Dead Beat is in roman fan it fantasysjenre, skreaun troch de Amerikaanske auteur Jim Butcher. De titel betsjut "De [Hert]slach fan 'e Deaden", mar it is in wurdboarterij, mei't it oaninoar skreaun, as Deadbeat de betsjutting "Liddichgonger" of "Neatnut" hat. It boek, dat skreaun is yn it ik-perspektyf, foarmet it sânde diel fan 'e romansearje The Dresden Files, dy't ta it subsjenre fan 'e urban fantasy heart. It folget as sadanich op Blood Rites. Yn Dead Beat wurdt Harry Dresden, praktisearjend tsjoender en privee-detektive te Chicago, troch in fampier sjantearre om har binnen trije dagen it "Wurd fan Kemmler" te besoargjen, wat dat dan ek mar wêze mei. Dead Beat waard yn 2005 publisearre troch de New Yorkske útjouwerij Roc Books. Yn 2006 waard it boek troch de Science Fiction Book Club werpublisearre yn 'e omnibusedysje Wizard at Large, mei Blood Rites, it sechsde diel fan The Dresden Files. __TOC__ Ynhâld Yn Dead Beat wrakselet Harry Dresden, tsjoender en privee-detektive yn Chicago, noch altyd mei de ûntdekking dy't er oan 'e ein fan Blood Rites, it foarrige diel fan 'e romansearje, dien hat: dat syn fjoerbetsjoenings net mear gewoan fjoer oproppe, mar hellefjoer, dat troch demoanen en warlocks brûkt wurdt. Harry snapt net hoe't soks ûnfrijwillich barre kin, al hat er in sterk fermoeden wat de bân tusken himsels en it hellefjoer wêze kin. Twa jier lyn hat er nammentlik troch omstannichheden in denaarje opkrigen dy't ien fan 'e tritich sulverstikken fan Judas Iskariot wie en dêr't de fallen ingel Lasciel, de Ferliedster, oan ferbûn is. Harry hat de munt yn in magyske ring fan stiel yn 'e flier fan 'e kelder bedobbe ûnder in heale meter beton (sjoch: Death Masks). Hoe't it yn 'e frede mooglik is dat Lasciël dêrwei noch altyd ynfloed op him útoefenet, giet syn begryp te boppen, mar blykber is it dochs sa. Harry doar dêrom no eins gjin fjoerbetsjoenings mear te dwaan, wat wol ûnhandich is, mei't fjoer syn sterkste elemint is.

Harry hat ek noch oare problemen. Syn healbroer Thomas Raith wennet noch altyd by him yn. Thomas is in fampier fan it Wite Hôf (eins mear in ynkubus as in 'tradisjonele' fampier), dy't in jier lyn troch syn suster Lara út it Wite Hôf ferballe is (sjoch: Blood Rites). Hoewol't Harry, dy't opgroeid is as wees sûnder famylje, de wrâld te ryk is dat er einlings in famyljelid fûn hat, is er minder bliid mei Thomas syn sloardigens en it feit dat er te pas en te ûnpas kreaze froulju meinimt nei Harry syn lytse appartemint yn it sûterrên fan in flatgebou om seks mei harren te hawwen. Thomas besiket in 'normaal' libben op 'e rails te krijen, mar dat wol mar min slagje. Fierders freget Harry syn freondinne Karrin Murphy, it haad fan 'e Spesjale Undersyksienheid fan it Chicago Police Department, oft er ek in pear wiken har blommen wetter jaan kin. Se giet nammentlik op fakânsje nei Hawaï mei Jared Kincaid, in heal-demoanyske hierling mei wa't se in jier lyn troch Harry syn tadwaan yn 'e kunde kommen is (sjoch: Blood Rites). Harry stimt dêr fansels yn ta, mar ûntdekt tagelyk dat er ferhipte jaloersk op Kincaid is, wat suggerearret dat er romantyske gefoelens foar Murphy hat. Dat besef lit him yn betizing efter.

It wurdt noch helte minder as Harry post kriget fan Mavra, in (tradisjonele) fampier fan it Swarte Hôf, mei wa't er in jier lyn ôfweefd tocht te hawwen. Hja hat him lykwols te fluch ôf west, en no is se werom. Se stjoert him in foto ta fan 'e ynfal dy't Harry, Murphy en Kincaid in jier tebek dien hawwe yn in tehûs foar dakleazen dat troch Mavra en har trewanten beset holden waard. Op 'e foto weeft Murphy ôf mei in 'renfield', in minsklike trewant fan in swarte fampier fan wa't de hiele persoanlikheid troch swarte magy stikken makke is en dy't inkeld noch yn steat is ta geweld. De man wie sadwaande al sa goed as dea, en Murphy rêde mei har aksje Harry syn libben, mar dy omstannichheden binne op 'e foto fansels net te sjen. As dizze foto nei de autoriteiten stjoerd wurdt, sil it Murphy har karriêre ferwoastgje. By de foto sit in lok fan Murphy har hier, en dat makket Harry noch mear kjel, want as se oer hier fan Murphy beskikt, kin immen dy't sa beleard is yn 'e swarte magy as Mavra fan alles mei har útheve.

Der sit in ek in bryfke yn it kefert mei de tekst dat Mavra Harry dy jûns by syn grêf moetsje wol, dat Harry set mei syn reuseftige (mar noch net folgroeide) Tibetaanske mastyf Mouse ôf nei it Graceland Cemetery, dêr't in fampier fan it Reade Hôf ea by wize fan bedriging in grêf foar him kocht hat, dat noch altyd iepen stiet (sjoch: Grave Peril). Dêr oankommen makket Mavra dúdlik dat Harry har foar midsnacht op 'e trêde dei fanôf no 'it Wurd fan Kemmler' besoargje moat as er Murphy rêde wol. As er wer thúskomt, giet Harry te rie by Bob, in elemintêre geast fan 'e lucht mei in yngeande kennis fan magy, dy't in skedel bewennet op 'e boekeplanke yn Harry syn geheime laboratoarium, yn 'e kelder ûnder syn appartemint. Bob fertelt him dat Heinrich Kemmler in tige machtige warlock wie, dy't ûnder mear troch hûndertfyftich jier fan manipulaasje efter de skermen ferantwurdlik wie foar it útbrekken fan 'e Earste Wrâldoarloch. Hy waard yn 1961 troch de foltallige Wite Ried fan Tsjoenderij en alle bûnsgenoaten dy't de Wite Ried oproppe koe, ferslein en deamakke, eat dat se oan it begjin fan 'e njoggentjinde iuw ek alris dien hiene, mar doe wie Kemmler, dy't in master fan nekromânsje wie, wer opstien út 'e dea. Diskear soarge de Wite Ried der dêrom foar dat soks net wer barre koe, hoewol't guon fan Kemmler syn learlingen wisten te ûntkommen.

Bob bekent dan dat hy fjirtich jier lang yn it besit fan Kemmler wie, ear't Justin DuMorne him yn 1961 út 'e útbaarnde ruïnes fan Kemmler syn laboratoarium plôke, krekt sa't Harry him letter út 'e útbaarnde ruïnes plôke hat fan it laboratoarium fan DuMorne, dy't Harry syn earste learmaster wie. Bob hat de oantinkens oan syn tiid mei Kemmler foar in part út syn ûnthâld snien, en foar in oar part ôfsletten fan syn hjoeddeistige persoanlikheid. As Harry him freget om dy oantinkens op te roppen om út te finen wat yn 'e frede 'it Wurd fan Kemmler' wêze kin, warskôget Bob him om him dy opdracht net te jaan, mar Harry slacht de warskôging yn 'e wyn. Bob ropt dêrop de oantinkens op dy't er noch oan syn tiid mei Kemmler hat, en kin Harry dan fertelle dat It Wurd fan Kemmler in boek is dat Kemmler skreau foar syn learlingen om syn kennis fan swarte magy troch te jaan. Bob hat lykwols troch de oproppen oantinkens in hiel oare persoanlikheid krigen, en Harry oerlibbet mar nauwerneed in konfrontaasje mei de nije Bob. Hy oarderet Bob dan om 'e oantinkens oan syn tiid mei Kemmler wer fuort te stopjen en nea wer foar 't ljocht te heljen, lykfolwa't him dêr ek opdracht ta jaan mei.

It is oktober en Halloween stiet foar de doar, en Harry rekket derfan oertsjûge dat de hiele saak dêrmei te krijen hat. En as nekromantisy (deadetsjoenders) tariedings meitsje foar it ien of oar, moatte se liken efterlitten hawwe, dat Harry set ôf nei it mortuarium, dêr't er te rie giet by syn freon, patolooch-anatoom Waldo Butters. As Harry deryn komt, wurdt er traktearre op it kluchtige gesicht fan Butters dy't as ienmans band yn in pak mei allegear muzykynstruminten oan it oefenjen is foar it polkafestival fan it Oktoberfest. De lytse patolooch-anatoom fungearret ek as Harry syn dokter as er wer ris ferwûnings oprûn hat (lykas skotwûnen) dêr't er net mei nei it sikehûs kin (om't de dokters dêre ferplichte binne om skotwûnen troch te jaan oan 'e plysje). Hy hat gjin ûngewoane stjergefallen opmurken, mar wol hat er fierder ûndersyk dien nei Harry syn sûnens. En hy is ta de konklúzje kommen dat Harry (en nei't men oannimme mei alle tsjoenders) better fan ferwûnings genêst as oare minsken. Fan eardere bonkebrekken is bygelyks op nijere röntgenfoto's neat mear werom te sjen, wylst soks by gewoane minsken oant harren dea dúdlik sichtber bliuwt. Butters wit net wêrom't dat sa is, mar hy giet derfan út dat it te krijen hat mei it gebrûk fan magy. It is neffens him ek de reden dat tsjoenders wol seishûndert jier libje kinne. Foar Harry betsjut dit yn praktyske sin dat er ferwachtsje mei dat syn lofterhân, dy't er in jier lyn by de konfontaasje mei Mavra slim ferbrând hat en dy't no eins net mear funksjoneel is, meitiid genêze sil sadat er dy wer brûke kin.

Wylst Harry noch by Butters is, kringt in nekromantikus dy't himsels Grevane neamt it mortuarium yn, beselskippe fan fjouwer troch him animearre sombys, wêrûnder Phil de befeiligingsman, dy't er no krekt fermoarde hat. Om 'e sombys yn syn macht te hâlden, trommelet Grevane op syn boppeskonk om in hertslach te simulearjen. Dat docht er mei in boek, dat as titel hat: Das Lied der Erlkönig. Grevane wolle Butters ûntfiere, mar Harry stekt dêr in stokje foar. Hy en Butters witte (mei muoite) te ûntkommen oan Grevane en syn sombys, en dêrnei oan 'e partner fan Grevane, in âldkeardel mei in jachtgewear, dy't harren op it parkearterrein fan it mortuarium opwachtet. Neitiid bringt Harry Butters by him thús, dêr't er feilich is ûnder beskerming fan Mouse en de betsjoenings dy't er om syn appartemint hinne opboud hat. Sels giet er der wer op út om yn 'e esotearyske boekhannel fan Artemis Bock Das Lied der Erlkönig te sykjen. Yn dy winkel, deunby de universiteit, wurdt er holpen troch in freonlik nij winkelfamke dat Shiela hjit.

As er wer bûten komt, wurdt er lykwols opwachte troch twa persoanen yn swarte mantels. It binne twa tsjoenders; de iene brûkt de namme Cowl en de oare neamt harsels Kumori. Harry hat noch nea fan harren heart. Se wolle dat er harren it eksimplaar fan Das Lied der Erlkönig jout, dat er krekt kocht hat, om't der neffens harren gefaarlike kennis yn stiet en it boek dêrom ferneatige wurde moat. Ek besykje se Harry derfan te oertsjûgjen dat de Wite Rie fan Tsjoenderij alteast foar in part korrupt is. Harry fertelt harren op syn beurt wêr't se om him hinne rinne kinne. De moeting draait dan út op in konfrontaasje, wêrby't Cowl Harry hinne en wer smyt mei in magyske krêft dy't Harry noch nea yn in tsjoender tsjinkommen is. As er lulk wurdt en syn selsbehearsking ferliest, makket er gebrûk fan hellefjoer om in auto boppe-op Cowl te goaien. Dêrfoar brûkt Harry elts bytsje magy dêr't er oer beskikt, en neitiid is er folslein útdien. Cowl, lykwols, triuwt de auto fansiden en komt wer oerein. Op dat stuit wurdt Harry rêden troch de oankomst fan in stik as seis grutte wearwolven, dy't Cowl en Kumori ta in foartidige ôftocht twinge.

De wearwolven binne de Alpha's, in ridel dy't in territoarium yn 'e buert om 'e universiteit hinne hat, en foar wa't Harry al jierren in soarte fan mentor is (sjoch: Fool Moon). Billy Borden en syn ferloofde Georgia, de lieders fan 'e ridel, nimme Harry mei nei harren auto en bringe him nei de filla fan Georgia har (smoarrike) famylje, dêr't er eefkes bekomme kin. As Billy seit dat er de rook fan 'e beide tsjoenders net opnimme kinnen hat om't er inkeld noch swevel roek nei't Harry de auto boppe-op Cowl smiet, bychtet Harry syn gebrûk fan hellefjoer op en syn teory oer hoe't er dêroan komt. Georgia oppenearret dat sokke macht nea fergees komt, en Harry freget himsels dan lûdop ôf oft it ferbrânen fan syn lofterhân der soms op in ferwrongen manear de priis foar wie. Hy fertelt ek dat er syn freon Michael Carpenter, in Ridder fan it Krús, net mear ûnder eagen doar te kommen, mei't dy grif oan Harry gewaarwurde kinne sil dat er hellefjoer brûkt hat. As Billy en Georgia him letter ôfsette sille by syn auto, blykt Harry syn âld Folkswein Kever fandalisearre te wêzen: alle ruten binne ynslein mei in honkbalkneppel, dy't neitiid yn 'e auto smiten is. Om't der neat út 'e auto stellen is, ornearret Harry dat it om in warskôging giet. Billy en Georgia biede oan om 'e auto nei de garaazje te bringen, wylst Harry harren SUV lient.