David Hasselhoff (folút: David Michael Hasselhoff en ek bekend as "The Hoff"; Baltimore, 17 july 1952) is in Amerikaansk akteur, sjonger, filmprodusint en ûndernimmer dy't it wrâldrekôr fêstige as de meast (be)sjoene man op 'e tillefyzje. Hy rekke yn 'e 1970-er jierren yn 'e Feriene Steaten bekend troch syn rol as dokter Snapper Foster yn 'e soapsearje The Young and the Restless. Ynternasjonaal briek er yn 'e 1980-er jierren troch mei syn rol as Michael Knight yn 'e aksje- en science fiction-searje Knight Rider. In like bekende rol hied er yn 'e 1990-er jierren as strânwacht Mitch Buchannon yn 'e aksjedramasearje Baywatch. Hasselhoff spile yn in grut tal oare tillefyzjesearjes en tillefyzjefilms, en wie ek te sjen yn films en realityprogramma's. Hy brûkte syn súkses as Michael Knight yn 'e jierren '80 om in karriêre as sjonger te begjinnen, dêr't er yn syn heitelân gjin súkses mei hie, mar yn it Dútske taalgebiet nammenste mear. Yn 2000 makke Hasselhoff syn debút op Broadway yn 'e musical Jekyll & Hyde; letter wied er ek yn oare musicals te sjen, wêrûnder Chicago en The Producers.
Libben en karriêre Jonkheid en oplieding Hasselhoff waard yn 1952 berne yn Baltimore, yn 'e Amerikaanske steat Marylân, as de soan fan sakeman Joseph Vincent Hasselhoff en dy syn frou Dolores Therese Mullinex (of mooglik Mullinix), in húsfrou. Oan syn heitekant is er fan etnysk Dútsk komôf, wylst er fan memmekant Iersk en Ingelsk bloed hat. Hasselhoff waard roomsk grutbrocht, earst yn Jacksonville, yn it noarden fan 'e steat Floarida, en letter yn Atlanta, yn Georgia, dêr't er op 'e Marist School siet.
Hasselhoff makke mei sân jier syn akteardebút yn in opfiering op 'e legere skoalle fan 'e musical Peter Pan, en neitiid wie it altyd syn dream om in karriêre as musicalakteur op Broadway te hawwen. Yn 1970 slagge er foar syn eineksamens fan it fuortset ûnderwiis oan 'e Lyons Township High School yn La Grange (Illinois). Hy wie dêr lid fan it debatteam, foarsitter fan it skoalkoar, oanfierder fan it follybalteam en akteur fan it skoalletoaniel. Neitiid learde er earst fierder oan 'e Oakland Universiteit yn Rochester Hills (Michigan), foar't er mei in bachelorgraad yn teäterwittenskippen ôfstudearre oan it Kalifornysk Ynstitút foar de Keunsten (CIA) yn Santa Clarita.
Aktearkarriêre Iere jierren Nei't er syn stúdzje ôfrûne hie, besocht Hasselhoff in karriêre as akteur op te bouwen. Earst lei er him ferskate jierren ta op toanielwurk, mar yn 1975 wist er de rol fan dokter Snapper Foster te bemachtigjen yn 'e soapsearje The Young and the Restless. Dêrmei krige er yn 'e Feriene Steaten syn earste bekendheid. Hy spile Snapper Foster sân jier lang, oant 1982, doe't The Young and the Restless in soad fan 'e oarspronklike personaazjes út 'e ferhaallinen skreau.
Underwilens hie Hasselhoff doe syn debút makke op it wite doek mei de rol fan Boner yn Revenge of the Cheerlearders (ek bekend as Caught with Their Pants Down). Dy film waard yn 1974 opnommen, noch foar't Hasselhoff yn The Young and the Restless kaam te spyljen, en hy naam de rol benammen oan om him ynskriuwe te kinnen by it Screen Actors Guild, it fakbûn fan filmakteurs. It wie sa'n minne film dat Hasselhoff derfan oertsjûge wie dat er nea útkomme soe, mar yn 1976 gied er dochs yn premiêre. Hasselhoff hie ek gastrollen yn tillefyzjesearjes as Semi-Tough en The Love Boat, en yn 1979 spile er yn 'e film Starcrash.
Trochbraak Yn 1982 waard Hasselhoff troch Brandon Tartikoff, de algemien direkteur fan it Amerikaanske tillefyzjenetwurk NBC, frege om 'e haadrol op him te nimmen yn 'e aksje- en science fiction-searje Knight Rider. Dêryn spile er Michael Knight, in man dy't misdriuwen oplost mei de help fan syn selsbewuste en pratende auto KITT. De searje rûn fjouwer seizoenen, oant 1986, en waard oeral op 'e wrâld útstjoerd. It betsjutte foar Hasselhoff de ynternasjonale trochbraak. Yn in fraachpetear omskreau Hasselhoff Knight Rider letter as "in fenomeen". Neffens him waard de searje sa populêr om't er "oer it rêden fan libbens gie, net oer it nimmen fan libbens […]." Dat syn tsjinspiler in auto wie, makke nei eigen sizzen it aktearjen foar him der net makliker op. Nettsjinsteande dat, of miskien wol dêrtroch, wûn er mei de rol fan Michael Knight yn 1983 in People's Choice Award yn 'e kategory populêrste akteur.
Yn 'e 1980-er jierren hie Hasselhoff fierders in gastrol (as himsels) yn in ôflevering fan 'e komeedzjesearje Diff'rent Strokes. Fierders spile er yn de films Witchery (1988) en Bail Out (1989), en in trijetal tillefyzjefilms. Om't Knight Rider him ûnbidige populêr makke hie yn Dútslân en Eastenryk, hied er yn 1988 ek rollen yn twa Dútsktalige films: Starke Zeiten en Zärtliche Chaoten II. Yn 1991 kroep Hasselhoff nochris yn 'e hûd fan Michael Knight foar de tillefyzjefilm Knight Rider 2000, dy't oarspronklik bedoeld wie as de pilotôflevering foar in ferfolchsearje op Knight Rider. Hoewol't de film goede sjochsifers behelle, besleat men dat projekt lykwols ôf te blazen.
Yn 1989 ferskynde Hasselhoff op 'e nij op 'e Amerikaanske tillefyzje op it netwurk NBC, diskear yn 'e rol fan Mitch Buchannon yn 'e aksjedramasearje Baywatch. Dy gie oer in team fan strânwachten dat libbens rêde oan 'e Kalifornyske kust, op it strân fan Malibu. De searje profitearre fan in heech 'wibelgehalte' fan kreaze jonge froulju yn badpak en bikiny. Yn 't earstoan die Baywatch it net bêst. De searje waard yn 1990 nei ien seizoen stopset omreden fan ôffallende sjochsifers yn kombinaasje mei it bankrot gean fan 'e produsearjende tillefyzjestudio. Om't se fûnen dat de searje potinsje hie, rjochten Hasselhoff en de filmprodusinten Michael Berk, Douglas Schwartz en Gregory J. Bonann doe mei-inoar The Baywatch Company op om in nij seizoen fan Baywatch op te nimmen. Dêr wie Hasselhoff behalven as haadrolspiler ek as útfierend produsint by belutsen.
It twadde seizoen fan Baywatch waard yn 1991-1992 yn syndikaasje op 'e Amerikaanske tillefyzje útstjoerd, en waard in grut súkses, sadat de searje fernijd wurde koe foar folgjende seizoenen. Dêrtroch koe Hasselhoff it earste seizoen weromkeapje fan NBC. De rol fan Mitch Buchannon koe nei ferrin fan tiid de populariteit fan 'Michael Knight' hast belykje. Uteinlik rûn Baywatch alve seizoenen, wêrfan de lêste beide ûnder de titel Baywatch: Hawaii, om't de searje doe omreden fan kostebesparring opnommen waard op it strân fan Honolulu, yn Hawaï. De searje waard folge troch krapoan in miljard sjoggers yn 140 lannen en territoaria. Tsjin 2001, doe't Baywatch definityf ophold, hie Hasselhoff in persoanlik fermogen dat rûsd waard op mear as $100 miljoen. Fan Hasselhoff syn tsjinspilers wist benammen Pamela Anderson har namme mei Baywatch te fêstigjen. Ek Erika Eleniak, Yasmine Bleeth, Nicole Eggert, Traci Bingham en Donna D'Errico waarden bekend troch de searje, wylst Carmen Electra har karriêre mei in rol yn Baywatch in nije ympuls joech.
Fan Baywatch waarden trije tillefyzjefilms makke, allegear mei Hasselhoff yn 'e haadrol. Dat wiene Baywatch: Forbidden Paradise út 1995, Baywatch: White Thunder at Glacier Bay, út 1998, en Baywatch: Hawaiian Wedding, in reünyfilm dy't yn 2003, twa jier nei de ein fan 'e searje, makke waard. Fierders hie Baywatch ek in spin-offsearje yn 'e foarm fan 'e misdiesearje Baywatch Nights, dy't rûn fan 1995 oant 1997 en dêr't Hasselhoff ek de haadrol yn fertolke. Yn 'e twadde helte fan 'e 1990-er jierren wie Hasselhoff fierders te sjen as superheld Nick Fury yn 'e tillefyzjefilm Nick Fury: Agent of S.H.I.E.L.D., en ek spile er yn films as Dear God (1996), Legacy (1998) en The Big Tease (1999). Foar Legacy song Hasselhoff ek de intro yn in duët mei de Filipynske sjongster Regine Velasquez. Yn 1996 krige er syn eigen stjer op 'e Hollywood Walk of Fame.
Toanielwurk Yn 2000 makke Hasselhoff syn debút op Broadway, mei de titelrol as dokter Henry Jekyll en Edward Hyde yn 'e musicalferzje fan Jekyll & Hyde. Fan mids july 2004 ôf spile er yn Londen in fearnsjier de haadrol yn 'e musical Chicago. Yn 2006 en 2007 hied er yn Las Vegas yn 'e musical The Producers de rol fan Roger DeBris. Fierders gie Hasselhoff fan 2010 oant en mei 2017 op toernee troch it Feriene Keninkryk mei de rol fan Kaptein Heak yn 'e musical Peter Pan, dy't yn 2010-2011 yn Londen opfierd waard, yn 2011-2012 yn Bristol, yn 2012-2013 yn Manchester, yn 2013-2014 yn Nottingham, yn 2014-2015 wer yn Londen, yn 2015-2016 yn Glasgow en yn 2016-2017 yn Cardiff. Ein 2015 spile er yn Blackpool ek yn 'e musical Last Night a DJ Saved My Life. En fan desimber 2019 oant febrewaris 2020 wied er yn Londen mei û.m. Dolly Parton te sjen yn 9 to 5: The Musical.
Lettere jierren Hasselhoff hat himsels ferskate kearen yn films parodiëarre. Sa hied er as stimakteur in rol yn The SpongeBob SquarePants Movie, dy't yn 2004 útkaam. Dêryn spile er himsels, hoewol mei it uterlik fan syn rol yn Baywatch. Ek wurke er mei oan Dodgeball: A True Underdog Story, wêryn't er de trainer fan it Dútske nasjonale trefbalteam spile, wêrfan't er de leden nei in ferlerne wedstryd ôfbekt mei de wurden "Ihr seid alle Schweine!", wêrnei't er in foto fan himsels yn syn Baywatch-unifoarm stikken slacht. Yn 'e fideoklip fan syn nûmer Jump in My Car naam er himsels yn syn alter ego as Michael Knight op 'e hak, mei't er dêryn in auto hat dy't in eksakte replika is fan KITT út 'e Knight Rider-searje.
Nei 2000 hie Hasselhoff gastrollen yn tillefyzjesearjes as Still Standing, Just Shoot Me! en Sons of Anarchy. Yn 2006 spile er yn 'e film Click de walchlike baas fan haadpersoan Adam Sandler. Hy spile himsels wer yn 'e komeedzjefilm Kickin' It Old Skool, út 2007. Yn 2008 hied er in cameo yn 'e film Knight Rider 2008, dy't basearre wie op syn searje Knight Rider, en yn 2017 hied er in lyts roltsje yn 'e film Baywatch, basearre op syn searje Baywatch, as de mentor fan Mitch Buchannon (spile troch Dwayne Johnson). Yn 2010 kroep Hasselhoff nei krapoan tritich jier nochris op 'e nij yn 'e hûd fan it personaazje Snapper Foster, foar in gastrol yn 'e soapsearje The Young and the Restless. Datselde jiers wurke er mei oan The Comedy Central Roast of David Hasselhoff, wêryn't er wiidweidich op 'e hak nommen waard troch de oanwêzige komiken.
Yn 2015-2016 wie Hasselhoff in seizoen lang te sjen op it Britske tillefyzjekanaal Dave mei de ymprovisaasjekomeedzjesearje Hoff the Record. Hasselhoff spile yn 2015 ek yn 'e aksjekomeedzje Sharknado 3: Oh Hell No! as kolonel Gilbert Shepard, in rol dy't er nochris werhelle yn Sharknado: The 4th Awakens, út 2016. Yn 2017 wied er te sjen as 'de Foarm fan David Hasselhoff' yn 'e superheldefilm Guardians of the Galaxy Vol. 2. Foar dy film song er ek it liet Guardians Inferno, dat oer de ôftiteling hinne ôfspile wurdt.
Sjongkarriêre Hasselhoff sette yn 'e 1980-er jierren útein mei in wurkpaad as sjonger. Yn dy hoedanichheid hied er net folle súkses yn 'e Feriene Steaten, dêr't mar frijwat smeulsk op syn sjongen reägearre waard, mar nammenste mear yn 'e Dútske taalgebiet, dêr't fjouwer fan syn albums yn Eastenryk en ien yn Switserlân it earste plak yn 'e albumlisten berikten.
Yn 1988 en 1989 hie Hasselhoff syn grutste súkses as sjonger mei de hit Looking for Freedom, dy't it earste plak yn 'e hitlisten berikte yn sawol Dútslân, Eastenryk as Switserlân. Op âldjiersjûn 1989 joech er foar in útsinnige mannichte fans in optreden yn West-Berlyn by de Brandenburger Tor, fuort njonken de Berlynske Muorre, dêr't er dat liet song, wêrfan't de titel oerset wurde kin as "Op 'e Siik nei Frijheid". Dêrmei hied er in duorjende ynfloed op 'e Dútske popkultuer. Oare súksesfolle nûmers fan Hasselhoff wiene Do the Limbo Dance, út 1991 (nû. 1 yn Eastenryk), en Jump in My Car, út 2006 (nû. 3 yn it Feriene Keninkryk).