Valerian and the City of a Thousand Planets is in Ingelsktalige Frânsk-Sineesk-Amerikaansk-Belgyske science fiction-aventoerefilm út 2017 ûnder rezjy fan Luc Besson, mei yn 'e haadrollen Dane DeHaan en Cara Delevingne. It ferhaal is basearre op 'e Frânske science fiction-stripsearje Valérian et Laureline, fan Pierre Christin en Jean-Claude Mézières, en giet oer twa plysje-ofsieren fan 'e Feriene Minsklike Federaasje dy't yn 'e fiere takomst besykje en bewarje frede en oarder tusken de ferskillende bûtenierdske rassen dy't de Molkewei bewenje. De film waard troch Besson en syn frou Virginie Besson-Silla produsearre op basis fan ynvestearrings fan lytse filmstudio's oanfolle mei crowdfundingsaksjes. Mei in budget fan krapoan €200 miljoen wie Valerian and the City of a Thousand Planets sawol de djoerste Jeropeeske as de djoerste ûnôfhinklike film ea makke. De film krige mingde resinsjes fan 'e filmkritisy, dy't krityk hiene op 'e plot en de casting, mar lof foar de fisuële effekten. Hoewol't de film yn 'e bioskopen mear opbrocht as it produksjebudget, kaam er fanwegen de hege marketingútjeften net út 'e kosten.
Plot Troch oanhâldende gearwurking, earst tusken de ûnderskate lannen en territoaria fan 'e Ierde, en letter tusken de minskheid en bûtenierdske rassen, groeit it Ynternasjonaal Romtestasjon ISS meitiid út ta sa'n grutte massa dat it de Ierde út syn baan om 'e Sinne driget te lûken. Dêrom wurdt der in foarm fan oandriuwing oan fêstmakke, en wurdt it romtestasjon op in ûneinige reis troch de Molkewei stjoerd. Sa groeit it meitiid út ta Alpha, in romtereizgjende stêd dy't bewenne wurdt troch miljoenen wêzens dy't ôfkomstich binne fan tûzenen planeten. De Feriene Minsklike Federaasje, it wrâldregear dêr't alle lannen en territoaria fan 'e Ierde yn fertsjintwurdige binne, rjochtet in spesjale plysjedifyzje op dy't út Alpha wei operearret mei as taak om 'e frede en oarder yn 'e hiele Molkewei te hanthavenjen. Yn 'e 28e iuw binne twa fan 'e ofsieren fan dy plysjetsjinst de soargeleaze majoar Valerian en syn partner, de no-nonsense sersjant Laureline.
Underweis foar in misje kriget Valerian in dream oer in planeet, Mül, dêr't in leech-technologysk humanoïde ras fan bûtenierdske wêzens fredich in paradyslik bestean liedt. De bewenners fan 'e planeet fiskje nei pearels dy't in ûnbidige soad enerzjy befetsje, en brûke lytse bisten, dy't fan natuere op Mül foarkomme en dy't it fermogen hawwe om alles te duplisearjen dat se opfrette, om 'e pearels te fermannichfâldigjen. Sûnder warskôging begjinne wrakstikken út 'e loft te fallen, wêrûnder in romteskip dat troch de bemanning ferlitten is, mar dat struktureel noch yntakt is. De keizer fan Mül giet mei in grutte entoeraazje op ûndersyk út yn it skip, dêr't se fêst komme te sitten as de doar tichtlutsen wurdt en net wer iepen kin. Op dat stuit stoart in reuseftich romteskip del op 'e planeet, wat in ûntploffing fan sa'n swierte feroarsaket, dat de hiele wrâld ferneatige wurdt en alle libben omkomt, útsein de keizer en syn entoeraazje, dy't foar de gefolgen fan 'e ûntploffing beskerme wurde troch it skip dêr't se har yn befine. De prinsesse Lihö-Minaa befynt har lykwols bûten it skip en har âlden binne tsjûge fan har dea. Op it momint dat se stjert stjoert se, sa't alle bewenners fan Mül dat dogge, in telepatysk boadskip út.
As Valerian wekker wurdt, is er rare oandien, en de nuvere dream bliuwt him by. As er himsels analysearje lit troch Alexa, de boardkompjûter fan syn romteskip, docht bliken dat de dream it gefolch is fan in telepatysk sinjaal dat er troch tiid en romte hinne opfongen hat. Neitiid ferfolgje hy en Laureline, syn partner mei wa't er oanhâldend mar om 'e nocht in romantyske relaasje besiket te begjinnen, harren misje nei de planeet Kirian. Dêr moatte se yn 'e multy-diminsjonale bazar fan Big Market in 'Mül-omsetter' sjen te besetten, in wêzentsje dat alles replisearje kin dat er opfret. It giet om 'e lêste libbene Mül-omsetter, dy't op it stuit yn 'e hannen is fan in swarthanneler mei de namme Igon Siruss. Nei't se op Kirian arrivearre binne, mar ear't se los faninoar op misje geane, freget Valerian ympulsyf oan Laureline om mei him te trouwen, mar hja stegeret him skodholjend ôf, net om't se gjin belangstelling foar him hat, mar om't se mient dat er net oprjocht is en om't se net ien fan 'e withoefolle românses wurde wol dy't Valerian earder al mei oare froulike kollega's hân hat.
Valerian ûnderbrekt yn Big Market, yn in sône dêr't de tagong foar minsken ferbean is, in moeting fan Igon Siruss mei in pear keapers fan 'e Mül-omsetter, dy't as twa drippen wetter lykje op 'e humanoïden út syn dream. De Mül-omsetter blykt ek itselde soarte bist te wêzen as er yn syn dream sjoen hat. Foar't Valerian útpykt mei it bistke, stelt (of konfiskearret) er ek de pearel wêrmei't de beide humanoïden Igon Siruss foar de Mül-omsetter betelje woene. Hy wurdt efterfolge troch in ferskuorrend hagediseftich húsdier dat Igon Siruss op him ôfstjoert, mar mei help fan Laureline wit er sawol oan it bist as oan 'e swierbewapene trewanten fan 'e swarthanneler te ûntkommen. Werom oan board fan harren romteskip ûntdekt Valerian dat de planeet Mül tritich jier earder ferneatige is, mar dat alle ynformaasje dêroer klassifisearre is as steatsgeheim.
Nei't se weromkeard binne yn Alpha, ynformearret harren ûnsympatike oerhearrige, kaptein-luitenant Arün Filitt, harren dat it binnenste fan 'e grutte romtestêd besmet rekke is mei radioaktive strieling, en dat it gebiet dat dêrmei oanhelle is, almar flugger grutter groeid. Troepen dy't nei it besmette gebiet ta stjoerd binne, dêr't kommunikaasje net mooglik is, binne net weromkeard. Filitt beskôget de him ferspriedende strieling as in militêre oanfal fan in fijân. It fuortbestean fan Alpha stiet op it spul, dat der moat no hiel gau en op ûnmeilydsume wize mei dy fijân ôfweefd wurde. Valerian en Laureline wurde troch de minister fan Definsje as persoanlike liifwachten oan Filitt tafoege. Om Filitt hie dat net hoegd, mar hy kin der neat tsjinyn lizze. As se har nei in spoedgearkomste bejouwe, dêr't alle rassen dy't Alpha bewenje, fertsjintwurdige binne, behâldt Laureline de soarch foar de Mül-omsetter, op 'e nij tsjin 'e winsken fan Filitt yn.
It blykt lykwols in ferstannich idee te wêzen as de gearkomste hommels oerfallen wurdt troch de humanoïden fan Mül, dy't alle oanwêzigen ûnskeadlik meitsje troch se te besproeien mei in tsjûke laach slym, wêrnei't se Filitt ûntfiere. Valerian is de iennichste dy't sels oan 'e húl fan bedrûge slym wit te ûntkommen, en hy befrijt Laureline. Wylst Laureline en generaal Okto Bar him út 'e kontrôlekeamer wei oanwizings jouwe, set Valerian de efterfolging yn op 'e ûntfierders, earst te foet, mar letter yn syn romtskip. It slagget him lykwols net om de ûntfierders te pakken te krijen; se liede him nei it radioaktive diel fan Alpha ta, dêr't er syn romteskip crasht. Laureline wol him efternei, mar generaal Bar wol net syn beide bêste minsken op ien dei ferlieze, en lit har finzensette. Se ûntsnapt lykwols mei gemak en wit mei de help fan in trio yrritante bûtenierdske ynformaasjehannelers en in âld piraat yn in dûkboat op bizarre wize yn it akwatyske diel fan Alpha de krekte lokaasje fan Valerian te efterheljen.
Laureline treft de bewusteleaze Valerian oan persiis dêr't se him ferwachte, en wit him by te bringen. Underwilens stelt se fêst dat der yn it 'ynfektearre diel' fan Alpha gjin radioaktive strieling is en dat de lucht der gewoan sykhelle wurde kin. Fuort letter wurdt Laureline lykwols ûntfierd troch de Boulan Bathors fan 'e planeet Goara, dy't deunby yn Alpha in koloanje hawwe. Mei de help fan in stalferwikseljend wêzen dat Bubble hjit, dy't er moetet yn 'e rôze buert Paradise Alley, kringt Valerian de koloanje fan 'e Boulan Bathors binnen. Dêr arrivearret er krekt op 'e tiid om foar te kommen dat de harsens fan Laureline as delikatesse opiten wurde troch de keizer fan 'e Boulan Bathors. Se witte te ûntsnappen, mar Bubble rekket dêrby deadlik ferwûne. Ear't se stjert, flústeret se Valerian ta dat er syn wrakseling om Laureline foar him te winnen net opjaan moat.
As se fierder yn it saneamd radioaktive gebiet trochkringe, ûntdekke Valerian en Laureline yn it sintrum dêrfan, yn 'e neite fan ferskate wrakken fan antike romteskippen, de oerlibbenen fan 'e ferwoastging fan Mül, dy't yn in grutte, frijwol lege romte libje dy't der útsjocht as in fabrykshal. Dêr treffe se ek de bewusteleaze kaptein-luitenant Filitt oan. De lieder fan 'e humanoïden, dy't harrensels de 'Pearels fan Mül' neame, is keizer Haban Limaï. Dyselde leit oan Valerian en Laureline út dat syn folk in freedsum bestean op harren thúswrâld late, oant de floaten fan 'e Feriene Minsklike Federaasje en de Súdlike Territoaria, in oare bûtenierske faksje, yn 'e romte fuort by de planeet in slach útfochten sûnder acht te slaan op hokker gefolgen dat foar de wrâld ûnder harren hawwe soe. Filitt, de befelfierder fan 'e minsklike float, joech befel ta de ynset fan trije krêftige termonukleêre wapens, dy't it fijannige flaggeskip ferrinnewearren en troch de atmosfear hinne delstoarte lieten op 'e it oerflak fan 'e planeet. Dy waard dêrtroch folslein ferwoastge.
De prinsesse Lihö-Minaa kaam dêrby om, krekt as seis miljoen oare Pearels. Inkeld de keizer en syn entoeraazje, dy't finzen sieten yn in oar, folle lytser, delstoart skipswrak, oerlibben de ramp. Nei't Mül yn stikken barsten wie, dreau dat skipswrak jierrenlang yn 'e romte om. Yn dy tiid learden de Pearels hoe't se de minsklike technology oan board reparearje moasten en holden se har yn libben mei it iten foar de minsklike bemanning. Uteinlik waard it wrak mei oare omdriuwkjende brokstikken gearfandele troch skroathannelers, dy't nea ûntdieken dat dit iene wrak bewenne waard. Se brochten it nei Alpha, sadat de materialen recycle wurde koene. De Pearels krongen doe temûk de romtestêd binnen en setten har deun by de kearn nei wenjen. Se bestudearren alle ferskillende bûtenierdske rassen dy't dêr libben en learden dingen fan allegear, oant se úteinlik by steat wiene om in eigen romteskip te bouwen. Hoewol't se nea wer weromkinne nei harren eigen wrâld, hawwe se de technology boud om fan 'e grutte hal in holografyske neibearing fan Mül te meitsjen. It iennichste dat harren noch ûntbrekt is de enerzjypearel dy't Valerian op Kirian yn beslach nommen hat (de iennichste dy't se fan Mül rêden hawwe) en de Mül-omsetter om dy pearel te replisearjen, sadat se harren skip en holografyske hal mei de enerzjy út 'e pearels oandriuwe kinne.
As Valerian en Laureline Filitt ûnderfreegje, jout dy syn rol yn 'e genoside ta, mar hy wegeret ta te jaan dat er wat fout dien hat. Ynstee hâldt er út dat it beëinigjen fan 'e oarloch folle wichtiger wie as it fuortbestean fan in primitive beskaving. Neitiid hat er út alle macht besocht om syn oarlochsmisdie geheim te hâlden, sabeare om't oars de minsken út Alpha ferballe wurde soene troch de oare rassen. Valerian en Laureline litte har neat wiismeitsje, en oppenearje dat Filitt gewoan de konsekwinsjes fan syn dieden besiket te ûntrinnen. As de kaptein-luitenant opsternaat wurdt, slacht Valerian him bewusteleas. Dêrnei jout er de pearel werom oan 'e Pearels, en, op oantrúnjen fan Laureline, ek de Mül-omsetter, hoewol't dat rjocht tsjin harren oarders yngiet. De Pearels fuorje de iene pearel op oan 'e Mül-omsetter, dy't daliks hûnderten fan 'e dingen begjint út te skiten.