Hosni Mûbarak (folút: Mohammed Hosni Saïd Mûbarak, Arabysk: محمد حسني سيد مبارك, sekuere transliteraasje: Muḥammad Ḥusnī Sa‘īd Mubārak; útspr.: [mu'ħam:ad 'ħusni: sa'ʕi:d mu'ba:rak], likernôch: "mû-hammad hûs-nii sa-iid mû-baa-rak"; Kafr el Meselha, 4 maaie 1928 – Kaïro, 25 febrewaris 2020) wie fan 1981 oant 2011 de fjirde presidint fan Egypte. Hy sette syn karriêre útein as gefjochtspiloat by de Egyptyske Loftmacht, wêrfan't er fan 1972 oant 1975 kommandant wie. Yn 1975 klom er op ta fise-presidint, en nei de moard op Anwar Sadat naam er yn 1981 de macht yn Egypte oer. Mûbarak regearre as in diktator en dulde net folle opposysje. De ferkiezings dy't er ûnder druk fan 'e Westerske wrâld organisearre, wiene skynfoarstellings dy't neat mei demokrasy te krijen hiene.
Mûbarak bleau úteinlik tritich jier oan 'e macht, en wie dêrmei de langst regearjende Egyptyske hearsker sûnt de Osmaanske ûnderkening Mohammed Ali, dy't yn 'e earste helte fan 'e njoggentjinde iuw 43 jier regearre. Massale demonstraasjes yn it ramt fan 'e Arabyske Maityd laten begjin 2011 ta de Egyptyske Revolúsje, wêrby't Mûbarak ôfset waard. Neitiid waard er yn 2012 ta libbenslange finzenisstraf feroardiele foar de willensmoedse moard op withoefolle freedsume demonstranten. Nei't de prille demokrasy yn Egypte ûnder fuotten helle wie en der in nije militêre diktatuer ynsteld wie ûnder maarskalk Abdel Fatta al-Sisi, waard de feroardieling fan Mûbarak yn 2015 weromdraaid, wêrnei't er yn 2017 frijkaam. Nei syn ferstjerren yn 2020 krige er in militêre begraffenis.
Libben en karriêre Jonkheid en karriêre yn 'e loftmacht Mûbarak waard yn 1928 berne yn Kafr el Meselha, in plak yn it Egyptyske gûvernemint Monûfia. Nei de middelbere skoalle learde er fierder oan 'e militêre akademy, mar yn febrewaris 1949 stapte er oer nei de Egyptyske Loftmachtakademy. Hy behelle dêr syn fleanbrevet, ûntfong in bachelortitel yn loftfeartwittenskippen, en waard yn maart 1950 as fleander-ofsier opnommen yn 'e Egyptyske Loftmacht. As ofsier tsjinne Mûbarak by ferskate ienheden. Sa wied er twa jier lang piloat by in squadron dat mei Spitfires fleach, en mids 1950-er jierren kearde er werom nei de Loftmachtakademy, dêr't er oant 1959 as ynstrukteur wurke.
Fan febrewaris 1959 oant juny 1961 folge Mûbarak fierdere training yn 'e Sovjet-Uny, dêr't er learde oan in fleanskoalle yn Moskou en oan in oarenien op 'e Loftbasis Kant by Bisjkek (doe Frûnze), yn wat no Kirgyzje is. Hy learde dêr te fleanen yn strielbommesmiters fan 'e types Iljûsjin Il-28 en Tûpolev Tû-16. Yn 1964 wûn Mûbarak in plak oan 'e Frûnze Militêre Akademy yn Moskou.
Nei't er yn 1965 weromkeard wie yn Egypte, tsjinne Mûbarak earst as luitenant-kolonel mei ferskate squadrons gefjochtsfleantugen ûnder syn befel, en letter, yn oktober 1966, as kommandant fan 'e Loftmachtbasis Kaïro West. Ek wied er koarte tiid kommandant fan 'e Loftmachtbasis Beni Sûef. Yn novimber 1967 waard er oansteld as direkteur fan 'e Egyptyske Loftmachtakademy. Yn dy funksje wist er it tal Egyptyske loftmachtpiloaten binnen inkele jierren te ferdûbeljen as ûnderdiel fan 'e tarieding op 'e Jom Kippoeroarloch. Yn juny 1969 waard Mûbarak stêfsjef fan 'e Egyptyske Loftmacht, en yn april 1972 waard er promovearre ta kommandant fan 'e loftmacht en ûnderminister fan Definsje.
Op 6 oktober 1973, by it útbrekken fan 'e Jom Kippoeroarloch tusken Egypte en Syrje oan 'e iene kant en Israel oan 'e oare kant, fierde de Egyptyske Loftmacht in ferrassingsoanfal út op 'e Israelyske troepen dy't sûnt de Seisdeiske Oarloch fan 1967 de eastigge fan it Suëzkanaal beset holden. Dêrby rekken de Egyptyske piloaten 90% fan harren doelen, wat fan Mûbarak in nasjonale held makke. Hoewol't Egypte en Syrje de oarloch úteinlik ferlearen, waard Mûbarak foar syn oandiel yn 'e striid yn 1974 befoardere ta loftmaarskalk.
Mûbarak syn rol yn 'e oarloch waard letter lykwols yn twifel lutsen troch Sjachdan el-Sjazli, de dochter fan Saäd el-Sjazli, dy't ûnder de Jom Kippoeroarloch sjef fan 'e Generale Stêf fan 'e Egyptyske Striidkrêften wie. Neffens har oerdreau Mûbarak syn eigen rol yn 'e oarloch, en yn in fraachpetear mei de krante Al-Masry Al-Ajûm, op 26 febrewaris 2011, hold se út dat er letter sels dokuminten ferfalskje litten hie om 'e eare op te striken fan 'e iere Egyptyske oerwinnings yn 'e oarloch. Dêrby soe de namme fan har heit troch Mûbarak syn eigen namme ferfongen wêze. Ek soene neffens har offisjele foto's út dy tiid mei digitale fotobewurkingstechniken oanpast wêze om it byltenis fan har heit te wiskjen en yn it plak dêrfan Mûbarak sels yn 'e foto op te nimmen.
Politike karriêre Iere jierren Op basis fan 'e reputaasje dy't er yn 'e Jom Kippoeroarloch wûn hie, stelde de Egyptyske presidint Anwar Sadat Mûbarak yn april 1975 oan ta fise-presidint. Yn dy hoedanichheid wie Mûbarak belutsen by it oerlis fan 'e leden fan it Egyptyske regear oer de takomstige oplossing fan 'e oarlochssitewaasje mei Israel. Yn septimber 1975 gied er op misje nei Ar-Riaad en Damaskus om 'e regearings fan Saûdy-Araabje en Syrje oer te heljen en gean akkoart mei de oerienkomst mei Israel (Sinaï II) dy't úteinlik ta frede liede moast. Hy wist in duorjende freonskip te sluten mei de machtige Saûdyske kroanprins Fachd (mei wa't Sadat net troch ien doar koe), mar yn Damaskus waard him in moeting mei de Syryske presidint Hafez al-Assad wegere.
Yn deselde snuorje wist Mûbarak ek goede relaasjes te smeien mei oare lieders yn 'e Arabyske wrâld, ûnder wa sultan Kabûs fan Omaan, kening Hassan II fan Marokko en presidint Djaafar Nimeiry fan Sûdaan. Sadat furdige Mûbarak ek ôf nei withoefolle topmoetings mei lieders fan bûten de Arabyske wrâld, en hy droech syn presidinsjele macht sels oan Mûbarak oer as er sels mei fakânsje gie. Dat woe net sizze dat Sadat en Mûbarak it oeral oer iens wiene. Mûbarak stipe wol Sadat syn krewearjen om it troch Israel besette Sinaï-skiereilân wer ûnder Egyptysk bewâld werom te bringen, mar hy wie in tsjinstanner fan 'e Camp David-akkoarten dy't Sadat yn 1978 ûnder bemiddeling fan 'e Amerikaanske presidint Jimmy Carter mei de Israelyske premier Menachem Begin sleat. Troch dat ferdrach mocht dan wol de Israelyske besetting fan it Sinaï-skiereilân opheft wurde, mar der waard yn foarbygien oan hast alle oare aspekten fan it Arabysk-Israelyske konflikt.
Ynswarring as presidint Op 12 oktober 1981 waard Anwar Sadat fermoarde by in oanslach troch Egyptyske soldaten ûnder oanfiering fan luitenant Chalid Islaambûli. De oanslach fûn plak ûnder in militêre parade, dêr't Mûbarak ek by oanwêzich wie. Hy rekke lichtferwûne. Nei de dea fan Sadat waard Sûfi Abû Taleb waarnimmend presidint, oant Mûbarak nei in presidinsjeel referindum foar him yn 't plak beneamd waard as de fjirde presidint fan Egypte. As syn fise-presidint stelde er Omar Sûleiman oan.
Weropname fan Egypte yn 'e Arabyske Liga Under it regear fan Anwar Sadat wie Egypte yn 1979 skorst as lid fan 'e Arabyske Liga, om't it de Arabyske saak ferret hawwe soe troch de Camp David-akkoarten mei aartsfijân Israel te sluten. Egypte wie it earste lân dat sa troch de Liga teplak set waard, en ek it iennichste oant Lybje oan it begjin fan 'e Earste Libyske Boargeroarloch yn 2011 itselde oerkaam. Sadree't Mûbarak, fan wa't bekend wie dat hy gjin foarstanner fan it ferdrach mei Israel west hie, presidint waard, wie syn wichtichste politike doel om syn lân wer yn 'e Arabyske Liga opnommen te krijen. Dêrta hied er yn juny 1982 in moeting mei kening Fachd fan Saûdy-Araabje, dy't it begjin markearre fan in stadich opbetterjende relaasje tusken Egypte en Saûdy-Araabje. Mei't Egypte it Arabyske lân mei de grutste befolking en de grutste kulturele ynfloed wie, en Saûdy-Araabje it rykste, wie de as tusken Kaïro en Ar-Riaad in wichtich bûnsgenoatskip yn 'e Arabyske wrâld.
In bykommende faktor dy't de weropname fan Egypte yn 'e Arabyske Liga makliker makke, wie de druk dy't Iraan sûnt de Islamityske Revolúsje fan 1979 op 'e oanbuorjende Arabyske steaten lykas Irak, Koeweit, Saûdy-Araabje, Bachrein, Katar en de Feriene Arabyske Emiraten útoefene. It Iraanske regear fan grut-ajatolla Chomeini liet him derop foarstean de lieder fan 'e islamityske wrâld te wêzen, en ûndernaam iepentlik stappen om regearings yn it Midden-Easten dy't as 'ûn-islamitysk' beskôge waarden, ûnder fuotten te heljen. Foar de rike en dêrtroch ynfloedrike Arabyske Golfsteaten wie it Israelysk-Palestynske konflikt fan minder belang as it beheinen fan 'e macht fan Iraan. Mûbarak krewearre ûnderwilens ek foar de fermoedsoening fan Egypte mei oare Arabyske lannen. Sa stipe er Irak ûnder de Iraansk-Iraakse Oarloch fan 1980-1988 troch in miljoen Egyptyske gastarbeiders nei Irak te stjoeren dy't dêr de ekonomy draaiende holden wylst de measte Iraakske manlju as soldaten oan it front fochten. En yn desimber 1983 ferwolkomme er Jasser Arafat, de foaroanman fan 'e PLO, yn Kaïro, wat it begjin wie fan in neieroankommen mei de Palestinen.
In ynsidint dat fan grutte ynfloed wie op it oansjen fan Egypte yn 'e Arabyske wrâld foel foar doe't yn oktober 1985 in fleantúch fan loftfeartmaatskippij EgyptAir troch strieljagers fan 'e Amerikaanske Loftmacht ûnder bedriging mei delsjitten twongen waard om yn Itaalje te lânjen. It ferkearsfleantúch hie de dieders oan board fan 'e kaping fan 'e Achille Lauro, wêrby't de 69-jierrige ynfalide Joadske Amerikaan Leon Klinghoffer fermoarde wie. De ôfspraak hie west dat de kapers yn ruil foar de frijlitting fan 'e gizelders nei Tuneezje ôfreizgje mochten, mar de Feriene Steaten kamen dêr neitiid op werom. It ynsidint soarge foar izige relaasjes tusken Egypte en de Feriene Steaten, en Mûbarak liet witte dat er him "kwetst" fielde. Al mei al hie Egypte tsjin 'e ein fan 'e 1980-er jierren de sintrale posysje dy't it oant 1979 yn 'e Arabyske wrâld ynnommen hie, wer weromwûn. It lân waard yn 1989 wer as in folweardich lid yn 'e Arabyske Liga opnommen.
Binnenlânsk belied Mûbarak soarge der yn 'e 1980-er jierren foar dat der mear betelbere húsfêsting en klean yn Egypte beskiber kaam, en ek dat de sûnenssoarch ferbettere waard. De oerheid bleau ûnder syn bewâld fierwei de grutste wurkjouwer fan it lân, mei 8 miljoen wurknimmers op in befolking fan 75 miljoen.
Tagelyk wreide Mûbarak ek de organisaasje en it foech út fan 'e Steatsfeilichheidsûndersykstsjinst (Mabahith Amn ad-Dâla), de Egyptyske geheime plysje, en itselde gou foar de Sintrale Feilichheidskrêften, de Egyptyske oproerplysje. Troch de hiele 1980-er, 1990-er en 2000-er jierren hinne wiene minskerjochteskeinings troch de Egyptyske plysje en oare oerheidstsjinsten neffens Amnesty International "stelselmjittich". Neffens in rapportaazje fan dy minskerjochte-organisaasje út 2007 wie it foar de Egyptyske feilichheidstsjinst rûtine om arrestanten yninoar te slaan en se te ûnderwerpen oan deadsbedrigings, elektryske skokken, lang oanholden ophinging oan 'e polzen en ankels yn ferwrongen lichemshâldings en seksueel misbrûk. Politike dissidinten en jonge aktivisten waarden sûnder berjochting finzenset. Ek waarden der yllegale, geheime finzenissen fêstige, dêr't opposanten fan Mûbarak syn rezjym yn weiwaarden.
Benammen om't er him tsjin it islamityske fûnemintalisme kearde, wie Mûbarak ûnder syn presidintskip it doelwyt fan (neffens in ûndersyk troch de BBC) seis feridele moardoanslaggen. Sa soe de Egyptyske Islamityske Djihaad yn juny 1995 in oanslach mei gifgas op Mûbarak útfiere wollen hawwe doe't er yn Etioopje te gast wie op in konferinsje fan 'e Organisaasje fan 'e Afrikaanske Ienheid. Ek soed er yn septimber 1999 in oanslach fan in mei in mês bewapene oanfaller yn Port Saïd oerlibbe hawwe.