Son en Breugel is in plak en gemeente yn de Nederlânske provinsje Noard-Brabân krekt bûten Eindhoven. De gemeente, dy't ta de metropoalregio Eindhoven heard, beslacht in gebiet fan 26,51 km² dêr't 0,56 km² fan wetter is. De gemeente hie 16.904 ynwenners yn 2019. Son en Breugel wiene eartiids twa ferskillende doarpen: 'Son' en 'Breugel', skieden troch de rivier de Dommel. Son en Breugel grinzget oan de folgjende gruttere gemeenten: Eindhoven, Meierijstad, Nuenen, Gerwen en Nederwetten en Best. Fanâlds wurdt dêr Noard-Meierijsk (in East-Brabânsk dialekt) praat.
Skiednis De doarpen Son en Breugel waarden stifte tusken de 12e en 14e iuw. De doarpen ûntwikkelen har rap; yn de 15e iuw hienen de doarpen sawat 300 húshâldens (150 it doarp).
Neffens Karel van Mander syn Schilder-boeck út 1604, van Manders Bruegel biografy waard de skilder Pieter Bruegel de Aldere berne yn it doarp Breugel.
Sawol Son as Breugel waarden slim rekke yn 'e Tachtichjierrige Oarloch; it oantal húshâldens yn 'e beide doarpen sakken nei sawat 140 (dat betsjut sawat 600 - 800 ynwenners).
Under it regear fan Napoleon waarden beide doarpen lang om let kombineare yn ien gemeente. Oant it begjin fan 'e 20e iuw bleau de befolking relatyf stabyl op sawat 1500 ynwenners. Tusken 1910 en 1940 groeide de befolking lykwols fan 1.600 nei 3.500 ynwenners doe't minsken om ekonomyske redenen nei it doarp ferhuzen. It wie it toaniel fan swiere gefjochten oan 'e ein fan 'e Twadde Wrâldoarloch, benammen tidens Operaasje Market Garden. Fan 1960 ôf groeide Son en Breugel fierder. Mei yngong fan augustus 2002 waard it oantal ynwenners rûsd op 15.000.
Polityk Partijen Sitten 2006-2010 Sitten 2010-2014 Sitten 2014-2018 Sitten 2018-2022 Doarpsbelang Son en Breugel 4 7 5 2 Doarpsfisy Son en Breugel 3 4 5 6 VVD 3 3 3 3 CDA 3 2 2 3 GrienLinks - PvdA 3 1 2 2 D66 - - - 1 List Van Aken 1 - - - Totaal 17 17 17 17 Koalysje 2006-2010: VVD, CDA en GreenLeft-PvdA (meiïnoar 9 sitten fan de 17).
Berne yn Son en Breugel thumb|134px| Willemijn Verkaik, 2012 Franciscus Sonnius (1506 yn Son - 1576), tolooch, de earste biskop fan 's-Hertogenbosch en letter de earste biskop fan Antwerpen Menno Oosting (1964 yn Son en Breugel - 1999), in profesjonele tennisspiler Michiel de Vaan (berne 1973 yn Son en Breugel), Nederlânske taalkundige en Yndo-Jeropeesk Willemijn Verkaik (berne 1975 yn Son en Breugel), Nederlânske sjongster en aktrise IMDb Database rieplachte 01 jannewaris 2020
Galery
Eksterne links Offisjele webside
Kategory:Son en Breugel Kategory:Plak yn Noard-Brabân Kategory:Gemeente yn Noard-Brabân Kategory:Bestjoerlike ienheid oprjochte yn 1814