White Night is in roman fan it fantasysjenre, skreaun troch de Amerikaanske auteur Jim Butcher. De titel betsjut "Wite Nacht", mar it is in wurdboarterij, mei't it yn it Ingelsk klinkt as White Knight ("Wite Ridder", oftewol "Ridder op it Wite Hynder"). It boek, dat skreaun is yn it ik-perspektyf, foarmet it njoggende diel fan 'e romansearje The Dresden Files, dy't ta it subsjenre fan 'e urban fantasy heart. It folget as sadanich op Proven Guilty. Yn White Night komt Harry Dresden, praktisearjend tsjoender en privee-detektive te Chicago, in searjemoardner fan paranormaal bejeftige froulju op it spoar. White Night waard yn 2007 publisearre troch de New Yorkske útjouwerij Roc Books. Datselde jiers waard it boek troch de Science Fiction Book Club werpublisearre yn 'e omnibusedysje Wizard under Fire, mei Proven Guilty, it achtste diel fan The Dresden Files. __TOC__ Ynhâld Harry Dresden, tsjoender en privee-detektive yn Chicago, wurdt troch syn freondinne Karrin Murphy, in resjersjeur by de Spesjale Undersyksienheid fan it Chicago Police Department, as ûnoffisjeel adviseur belutsen by in ûndersyk. It giet om in âldere frou dy't selsmoard dien hawwe soe. Alles liket te klopjen, mar der is wat oan 'e saak dat Murphy tsjin it hier yn strykt. Harry merkt fuortendaliks dat it slachtoffer, Janine, magysk bejeftige wie, net genôch om tsjoenster te wurden, mar genôch dat de spoaren dêrfan twa dagen nei har dea noch yn har appartemint te bespeuren binne. As er mei tsjoenderij in ferburgen tekst op 'e muorre fan 'e sliepkeamer sichtber makket, wurdt dúdlik dat Janine harsels net fan kant makke hat, mar dat se fermoarde is. De tekst seit nammentlik: "Exodus 22:17". Dat is in bibeltekst dêr't Harry mar al te fertroud mei is: "In tsjoenster meisto net yn 't libben litte."
It is gjin bewiismateriaal dêr't de plysje wat mei kin, dat Harry sil sels in ûndersyk ynstelle moatte. Murphy seit dat se in pear snipperdagen opnimme sil om him te helpen. Oant de ein fan har wurktiid is se lykwols yn funksje en kin se him fierders neat oer de saak fertelle. Dêrom ferwiist se him nei harren mienskiplike freon, patolooch-anatoom Waldo Butters.
Wylst Harry en Murphy noch yn it appartemint fan Janine binne, draait Murphy har ynienen om en wrakselet wat ûnsichtbers tsjin 'e grûn oan. It blykt Molly Carpenter te wêzen, Harry syn learlinge. Wylst Harry goed is yn minder as subtile tsjoenderij, lykas it opblazen fan dingen, hat Molly krekt oanlis foar ferfine foarmen fan magy. It lûken fan in wale oer harsels (yn leketermen: jin ûnsichtber meitsje) is foar har sa natuerlik dat nimmen har noch sjen kin as se beslút soks te dwaan. Se is Harry út klearebare nijsgjirrigens nei it plak delikt folge, derop fertrouwend dat nimmen har opmerke soe. Lykwols hie Molly der net oan tocht dat har parfum noch te rûken wêze soe, of dat ûnsichtber net itselde is as ûnhearber.
Nei't er har flink beskrobbe hat, nimt Harry Molly mei op sleeptou nei it mortuarium, dêr't se al opwachte wurde troch Butters. Dyselde printet foar Harry de dossiers út fan trije soartgelikense saken fan froulju dy't sûnder dúdlike oanlieding selsmoard dien hawwe. Fan ien fan harren, Jessica Blanche, hat de plysje noch gjin neisten opspoare kinnen, en it stoflik omskot is sadwaande noch oanwêzich yn it mortuarium. Harry lit Molly in betsjoening op it lyk útfiere dy't har de lêste yndrukken opfange lit dy't Jessica by libben hân hat. Soks is foar himsels op 'e nij te ferfine tsjoenderij, mar Molly kin it wol, as se har ienris geastlik taret hat (wat tergjende stadich giet). Om't Molly de lêste yndrukken fan 'e deade belibje sil as oerkaam it harsels, hat Harry har warskôge dat it nei alle gedachten net sa'n noflike ûnderfining wêze sil. It docht lykwols bliken dat Jessica har lêste yndruk in oerweldigjend orgasme wie. Dat suggerearret dat har moardner in fampier fan it Wite Hôf wêze kin, dy't ommers tarre op gefoelens fan lust sa't fampieren fan it Reade Hôf tarre op bloed. As se wer wat bekommen is, kin Molly har lykwols in prikeljend gefoel oer har búk tebinnenbringe. Harry folget har oanwizings mei in merkstift en op 'e nij komt de ferwizing nei de bibeltekst út Exodus foar it ljocht. Harry is der dan wis fan dat der in searjemoardner aktyf is dy't it foarsjoen hat op froulju mei in lyts magysk talint.
Nei't er Molly thúsbrocht hat, set Harry ôf nei syn stamkroech MacAnally's, dêr't er de dossiers trochnimt dy't er fan Butters krigen hat. MacAnally's is in gelegenheid dêr't in protte leden fan 'e boppenatuerlike mienskip fan Chicago gearkomme, om't de neutraliteit fan 'e kroech fêstlein is yn 'e Unseelie Akkoarten, in ferdrach oer ûnderlinge relaasjes tusken de ferskate boppenatuerlike naasjes. As Harry de útbater, Mac, freget oft dy ek wat heard hat oer de rige moarden, ferwiist dy him troch nei de Ordo Lebes (Latyn foar "Oarder fan 'e Heksetsjettel"), dat in groep licht boppenatuerlik bejeftige froulju is, dy't de oare deis om fjouwer oere gearkomt.
Mei Murphy set Harry dêr de oare deis hinne en besiket kontakt te meitsjen op 'e gearkomste dy't yn it appartemint fan in Anna Ash plakfynt. De froulju fertrouwe him lykwols net om't er sûnt in pear jier in warder fan 'e Wite Ried fan Tsjoenderij is. Sokken moatte misbrûk fan tsjoenderij opspoare en bestraffe, en lju dy't, lykas dizze froulju, te min talint hawwe om tsjoender te wurden, kinne it bêste mar hoopje dat de Wite Ried harren net opmerkt. De oanwêzichheid fan Murphy stelt de froulju lykwols wat gerêst, en se stimme deryn ta om wat fragen te beäntwurdzjen. Sa ûntdekt Harry dat it probleem noch grutter is as dat er tocht hie, want der wurde mear as tweintich paranormaal bejeftige froulju fermist. Jessica Blanche is de iennichste fan 'e deaden dy't by de leden fan 'e Ordo Lebes ûnbekend is. De oare trije fan 'e slachtoffers dy't dea weromfûn binne, hearden nammentlik ta de groep, en alle trije binne foar it lêst sjoen mei in knappe, lange man yn in grize mantel. De mantel liket nei in warder fan 'e Wite Ried te wizen, dy't tradisjoneel yn in grize mantel klaaid winne, mar de 'knappe lange man' is in twadde oanwizing dy't yn 'e rjochting wiist fan Harry syn healbroer Thomas Raith, dy't knap en lang is en boppedat in fampier fan it Wite Hôf. Hy is lykwols net de iennichste fertochte, mei't Harry ien lid fan 'e Ordo Lebes weromken: Helen Beckitt, dy't jierren lyn mei har man belutsen wie by de kweadoggerij fan in warlock dy't troch Harry tsjinholden waard (sjoch: Storm Front). Hja waard neitiid oppakt troch de plysje en hat jierren yn 'e finzenis sitten foar drugshannel.
De froulju wolle Harry op 't lêst wol slite, want der stiet it ien of oar te barren, al wolle se net sizze wat. As se weromrinne nei Murphy har auto wynt Harry him sa op oer Thomas syn mooglike belutsenens by de saak, dat er eefkes mei de finger it trottoir oanreitsje moat om in oerskot oan magyske enerzjy fuortrinne te litten. Dat feroarsaket koartsluting yn 'e autobom dy't immen ûnder Murphy har auto pleatst hat, sadat de auto opblaasd wurdt wylst Harry en Murphy der noch meters fan ôf binne. As se wer oerein klaud binne, stjoert Murphy Harry fuort, om't de helptsjinsten ûnderweis binne en syn oanwêzigens allinne mar mear fragen oproppe soe. Se seit ta dat se sjen sil wat se opdobje kin oer de Beckitts, en oer Jessica Blanche, dy't blykber nimmen koe. Underwilens sil Harry in besykje bringe oan syn broer.
Nei't er mei de metro nei hûs reizge is en him dêr foarsjoen hat fan in magysk wapenarsenaal dat blykber nedich is, bejout Harry him sadwaande mei syn reuseftige Tibetaanske mastyf Mouse nei Thomas syn nije wente dêr't er wol it adres en in kaai fan krigen hat, mar dêr't er noch nea west hat. It docht bliken dat it giet om in lúkse appartemint yn in flatgebou yn ien fan 'e rikere wiken fan Chicago. Thomas is net thús, dat Harry jout ta oan syn oanstriid om in lytse hûssiking te hâlden. De wenkeamer en koken binne om troch in rinkje te heljen sa skjin en kibich, wat Harry al wat fernuveret. De badkeamer en sliepkeamer binne lykwols in grutte binde; sa ken Harry syn broer wer. Hy beslút dat de 'foarkant' fan it appartemint in momkape is, en dat nimmen de 'efterkant' te sjen kriget. Yn 'e twadde sliepkeamer treft Harry in modern wapenarsenaal mei mitrailleurs en pistoalen oan, en ek in plattegrûn fan Chicago mei foto's fan alle fermoarde froulju. Hoewol't er noch hieltyd net leaut dat Thomas de searjemoardner is, kin er net mear ûntkenne dat syn broer op 'e iene of oare wize by de saak belutsen is. As de befeiliging fan it lúkse flatgebou opdaagjen komt om te sjen wat de frjemde man dy't dêr dúdlik net wennet, yn ien fan 'e apparteminten útfynt, moat Harry gau-gau in manear fine om 'e befeiligingsminsken bûtendoar te hâlden om't er út noch yn net wol dat se de twadde sliepkeamer sjogge. Om't Thomas him alris foardien hat as homo, beslút Harry himsels foar te dwaan as Thomas syn minner. Mei help fan Mouse, dy't de reuseftige mar tige oanhinklike hûn spilet, wit er dêrmei foar te kommen dat de befeiliging it appartemint ynkomt, al wurdt er sels wol frege om fuort te gean oant Thomas foar him ynstean kin.
As er wer thús is, freget Harry oan Lash, de ôfdruk fan 'e fallen ingelinne Lasciël, dy't syn harsens libbet sûnt er inkele jierren earder ien fan 'e Tritich Sulverstikken oppakt hat (sjoch: Death Masks), om 'e plattegrûn mei foto's en oantekenings út Thomas syn twadde sliepkeamer foar him op 'e muorre fan syn eigen appartemint te projektearjen. Dat liedt lykwols net ta djipper begryp fan wat syn healbroer by de ein hat. Lash makket Harry der ek opmerksum op dat der earder dy deis yn it appartemint fan Anna Ash in fyfde frou oanwêzich wie dy't sa ûnopfallend wie, dat er har amper opmurken hat en him neat mear oer har tebinnenbringe kin. Harry konkludearret dat de oangeande frou in magyske wale oer harsels lutsen hat, dy't it foar oaren frijwol ûnmooglik makke om har op te merken. Dat kin ien fan twa dingen betsjutte: de leden fan 'e Ordo Lebes hawwe Harry foarliigd, of se binne harrensels net fan 'e oanwêzigens fan 'e frou bewust en moatte rêden wurde. Yn beide gefallen moat Harry sjen dat er wer by Anna Ash komt.
As er dêr arrivearret, docht bliken dat de ûnbekende frou eins in âlde bekende fan Harry is: Elaine Mallory, syn lang deawaande earste leafde, dy't inkele jierren earder syn libben wer binnenwalste en letter mei ûnbekende bestimming ôfsette (sjoch: Summer Knight). Hja is no privee-detektive yn Los Angeles, en is ynhierd troch Anna Ash. Se fertelt dat de searjemoardner dy't Harry siket, al yn fjouwer oare stêden soartgelikense organisaasjes as de Ordo Lebes systematysk útrûge hat. Hy is al in jier aktyf en hat teminsten 36 paranormaal bejeftige froulju fermoarde foar't Elaine syn spoar nei Chicago folge hat. De mienskiplike faktor wie hieltyd de oanwêzigens fan in man yn in grize mantel. Harry is ferromme dat dizze nije ynformaasje bewiist dat Thomas net de searjemoardner is. Om't sokke klean droegen wurde troch de warders fan 'e Wite Ried, fermoedet er de belutsenens fan 'e ûnbekende ferrieder yn 'e Wite Ried, fan wa't it bestean al ferskate kearen fêst kommen is te stean, en dy't neffens Harry syn teory wurket foar in (noch hypotetyske) 'Swarte Ried', in organisaasje dy't yn alles it tsjinstelde fan 'e Wite Ried is. Elaine jout oan dat by de moarden yn 'e oare stêden gjin bibeltekstboadskippen efterlitten binne, en dat der likemin blyk wie fan in bân mei fampieren fan it Wite Hôf. Op basis fan Jessica Blanche har lêste gewaarwurdings stelle sy en Harry fêst dat der yn Chicago wat feroare wêze moat dat de wurkwize fan 'e searjemoardner beynfloedet, of dat in oar him mei de moarden bemuoit.