Marisa Papen (Limburch, 30 april 1992) is in Belgysk model.
Libben Nei skoalle studearre Marisa Papen marketing. Yn 2015 begon se te wurkjen as model. Se waard fotografearre foar Playboy yn Dútslân (2017), Meksiko (2019) en Portugal (2016). Yn 2016 publisearre se in kalinder wêryn't se it probleem fan plestik yn 'e oseaan oanpakt. In jier letter kaam Marisa Papen yn de hiele wrâld yn it nijs doe't se neaken fotografearre waard yn Egyptyske timpels. Dêrfoar waard se arresteare foar it nimmen fan neakenfoto's, wat strafber is yn Egypte. Nei't har fotograaf de oanbelangjende foto's wiske, binne beiden frijlitten. Yn 2018 waarden neakenfoto's makke yn it Fatikaan en Jeruzalim. In jier letter waard se ek arresteare foar it útdwaan fan har boerka yn 'e moskee Hagia Sofia (Istanbûl), wêrûnder se neaken wie. It doel fan Marisa Papen is om it lichem te deseksualisearjen.
Keppelings om utens Webside fan Marisa Papen Webside fan Plastic Sushi Jon Rogers: Wa is Marisa Papen, wannear posearre it model neaken by de Wailing Wall yn Jeruzalem en wat is har Instagram? Yn: The Sun. Explore Belgysk Model Marisa Papen Marisa Papen Marisa Papen
Kategory:Flaamsk neakenmodel Kategory:Limburchsk persoan Kategory:Persoan berne yn 1992