Kenny Rogers (folút: Kenneth Ray Rogers; Houston, 21 augustus 1938 – Sandy Springs (Georgia), 20 maart 2020) wie in Amerikaansk sjonger, muzikant, lietsjeskriuwer, akteur, presintator, muzykprodusint en ûndernimmer, en ien fan 'e meast ferneamde country-artysten fan 'e wrâld. Hy sette yn 'e twadde helte fan 'e 1950-er jierren útein mei syn karriêre, en wie yn 't earstoan lid fan ferskate bands. De bekendste dêrfan wie The First Edition, wêrmei't er ein 1960-er jierren de hit Ruby, Don't Take Your Love to Town skoarde. As solo-artyst belibbe Rogers benammen yn 'e twadde helte fan 'e 1970-er jierren en yn 'e 1980-er jierren grutte súksessen, mei lieten as Lucille, The Gambler en Coward of the County.

Rogers song in protte duëtten mei sjongsters as Dolly Parton (bgl. Islands in the Stream) en Sheena Easton (We've Got Tonight), en covere ek lieten fan oare sjongers, lykas Reuben James, Me and Bobby McGee en The Son of Hickory Holler's Tramp. Behalven country song er ek wol popmuzyk en rockmuzyk. Hy hie mear as 120 hits en stie allinnich al yn 'e Feriene Steaten yn totaal rom 200 wiken op it earste plak yn 'e hitlisten. Rogers ferkocht wrâldwiid mear as 165 miljoen platen en wûn trije Grammy Awards en in grut tal American Music Awards, ACM Awards en CMA Awards. Njonken syn sjongkarriêre wurke er ek as akteur, benammen yn tillefyzjefilms dy't basearre wiene op guon fan syn lieten.

Libben en karriêre Jonkheid en oplieding Rogers waard yn 1938 berne yn Houston, yn 'e Amerikaanske steat Teksas, as it fjirde fan acht bern yn 'e húshâlding fan Edward Floyd Rogers (1904-1975), in timmerman, en dy syn frou Lucille Lois Hester (1910-1991), in assistint-ferpleechkundige. Hy wie fan mingd Iersk en Yndiaansk etnysk komôf. Rogers genoat leger ûnderwiis oan 'e Wharton Elementary School, en middelber ûnderwiis oan 'e Jefferson Davis High School (no de Northside High School), dêr't er yn 1956 foar syn eineksamens slagge.

Sjongkarriêre Iere jierren by ferskate bands Rogers sette syn sjongkarriêre útein as rockartyst. Hy hie yn 1957, doe't er njoggentjin jier wie, in lytse hit mei it nûmer That Crazy Feeling. Neitiid joech er him by in jazzband mei as namme The Bobby Doyle Three, dy't in protte optreden yn nachtklubs en sa ridlik wat fans krigen. De band naam syn platen op by platemaatskippij Columbia Records, mar gie yn 1965 útinoar. It jiers dêrop naam Rogers as solo-artyst in jazzy rock-single op foar Mercury Records, mei as namme Here's That Rainy Day. Doe't dat gjin súkses waard, begûn er te wurkjen as muzykprodusint, lietsjeskriuwer en eftergrûnmuzikant foar country-artysten as Mickey Gilley en Eddy Arnold. (Hy bespile it basgitaar, de fioel en de harmonika.)

Letter yn 1966 joech Rogers him by in nije band, The New Christy Minstrels, dêr't er lead-sjonger en basgitarist waard. Yn 1967 spjalten Rogers en trije oare bandleden, Mike Settle, Terry Williams en Thelma Camacho, harren ôf fan The New Christy Minstrels, en rjochten in eigen band op, dy't The First Edition kaam te hjitten. (Letter, doe't Rogers bekendheid krige, waard de namme feroare yn 'Kenny Rogers and the First Edition'.) Kin Vassy waard it fyfde bandlid. The First Edition hie sawol pop- as countryhits, wêrûnder it psychedelyske rockliet Just Dropped In (to See What Condition My Condition Was In), dat jierren letter nije bekendheid krije soe doe't it troch de bruorren Coen brûkt waard foar de soundtrack fan in dreamsêne fan 'e kultfilm The Big Lebowski. Oare hits fan The First Edition wiene: But You Know I Love You, Ruby, Don't Take Your Love to Town, Tell It All, Brother, Reuben James, Me and Bobby McGee en Something's Burning.

Heechtijdagen Doe't The First Edition yn 1976 útinoar gie, besocht Rogers op 'e nij, en diskear mei súkses, in solokarriêre te begjinnen. Hy tekene in kontrakt mei United Artists Records en begûn in gearwurking mei muzykprodusint Larry Butler dy't fjouwer jier duorje soe. Dêrby ûntwikkele er in eigen styl dy't sawol leafhawwers fan country oanspriek, as (faak) foar popmuzyk trochgean koe. Syn earste studio-album, dat útkaam yn juny 1976, wie Love Lifted Me. De beide lieten dy't dêrfan as single útbrocht waarden, Love Lifted Me en While the Feeling's Good, waarden lytse hits.

Yn jannewaris 1977 brocht Rogers syn twadde studio-album út, dat simpelwei Kenny Rogers hiet. De earste single fan dat album, Laura (What's He Got That I Ain't Got) waard fannijs in lytse hit, mar de twadde single, Lucille, dat giet oer oerhoer en ympotinsje, waard in ûnbidich súkses. It smiet Rogers syn earste Grammy Award op, yn de kategory bêste manlike countrysang. Der giene mear as fiif miljoen eksimplaren fan oer de toanbank en it nûmer fêstige de karriêre fan Rogers as countrysjonger. Benammen troch it súkses fan Lucille berikte it album Kenny Rogers it earste plak yn de gesachhawwende Country Album Chart fan it muzyktydskrift Billboard. It waard Rogers syn earste platina plaat. Behalven de beide as singles útbrochte lieten befette Kenny Rogers ek Rogers syn coverferzje fan The Son of Hickory Holler's Tramp. Syn syn trêde album, Daytime Friends, dat yn july 1977 ferskynde, waard ek platina.

Yn 1978 wurke Rogers gear mei sjongster en countryleginde Dottie West, dy't in goede freondinne fan him wie, foar inkele albums en in stikmannich duëtten. Fan 'e beide albums berikte de gouden plaat Every Time Two Fools Collide (1978) it earste plak yn 'e albumlisten, wylst Classics (1979) stykjen bleau op plak 3, mar him ûntjoech ta in platina plaat. De duëtten Every Time Two Fools Collide (nû. 1), Anyone Who Isn't Me Tonight (nû. 2), What Are We Doin' in Love (nû. 1), All I Ever Need Is You (nû. 1) en Till I Can Make It On My Own (nû. 3) waarden sûnder útsûndering countryklassikers. Yn in parseberjocht út 1978 sei Rogers dat West syn karriêre by it countrypublyk konsolidearre hie. Hy wie ien fan 'e lêsten dy't har libben seagen doe't se yn 1991 mei 58 jier beswiek oan ferwûnings dy't se oprûn hie by in auto-ûngemak. Yn 1995 spile Rogers himsels yn 'e biografyske tillefyzjefilm Big Dreams and Broken Hearts: The Dottie West Story.

Love or Something Like It, Rogers syn fyfde studio-album, dat yn july 1978 útkaam, waard in gouden plaat yn 'e Feriene Steaten en Kanada. In folle grutter súkses waard syn sechsde album, The Gambler, dat yn 'e Feriene Steaten fiif kear platina waard en yn Kanada fjouwer kear. De grutste hit fan dat album wie de single The Gambler, oer de lêste rie fan in âlde gokker, dêr't Rogers syn twadde Grammy Award mei wûn. It album Kenny, dat yn 1979 útkaam en yn 'e Feriene Steaten trije kear platina en yn Kanada fjouwer kear platina waard, omfette de nûmer 1-single Coward of the County, ien fan Rogers syn grutste en bekendste hits, op basis wêrfan't yn 1981 in film makke waard. Yn 1980 beëinigen Rogers en muzykprodusint Larry Butler harren wurkbân foarearst, hoewol't se letter noch ferskate kearen ynsidinteel gearwurkje soene, lykas yn 1987 oan it album I Prefer the Moonlight en yn 1993 oan it album If Only My Heart Had a Voice.

Yn 1980 kaam Rogers syn kompilaasje-album Greatest Hits út, dat sawol yn 'e Feriene Steaten as yn Kanada in diamanten plaat (tolve kear platina) waard. Datselde jiers waard it liet Don't Fall in Love with a Dreamer, dat Rogers opnaam yn in duët mei Kim Carnes, in grutte hit. Letter yn 1980 begûn er in gearwurking mei Lionel Richie, dy't Rogers syn nûmer 1-hit Lady skreau en produsearre. Richie produsearre ek Rogers syn súksesfolle album Share Your Love, út 1981, mei pophits as I Don't Need You (nû. 3), Through the Years (nû. 13) en Share Your Love with Me (nû. 14). Datselde jiers brocht Rogers syn earste krystalbum út, mei as titel Christmas. Ek kocht er yn 1981 it âlde Dunhill-gebou fan ABC, dêr't er ien fan 'e modernste en populêrste muzykstudio's fan Los Angeles fan makke.

Yn 1982 brocht Rogers it album Love Will Turn You Around út, wêrfan't de titelsong it trettjinde plak berikte yn 'e Billboard Hot 100-pophitlist en it earste plak helle yn 'e countryhitlisten. It wie ek de titelmuzyk fan Rogers syn film Six Pack, dy't itselde jiers útkaam. Koarte tiid letter gied er in gearwurking oan mei muzykprodusint David Foster, dy't yn 1983 syn duët mei Sheena Easton We've Got Tonight produsearre (eins in cover fan Bob Seger), dat in ûnbidich súksesfolle nûmer 1-hit waard.

Neitiid wurke Rogers gear mei Barry Gibb fan de Bee Gees, dy't yn 1983 syn album Eyes That See in the Dark produsearre. Dat waard yn 'e Feriene Steaten twa kear platina en yn Kanada trije kear platina. It hie eins de bedoeling west dat se inkeld ien liet mei-inoar meitsje soene, mar op oantrún fan Gibb kaam der út harren gearwurking in hiel album fuort. Eyes That See in the Dark omfette noch wer in ûnbidich súksesfolle nûmer 1-hit: it duët mei Dolly Parton Islands in the Stream, dat yn 2005 troch de CMT Music Awards útroppen waard ta favorite countryduët aller tiden. Gibb en syn bruorren Robin en Maurice skreaune it liet oarspronklik foar Marvin Gaye yn in R&B-styl en pasten it earst letter oan foar Rogers en Parton.

It folgjende jier, 1984, wurken Rogers en Parton op 'e nij gear, doe't se tegearre it krystalbum Once Upon a Christmas makken, dat resultearre yn it populêre krystliet Christmas Without You. Yn 1985 wurke Rogers mei oan it duët Real Love, dat útbrocht waard as in single fan Parton en fuortendaliks boppe-oan yn 'e hitlisten kaam. Ek yn lettere jierren songen Rogers en Parton noch gauris tegearre, de lêste kear foar You Can't Make Old Friends, in duëtsingle út 2013.

Lettere jierren Yn 1984 brocht Rogers syn fyftjinde studio-album út, What About Me?, wêrfan't er de titelsong What About Me? song mei Kim Carnes en James Ingram. Dat nûmer waard nominearre foar in Grammy Award, wylst in oar liet fan itselde album, Crazy, it earste plak yn 'e hitlisten berikte. Rogers syn folgjende album, The Heart of the Matter, waard produsearre troch George Martin. Ek dit album wie súksesfol, en waard in gouden plaat, mar it helle it lang net by Rogers syn eardere súksessen. Op 28 jannewaris 1985 wie Rogers ien fan 45 Amerikaanske sjongers dy't it goeddiedichheidsnûmer We Are the World songen om jild yn te sammeljen foar de slachtoffers fan de grutte hongersneed yn Etioopje. It liet waard foar in part yn syn eigen studio yn Los Angeles opnommen.

Yn 'e folgjende jierren skoarde Rogers geregeldwei hits, lykas Twenty Years Ago, Morning Desire en Tomb of the Unknown Love. Syn folgjende albums, They Don't Make Them Like They Used To (1986) en I Prefer the Moonlight (1987), diene it lykwols mar midsmjittich, hoewol't Something Inside So Strong (1988) en it krystalbum Christmas in America (1989) wer gouden platen waarden. Yn 1988 wûn Rogers syn trêde Grammy Award foar it nûmer Make No Mistake, She's Mine, in duët mei Ronnie Milsap. Yn 'e 1990-er jierren berikte er op 'e nij de top fan 'e hitlisten mei nûmers as The Factory, Crazy in Love, If You Want to Find Love en The Greatest. Fan 1991 oant 1994 wied er op de tillefyzjestjoerder A&E Network presintator fan The Real West, in dokumintêresearje oer it Wylde Westen.

Yn 1994 brocht Rogers ûnder de titel Timepiece syn "dream"-album út dat bestie út jazz-nûmers yn in styl dy't tebek gie op 'e 1930-er en 1940-er jierren. It wie foar him in nostalgyske trip werom yn 'e tiid nei it soarte muzyk dat er yn syn iere jierren as lid fan The Bobby Doyle Three makke hie. Yn 1996 kaam it album Vote for Love út, dêr't Rogers leafdeslieten op song dy't útkeazen wiene troch in stimming ûnder syn fans. Tusken de covers fan bekende ferskes sieten ek ferskaten fan syn eigen lieten. Hoewol't it album inkeld fia tillefyzjewinkel QVC te krijen wie, waard it in ûnbidich súkses en kaam it omreden fan de grutte fraach letter ek yn de gewoane winkels beskikber. Yn 1999 produsearre en song Rogers ek in liet, We've Got It All, foar de lêste ôflevering fan de komeedzjesearje Home Improvement. Dat ferske stiet op gjin inkeld album en opnames derfan bringe in hege priis op by feilings.

21e iuw