms Most Beautiful Human. :II: Nature. 10 april 2020 Noise,Harvest
Live-albums Album Utbrocht op Label From Wishes to Eternity27 novimber 2001SpinefarmEnd of Innocence6 septimber 2003End of an Era1 juny 2006Nuclear BlastAmaranth31 augustus 2007Made in Hong Kong(and in Various Other Places)13 maart 2009Showtime, Storytime29 novimber 2013Vehicle of Spirit16 desimber 2016Decades:Live in Buenos Aires6 desimber 2019Virtual Live Show from the Islanders Arms 202111 maart 2022Deggael
Kompilaasje-albums Album Utbrocht opWishmastour 200012 novimber 2001Tales from the Elvenpath18 oktober 2004Bestwishes9 maart 2005Highest Hopes:The Best of Nightwish28 septimber 2005Amaranth22 augustus 2007The Sound of Nightwish Reborn5 septimber 2008Walking in the Air -The Greatest Ballads27 maaie 2011Decades(An Archive of Song 1996-2015)9 maart 2015
Kategory:Finske metalband Kategory:Band oprjochte yn 1996