Baywatch is in Amerikaanske aksjekomeedzje út 2017 ûnder rezjy fan Seth Gordon, basearre op 'e tillefyzjesearje mei deselde namme út 'e 1990-er jierren. De haadrollen waarden fertolke troch Dwayne Johnson (The Rock), Zac Efron, Ilfenesh Hadera, Kelly Rohrbach, Alexandra Daddario en Jon Bass as strânwachten, dy't, om harren strân te rêden, efter in snoade drugsdealer oan geane, spile troch de Yndiaaske aktrise Priyanka Chopra. It ferhaal wurdt mei frijwat selsspot brocht, mar de film krige oer it algemien negative resinsjes fan 'e filmkritisy. Dy mochten benammen net oer de rouwe humor, en hiene fierders ek krityk op 'e gatten yn 'e plot en de karakterûntwikkeling fan 'e personaazjes. Mei in opbringst fan krapoan $178 miljoen kaam Baywatch lykwols rom út 'e kosten.
Plot De film spilet yn 'e fiktive Emerald Bay yn súdlik Floarida (hoewol't de tillefyzjesearje dêr't de film op basearre is, oan 'e oare kant fan 'e Feriene Steaten spile, oan 'e kust fan Malibu, yn Kalifornje). In team fan strânwachten ûnder lieding fan luitenant Mitch Buchannon hâldt dêr de wacht oer strân en see. Ta syn team hearre syn pleatsferfangster Stephanie Holden en de blonde C.J. Parker, dy't ek al jierren strânwacht is. Om't er al mear 500 minsken fan 'e drinkeldea rêden hat, is Mitch in held fan 'e pleatslike mienskip. Dat is in feit dat argewaasje feroarsaket by plysjeman Garner Ellerbee, dy't op 'e strânwachten delsjocht, en by Mitch syn eigen baas, kaptein Thorpe, in burokraat dy't frijwol nea op it strân komt, mar op papier de lieding oer de strânwachten hat.
Fan 't jier wurde der trije nije strânwachten socht, en dêr is in protte animo foar. Tusken al it folk dat derop ôfkomt, sitte de tsjeppe jonge Summer Quinn en de knoffelige Ronnie Greenbaum, dy't benammen by de strânwachten wol om't er smoar op C.J. is. Dan is der noch Matt Brody, in arrogante mar oan legerwâl rekke twafâldich Olympysk swimkampioen, dy't mient dat er omreden fan syn reputaasje rjocht hat op ien fan 'e trije strânwachtfakatueres. Net dat er trouwens sa graach by de strânwacht wol, mar hy hat in taakstraf dy't er úttsjinje moat, dat sadwaande. Thorpe wol Brody derby hawwe om't dat foar de bûtenwacht goed lykje sil, mar Mitch wol dat er him earst foar in baan as strânwacht kwalifisearret, krekt as alle oare rekruten. Hoewol't Brody him net bot fan syn bêste kant sjen lit, wurdt Mitch troch syn baas twongen om him dochs yn syn team op te nimmen. De oare beide plakken geane nei Summer en Ronnie.
Underwilens hat Mitch ek oare swierrichheden, want hy fynt op syn strân hieltyd lytse pûdsjes mei dêryn de drug flakka. Om't dat eltse kear yn 'e neite bard fan 'e Huntley Club, in hippe útgeansgelegenheid, begjint Mitch te fermoedzjen dat Victoria Leeds, in sakefrou dy't koartlyn de Huntley Club oernommen hat, wat mei de drugs te krijen hat. Dêr hat er gelyk oan, want Leeds is djip behelle yn 'e pleatslike drugshannel. Mar se hat ek plannen mei it strân fan 'e Emerald Bay, en dêr passe Mitch-en-dy net yn. Leeds wol der nammentlik in priveestrân fan meitsje, dat inkeld tsjin betelling tagonklik is. Dêrta is se oan 'e gong om alle ûnreplik goed oan it strân op te keapjen. Ek hat se it korrupte pleatslike gemeenteriedslid Rodriguez omkocht om har plannen goedkard te krijen troch de gemeenteried. Se finansiert it hiele projekt mei it jild dat se fertsjinnet mei de hannel yn flakka.
As yn 'e baai brân útbrekt oan board fan in jacht, sjitte Mitch en de oare strânwachten as earsten te help. Mitch wit twa jonge froulju te rêden en giet dan werom om 'e iennichste oare opfarrende, in man, op te heljen. Underwilens besiket Brody te helpen, mar rekket sels yn 'e swierrichheden troch de oalje dy't op it wetteroerflak brânt, wêrnei't er rêden wurde moat troch Stephanie en Summer. Dêrby lit Summer blike dat se gefoelens foar Brody hat. Mitch springt mei de man oer it skouder oerboard krekt ear't it jacht eksplodearret. Neitiid docht bliken dat de man it net oerlibbe hat, en wurdt syn identiteit fêststeld as gemeenteriedslid Rodriguez. Mitch, dy't sjoen hat dat ien fan 'e beide jonge froulju in pûdsje flakka ûnder bân fan har bikinybroekje stutsen hie, fermoedet dat der in ferbân is tusken de mysterieuze brân op it jacht en de hannel yn drugs by de Huntley Club. As er syn fermoedens lykwols oppenearret by plysjeman Ellerbee, wiist dy him teplak, en makket him dúdlik dat de plysje him wol mei de saak rêde sil sûnder Mitch syn help.
Letter dy deis arrivearret Victoria Leeds op it strân om Mitch en de oare strânwachten te priizgjen foar harren heldhaftige aksje, en harren út te nûgjen foar in feest yn 'e Huntley Club, dyselde jûns. Brody ferset him as iennichste fan 'e strânwachten tsjin Mitch syn plan om 'e útnûging oan te nimmen sadat de strânwachten yn 'e Huntley Club op 'e sneup gean kinne nei bewizen foar belutsenens by drugshannel. Hy wurdt lykwols oerstimd troch de oaren, en dy jûns bejout it hiele team him nei de nachtklub ta. Wylst Ronnie Leeds en de oare gasten ôflaat mei syn kaprioalen op 'e dûnsflier, kringe Mitch en Stephanie efter de skermen yn 'e klub troch. Dêr sjogge se wat fertochte dingen, mar neat dêr't se wat mei bewize kinne. Underwilens stelt Victoria Leeds yn in petear mei Brody foar dat hy luitenant fan 'e strânwacht wurdt foar Mitch yn 't plak. Se lit him efter mei in flesse whiskey. Neitiid bedrinkt Brody him en set er himsels foar gek. De oare deis, as Mitch him dúdlik makket dat er út it team leit, biedt er einlings syn ûntskuldigings ris in kear oan, en om't Mitch oanfielt dat er oprjocht is, beslút er Brody noch ien kâns te jaan.
Letter dy deis ynfiltrearje Mitch, Brody en Summer it pleatslike mortuarium, dêr't se it lyk fan gemeenteriedslid Rodriguez ûndersykje en syn lykskôgingsrapport lêze. Dêryn stiet dat der gjin reek yn syn longen oantroffen is, wat betsjut dat er al dea wie foar't de brân op it jacht útbriek. As se oaren oankommen hearre, ferskûlje de strânwachten harren by de liken yn 'e laden fan it mortuarium. De nijkommers blike Leon en Frankie te wêzen, twa trewanten fan Victoria Leeds, dy't stjoerd binne om it lykskôgingsrapport te ferfalskjen en sa te ferbergjen dat sy Rodriguez yn opdracht fan Leeds fermoarde hawwe. Summer filmet wat de beide mannen yn it mortuarium dogge mei har mobile tillefoan, mar troch Brody syn knoffelige maneuvels wurde de strânwachten ûntdutsen. Leon en Frankie witte Summer har tillefoan te ûntfytmanjen en dermei út te naaien, en hoewol't Mitch harren nei in wylde efterfolging by wit te heljen, rekket de tillefoan ferrinnewearre. Dat betsjut dat Mitch-en-dy gjin bewiis hawwe en dat Ellerbee harren net leauwe wolle. Boppedat driget Thorpe Mitch mei ûntslach as er nochris syn boekje te bûten giet.
Om't se derfan oertsjûge binne dat Leeds de spin yn it web fan 'e pleatslike drugshannel is, geane Mitch en Brody neitiid undercover yn 'e Huntley Club, dêr't se der yn 'e koken tsjûge fan binne hoe't de wurknimmers fan 'e nachtklub de drugs út fetten mei ynferzen fisk helje en ree meitsje om ferhannele te wurden. Se skilje Ellerbee op om Leeds-en-dy oan te jaan, mar Ellerbee seit dat er op it stuit wichtiger problemen hat, mei't der in lyk fan in by in haaie-oanfal omkommen man oanspield is op it strân. Thorpe, dy't Ellerbee der yn ôfwêzigens fan Mitch by helle hat, stelt fêst dat Mitch syn post ûnder wurktiid yn 'e steek litten hat. Dat is foar him de drip dêr't de amer fan oerrint, en hy ûntslacht Mitch. Ynstee dat er Stephanie yn Mitch syn plak beneamt, dêr't se rjocht op hat om't se nei Mitch de heechste rang hat, beneamt er Brody ta de nije luitenant. Brody besiket de promoasje werom te jaan, mar Thorpe sjantearret him om 'e nije posysje dochs oant te nimmen troch dermei de driigjen dat it oars wolris nuver yn 'e war reitsje kin mei syn taakstraf.
Nei't Brody de folgjende dei in nij pûdsje flakka op it strân fynt, giet er nei it plysjeburo, dêr't er it dossier oer it oanspielde lyk fan it buro fan Ellerbee stelt. Hy lit de foto's yn it dossier oan Summer sjen, dy't in eftergrûn as ferpleechkundige hat, en dy't syn fermoeden befêstiget dat guon fan 'e ferwûnings fan 'e deade man net troch haaien feroarsake binne. Ronnie, dy't oer Summer har skouder meisjocht, skrikt him dea as er op 'e foto's syn maat Dave werom ken, dy't foar Victoria Leeds it nije kompjûtersysteem fan 'e Huntley Club opset hat. Ronnie helpt Brody dêrnei om dat kompjûtersysteem te hacken, en sa komme se efter it plan fan Leeds om fan 'e hiele baai in priveestrân te meitsjen troch systematysk alle oare ûnreplik-goedeigners út te keapjen. Se ûntdekke ek dat noch mar ien persoan Leeds har plannen yn 'e wei stiet: Murray Chen, dy't syn nachtklub net ferkeapje wol. Underwilens hat Mitch in nije baan fûn as ferkeaper yn in wytguodwinkel, dêr't er de moedfearren alhiel hingje lit. Dat feroaret as er besite kriget fan syn âlde mentor, dy't him nije moed ynpraat.
Jûns ynfiltrearje Brody en de oare strânwachten in priveefeest oan board fan Leeds har lúkse jacht, dêr't Brody en Summer ûntdekke hoe't Leeds in holte by de kyl fan it skip brûkt om drugs te smokkeljen. Stephanie, Ronnie en C.J. witte ûnderwilens Chen op te spoaren, dy't op it jacht finzen holden wurdt oant Leeds him út 'e wei romje kin. Se befrije him mei help fan Summer, wêrnei't Stephanie en Summer de man yn feilichheid bringe, wylst Ronnie en C.J. weromgeane om Brody op te heljen. Dy is yn 'e tuskentiid lykwols trappearre troch Leeds en har trewanten, dy't him finzen nimme en yn it plak fan Chen yn in koai pleatse. Foar't se de koai yn it wetter smite, sadat Brody ferdrinke sil, fertelt Leeds him selsfoldien dat er syn lot oan himsels te witen hat. Se hie Thorpe omkocht sadat dy Brody yn it plak fan Mitch ta luitenant beneame soe, en alles dat Brody hoegde te dwaan om foarút te kommen yn 'e wrâld, wie him mei syn eigen saken bemuoie.
Wannear't Brody op 'e boaiem fan 'e baai yn azemneed komt te sitten en op it punt stiet om te stjerren, sjocht er Summer as in soarte fan ingel út in ljocht wei op him ta swimmen om him in tút te jaan wêrby't se him nije lucht ynblaast. As er lykwols wer wat bykomt, blykt dat in hallusinaasje te wêzen; ynstee is it Mitch dy't mûle-op-mûlebeäzeming jout. Underwilens besykje Leeds en har trewanten Frankie en Leon te ûntkommen nei it tichtstbye plak dêr't har helikopter lânje kin; dat is de grutte, platte boat dêr't se it fjoerwurk opstelt hat foar in fjoerwurkshow dy't se foar letter dy jûn pland hie. Wylst Mitch en Brody de efterfolging ynsette op Leeds-en-dy, lit Ronnie fia it kompjûtersysteem op it jacht fan Leeds de fjoerwurkshow begjinne om 'e helikopter op ôfstân te hâlden. Brody slacht ien fan Leeds har trewanten oerboard, wylst Mitch mei de oare ôfweeft. Leeds sels blykt in pistoal te hawwen, wêrmei't se Brody bedriget en Mitch delsjit, mar as it lêste fjoerwurk ôfgiet, wit Mitch har op te blazen troch in swiere fjoerpylk op har te rjochtsjen.
Neitiid arrivearret Ellerbee, krekt op 'e tiid om Leeds har wurknimmers te arrestearjen. Hy moat no einlings tajaan dat Mitch al dy tiid gelyk hie, en dat hysels mis west hat. Thorpe arrivearret ek en fart út tsjin Mitch om't dy him wer op syn strân bejûn hat, mar Brody, dy't wit dat Thorpe himsels omkeapje litten hat, slacht de man bewusteleas. Thorpe wurdt neitiid troch Ellerbee yn 'e hechten set foar syn oandiel yn Leeds har kriminele organisaasje. Underwilens binne Ronnie en C.J. yn 'e neisleep fan 'e oerwinning op Leeds oan it tútsjen rekke, en neitiid bringe se nacht tegearre troch. Ek Brody en Summer krije in relaasje. Mitch kriget syn baan as luitenant fan 'e strânwacht werom, en Summer, Ronnie en Brody wurde as folweardige leden yn it team opnommen. Foar Thorpe yn it plak wurdt in nije kaptein oansteld, Casey Jean.
Rolferdieling
haadrollen personaazje akteur/aktrise luitenant Mitch Buchannon Dwayne Johnson (The Rock) Matt Brody Zac Efron Stephanie Holden Ilfenesh Hadera C.J. Parker Kelly Rohrbach Summer Quinn Alexandra Daddario Ronnie Greenbaum Jon Bass
byrollen