Baywatch: Forbidden Paradise is in yn Hawaï opnommen Amerikaanske tillefyzjefilm út 1995, dy't diel útmakket fan 'e aksjedramasearje Baywatch. De film waard regissearre troch Douglas Schwartz en de haadrollen waarden spile troch David Hasselhoff, Pamela Anderson, Alexandra Paul en Yasmine Bleeth. Yn 1996 waard Baywatch: Forbidden Paradise ek útstjoerd as ûnderdiel fan it sechsde seizoen fan Baywatch.

Plot

De Kalifornyske strânwachten Mitch, C.J., Stephanie, Caroline, Matt en Logan reizgje ôf nei it Hawaïaanske eilân Oähû foar in fakânsje dêr't se bot ferlet fan hawwe. Ienris op harren bestimming oankommen, rint it lykwols net sa't se ferwachte hiene. Stephanie kriget kunde oan in pleatslike strânwacht, wylst de knoffelige fotograaf Carlton Edwards swierrichheden feroarsaket foar it hiele selskip as it ûngelok dat him efterfolget, besmetlik blykt te wêzen. Underwilens rekket Logan obsedearre troch it dielnimmen oan in surfwedstryd, mei as gefolch dat er gjin tiid hat foar syn faam Caroline.

As C.J. ûnferwachts weromroppen wurdt nei Kalifornje, geane Mitch en Matt tegearre op in boatreiske nei in ôfhandich diel fan it eilân Kauaï, dêr't se fêst komme te sitten nei't Matt stutsen wurdt troch in giftige skorpioenfisk. Se wurde rêden troch de bewenners fan in doarpke dêr't men besiket te libjen lykas de âlde Hawaïanen foar de komst fan 'e blanken dat diene. Tagelyk belibbet Stephanie op Oähû in românse mei har nije frijer, wylst Logan op 'e tiid beseft dat er Caroline kwyt driget te reitsjen. Hy lit it surfen gewurde en freget har om mei him te trouwen.

Rolferdieling haadrollen personaazje akteur/aktrise Mitch Buchannon David Hasselhoff Stephanie Holden Alexandra Paul C.J. Parker Pamela Anderson Matt Brody David Charvet Caroline Holden Yasmine Bleeth Logan Fowler Jaason Simmons

byrollen personaazje akteur/aktrise Carlton Edwards Ricky Dean Logan Mark Kealoha Vincent Klyn Holly Heidi Mark himsels Gerry Lopez Lea Lee Doversola Mako Sidney S. Liufau himsels Brian Keaulana himsels Ron Rice himsels Buffalo Keaulana Mai Celeste Akeo Kona Wallace Akeo frou Alede Keokeokalae Hughes dhr. Alede Kimo Hugho Manu Laiseni Auelua Frank Frank Moran strânwacht #1 Janette Andrade strânwacht #2 Cherisse Lamoureux kaartsjeferkeapster Deanne Moore bikinyfamke Cheryl O'Donnell servearster Millie Ruperto

Produksje Baywatch: Forbidden Paradise waard regissearre troch Douglas Schwartz nei in senario fan syn frou Deborah Schwartz. Produsinten wiene Paul Cajero, David W. Hagar en James Pergola foar The Baywatch Company, Tower 12 Productions en Tower 18 Productions. As útfierend produsinten wiene Michael Berk, Douglas Schwartz, Gregory J. Bonann en David Hasselhoff by de film belutsen. James Pergola die de kamerarezjy, en John D'Andrea en Cory Lerios fersoargen de soundtrack.

Baywatch: Forbidden Paradise waard op 27 juny 1995 yn 'e Feriene Steaten direkt-op-fideo útbrocht as in langspylfilm mei in spyldoer fan 90 minuten. Op 'e Amerikaanske tillefyzje waard de film yn twaen snien en útstjoerd op 22 en 29 april 1996, as ôfleverings 19 en 20 fan seizoen 6 (1995-1996) fan 'e aksjesearje Baywatch. De folgjende tillefyzjefilm fan Baywatch wie Baywatch: White Thunder at Glacier Bay, út 1998.

Keppelings om utens Ynformaasje oer Baywatch: Forbidden Paradise yn 'e Internet Movie Database

Sjoch ek Baywatch (tillefyzjesearje) Baywatch Nights Baywatch: White Thunder at Glacier Bay Baywatch: Hawaiian Wedding Baywatch (film) Babewatch Boobwatch

Kategory:Amerikaanske telefyzjefilm Kategory:Amerikaanske aventoerefilm Kategory:Amerikaanske dramafilm Kategory:Ingelsktalige film Kategory:Film út 1995 Kategory:Film oer fakânsje Kategory:Film oer in helptsjinst Kategory:Film mei in Hawaïaansk tema Kategory:Strânwacht