De Slachtetille is in ferbining foar fuotgongers, dy't noard fan Frjentsjer de rykswei A31 fan Ljouwert nei Harns oerspant. Dêrby ferbynt dizze brêge (eins in lyts fiadukt) ter hichte fan 'e buorskip Getswertersyl twa kuierpaden dy't diel útmeitsje fan 'e rûte fan 'e Slachtemaraton. __TOC__ Skiednis By de earste beide edysjes fan 'e Slachtemaraton, yn 2000 en 2004, moasten de dielnimmers boppe Frjentsjer omrinne om 'e A31 oerstekke te kinnen. Foar de edysje fan 2008 krige de Grouster arsjitekt Rein Hofstra fan 'e doetiidske gemeente Frjentsjerteradiel opdracht om in brêge oer de rykswei te ûntwerpen, sadat de kuierders de eksakte rûte fan 'e âlde Slachtedyk tusken Easterbierrum en Easterwierrum folgje koene.

De ranke Slachtetille, mei 20 m hege pyloanen en tuibôgen, waard yn 2008 teplak set en wie sûnt in tige yn it each springend ferskynsel foar it ferkear op 'e A31. Tusken 2008 en 2019 makken nei skatting 60.000 kuierders fan 'e brêge gebrûk, wêrby't it foar it meastepart om dielnimmers oan 'e Slachtemaratons fan 2008, 2012 en 2016 gie.

Op 10 novimber 2019 waard de rykswei moarns ier ôfsletten om it gefaarte yn dielen fan syn plak te takeljen. De dielen waarden dêrnei foar in heechnedige ûnderhâldsbeurt ûnder hannen nommen troch it Harnzer bedriuw Koninklijke Oosterhof Holman. Op 29 maart 2020 waard de brêge wer werom op syn plak set.——, De Slachtetille terug op zijn plek, yn: de Ljouwerter Krante, 30 maart 2020, s. 22.

Sjoch ek Hitsumer Hichte Nije Kromme

Kategory:Brêge yn Frjentsjer Kategory:Fiadukt yn Fryslân Kategory:Bouwurk út 2008