Must Love Hellhounds is in blomlêzing yn 'e foarm fan in ferhalebondel. De titel betsjut "Moat fan Hellehûnen Hâlde" (in humoristyske ferwizing nei de tekst dy't men gauris yn kontaktadvertinsjes sjocht, dêr't dan stiet "moat fan hûnen hâlde" of "moat fan katten hâlde"). It boek omfettet fjouwer novelles, dy't, neffens de tekst op 'e omslach, oer "duvelske hûnen" geane. Se binne spesjaal foar Must Love Hellhounds skreaun troch Charlaine Harris, Nalini Singh, Ilona Andrews en Meljean Brook. Must Love Hellhounds waard yn 2009 publisearre troch de New Yorkske útjouwerij Berkley Books.

Novelles Charlaine Harris, The Brittlingens Go to Hell Nalini Singh, Angels' Judgment Ilona Andrews, Magic Mourns Meljean Brook, Blind Spot

Kategory:Fantasyferhalebondel Kategory:Ingelsktalige ferhalebondel Kategory:Ferhalebondel út 2009 Kategory:Literatuer oer tsjoenderij