Hendrik (Henk) Hofstede (Wilsum, 19 septimber 1937 – Fianen, 25 jannewaris 2020) wie in Nederlânske fakbûnsbestjoerder en politikus.Voormalig vakbondsvoorzitter en Eerste Kamerlid uit Wilsum overleden, rtvoost.nl, 27 jannewaris 2020
Karriêre Hofstede syn karriêre begûn by de Nederlandse Christelijke Agrarische Bond (NCAB) en ferfolle ferskate funksjes yn it CNV ear't er dêr tusken 1986 en 1992 foarsitter wie. Hofstede waard yn 1992 by it CNV opfolge troch Anton Westerlaken.
Yn 1995 kaam er út namme fan it CDA yn de Earste Keamer dêr't er wurdfierder sosjale saken wie en teffens dwaande wie mei ekonomyske saken en ûntwikkelingsgearwurking. Yn 2003 ferliet er de Keamer en waard lid fan de ried fan advys fan it UWV.Henk Hofstede ‘Je bent ook zelf verantwoordelijk voor wat je doet’, vakbondshistorie.nl, novimber 2017HENK HOFSTEDE; Een echte doordouwer in de vakbeweging, nrc.nl, 15 oktober 1991 Hofstede waard beneamd ta Ridder yn de Oarder fan de Nederlânske Liuw en Offisier yn de Oarder fan Oranje Nassau.
Kategory:Nederlânsk politikus Kategory:Nederlânsk fakbûnslieder Kategory:CDA-politikus Kategory:Earste Keamerlid Kategory:Sallânsk persoan Kategory:Persoan berne yn 1937 Kategory:Persoan stoarn yn 2020