Baywatch: White Thunder at Glacier Bay is in yn Alaska opnommen Amerikaanske tillefyzjefilm út 1998, dy't diel útmakket fan 'e aksjedramasearje Baywatch. De film waard regissearre troch Douglas Schwartz en de haadrollen waarden spile troch David Hasselhoff, Gena Lee Nolin, Carmen Electra en Donna D'Errico. Letter yn 1998 waard Baywatch: White Thunder at Glacier Bay ek útstjoerd as ûnderdiel fan it achtste seizoen fan Baywatch.

Plot

De Kalifornyske strânwachten Mitch en Cody en Mitch syn soan Hobie winne in fergese cruise nei it kâlde Alaska, dêr't se tafallich strânwachten Neely, Lani en Donna tsjin it liif rinne, dy't dêr binne foar in fotoshoot. Hobie bringt de oaren sûnder euvelmoed yn 'e kunde mei in Claire Hodges, dy't eins Leslie Stryker hjit. Hja is in profesjonele juwieledievegge en oplichtster, dy't har by it selskip oanslút om't se in ûnopfallende manear siket om nei Alaska te ûntsnappen. Se wurdt nammentlik efterfolge troch de ûnmeilydsume hiermoardner Gavin. As se troch tadwaan fan Leslie en Gavin de dea yn 'e eagen sjoen hawwe, beseffe Mitch en Neely dat se faninoar hâlde.

Rolferdieling haadrollen personaazje akteur/aktrise Mitch Buchannon David Hasselhoff Neely Capshaw Gena Lee Nolin Cody Madison David Chokachi Lani McKenzie Carmen Electra Hobie Buchannon Jeremy Jackson Donna Marco Donna D'Errico

byrollen personaazje akteur/aktrise Gavin Don Diamont Leslie Stryker / Clair Hodges Heather Stephens April Giminski Kelly Packard Jack "J.D." Darius Michael Bergin Mike "Newmie" Newman Michael Newman dokter David Spielberg Robby Quinn Richard Danielson gangster Floyd Levine Sheryl Whalen Ingrid Walters himsels Jerry L. Croft himsels Billy Hygate Jim Barnett Gregory J. Barnett Ron Ron Sterk fotograaf Lewis Stout

Produksje Baywatch: White Thunder at Glacier Bay waard regissearre troch Douglas Schwartz nei in senario fan David Braff en Jerome Michael op basis fan in ferhaal betocht troch Deborah Schwartz. Produsinten wiene Kevin L. Beggs, Francis J. Conway, Cathy Dwyer, Craig T. Kwasizur, James Pergola en Deborah Schwartz foar The Baywatch Company, Tower 12 Productions en Tower 18 Productions. As útfierend produsinten wiene Michael Berk, Douglas Schwartz, Gregory J. Bonann en David Hasselhoff by de film belutsen. James Pergola die de kamerarezjy, en John D'Andrea en Cory Lerios fersoargjen de soundtrack.

Baywatch: White Thunder at Glacier Bay waard op 24 febrewaris 1998 yn 'e Feriene Steaten direkt-op-fideo útbrocht as in langspylfilm mei in spyldoer fan 107 minuten. Op 'e Amerikaanske tillefyzje waard de film yn twaen snien en útstjoerd op 11 en 18 maaie 1998, as ôfleverings 21 en 22 fan seizoen 8 (1997-1998) fan 'e aksjesearje Baywatch. De folgjende tillefyzjefilm fan Baywatch wie Baywatch: Hawaiian Wedding, út 2003.

Keppelings om utens Ynformaasje oer Baywatch: White Thunder at Glacier Bay yn 'e Internet Movie Database

Sjoch ek Baywatch (tillefyzjesearje) Baywatch Nights Baywatch: Forbidden Paradise Baywatch: Hawaiian Wedding Baywatch (film) Babewatch Boobwatch

Kategory:Amerikaanske telefyzjefilm Kategory:Amerikaanske aventoerefilm Kategory:Amerikaanske dramafilm Kategory:Ingelsktalige film Kategory:Film út 1998 Kategory:Film oer fakânsje Kategory:Film oer dieverij Kategory:Film oer in hiermoardner Kategory:Film mei in Alaskaansk tema Kategory:Strânwacht