Julius Vitringa Coulon (Ljouwert, 9 augustus 1824 - Wommels, 14 july 1878) wie in Nederlânsk bestjoerder fan Frysk komôf.

Libben Vitringa Coulon wie in soan fan dr. Aemilius Vitringa Coulon en Nieske Zeper. Syn beide pakes dr. Julius Vitringa Coulon (1767-1843) en Pier Zeper hawwe boargemasters west yn Ljouwert.

Hy waard yn of foar 1858 beneamd ta residint ter Kuste van Guinea, de Nederlânske Goudkust. Hy wie teffens rjochter yn Elmina, lid fan de koloniale ried en kommandant fan in tal forten oan de Goudkust. Mei yngong fan 15 maaie 1866 waard er op eigen fersyk ûntslein as residint. thumb|175px|Kaart fan it distrikt Axim, tekene troch Julius Vitringa Coulon yn 1859 Hy gie werom nei Nederlân en sette him nei wenjen yn Boxmeer. Yn 1869 boaske er dêre oan Elisabeth Johanna van Hien (1840-1918), dochter fan syn kollega koloniaal bestjoerder Carel van Hiem. Vitringa Coulon waard yn 1874 beneamd ta boargemaster fan Sleat; it jier dêrnei folge syn beneaming yn Hinnaarderadiel.

Vitringa Colon stoar, nei in sykte fan in pear wiken, yn de âldens fan 53 jier.

Kaart fan it distrikt Axim Doe't Vitringa Coulon kommandant fan Fort Sint Anthony yn Axim wie, hjitte it Nederlânske koloniale bestjoer alle kommandanten om in kaart fan it gebiet om harren fort hinne te tekenjen, as part fan in administrative herfoarming dy't as doel hie de om sûzereiniteit oer de folken yn de omkriten fan it fort te festigjen. De kaart dy't Vitringa Coulon tekene, wurdt bewarre yn it Nasjonaal Argyf yn De HaachNasjonaal Argyf.

Kategory:Frysk politikus Kategory:Boargemaster fan Hinnaarderadiel Kategory:Boargemaster fan Sleat Kategory:Frysk rjochter Kategory:Nederlânsk rjochter Kategory:Frysk persoan fan Hugenoatsk komôf Kategory:Nederlânsk persoan fan Frysk komôf Kategory:Nederlânsk persoan fan Hugenoatsk komôf Kategory:Persoan berne yn Ljouwert Kategory:Persoan stoarn yn Wommels Kategory:Persoan berne yn 1824 Kategory:Persoan stoarn yn 1878