De Kris Longknife-searje, is in science fiction-romansearje fan 'e hân fan 'e Amerikaanske skriuwer Mike Shepherd. De rige spilet fier yn 'e takomst, as de minskheid him ferspraat hat nei de stjerren, en giet oer Kris Longknife, in jonge froulike ofsier yn 'e romtemacht fan har planeet, dy't opbokse moat tsjin 'e reputaasje fan har ferneamde famylje. It earste boek fan 'e Kris Longknife-searje yn bredere sin waard yn 1999 publisearre. Lange tiid kamen de boeken út by de New Yorkske útjouwerij Ace Books, mar yn 2016 briek Shepherd mei Ace en begûn er syn boeken yn eigen behear te publisearjen.

Searje-opbou De romansearje bestiet yn bredere sin út de eigentlike Kris Longknife-rige en fierders út de Jump Universe-searje: in stikmannich prequel-romans oer Kris har foarâlden, en twa spin-offsearjes: de Admiral Santiago-rige, oer in oare froulike ofsier, de mei Kris befreone admiraal Sandy Santiago, en de Vicki Peterwald-rige, oer Kris har rivale Vicki Peterwald, dy't sels ek in telch út in ferneamde famylje is. Alle besibbe romansearjes mei-inoar steane ek wol bekend as de Society of Humanity Universe-searje.

Eftergrûn Kris Longknife is de dochter fan 'e premier fan 'e planeet Wardhaven, en in telch út 'e tige ferneamde Longknife-famylje. Se stammet ôf fan oarlochshelden, yndustriëlen en regearingslieders, en der wachtet har in libben fan privileezje en macht. Kris, dy't in trauma meitôget dat weromgiet op 'e ûntfiering fan en moard op har jongere broer Eddy, keart dat lykwols allegear de rêch ta foar in karriêre as ofsier yn 'e romtemacht fan Wardhaven. Se soe it leafst ek alle bannen mei har famylje trochsnije, mar dat rêdt se net op. Krekt oarsom, wat se ek docht en hoefier't se ek útnaait, har famyljebannen lûke har almar wer werom nei hûs. Troch de jierren hinne makket se karriêre as in treflik ofsier. Har libben en de skiednis fan 'e hiele minskheid, feroarje lykwols alhiel fan koerts as Kris op in ferkenningsmisje fier fuort yn 'e romte op in freeslike fijân stjit.

Searje Jump Universe-searje Jump Universe-searje (allinnich de earste trije boeken fan 'e Unity War-trilogy binne oarspronklik skreaun ûnder de namme fan Mike Moscoe; alle oare boeken en ferhalen binne skreaun ûnder de namme fan Mike Shepherd) Unity War-trilogy (oarspronklik skreaun as Mike Moscoe ûnder de titel fan 'e Ray Longknife-trilogy, mar yn 2012 op 'e nij útbrocht as Mike Shepherd en ûnder de namme de Unity War-trilogy) 1999 – The First Casualty 2000 – The Price of Peace 2001 – They Also Serve Inter-war Period 2014 – To Do or Die (mei de wurktitel Hounds of War al ûnderweis sûnt 2000) Iteeche War-trilogy 2017 – Rita Longknife: Enemy Unknown 2017 – Rita Longknife: Enemy in Sight 20?? – Rita Longknife: Landing Party (oankundige yn 2018) Kris Longknife-searje Kris Longknife-searje (de koarte ferhalen binne yn 'e list hjirûnder ynpast neffens de folchoarder fan 'e ynterne gronology fan 'e searje) 2004 – Kris Longknife: Mutineer 2004 – Kris Longknife: Deserter 2005 – Kris Longknife: Defiant 2011 – Kris Longknife: Training Daze (koart ferhaal; allinnich as e-boek útbrocht) 2006 – Kris Longknife: Resolute 2007 – Kris Longknife: Audacious 2008 – Kris Longknife: Intrepid 2009 – Kris Longknife: Undaunted 2010 – Kris Longknife: Redoubtable (oarspronklik mei de wurktitel Superb) 2011 – Kris Longknife: Daring (in roman dy't ek direkt foarôfgeande oan 'e Vicki Peterwald-searje spilet) 2012 – Kris Longknife: Welcome Home/Go Away (koart ferhaal; allinnich as e-boek útbrocht) 2012 – Kris Longknife: Furious 2013 – Kris Longknife's Bloodhound (koart ferhaal; allinnich as e-boek útbrocht) 2013 – Kris Longknife: Defender 2014 – Kris Longknife: Tenacious 2015 – Kris Longknife: Unrelenting (oarspronklik mei de wurktitel Relentless) 2017 – Kris Longknife Among the Kicking Birds (koart ferhaal; as e-boek útbrocht; ek yn 'e bondel Kris Longknife's Maid Goes on Strike and Other Stories) 2016 – Kris Longknife: Bold (in roman dy't ek direkt nei de earste trije boeken fan 'e Vicki Peterwald-searje spilet) 2016 – Ruth Longknife's First Christmas (koart ferhaal; as e-boek útbrocht; ek yn 'e bondel Kris Longknife's Maid Goes on Strike and Other Stories) 2017 – Kris Longknife's Bad Day (koart ferhaal; as e-boek útbrocht; ek yn 'e bondel Kris Longknife's Maid Goes on Strike and Other Stories) 2017 – Kris Longknife: Emissary 2017 – Kris Longknife: Admiral 2018 – Kris Longknife: Commanding 2019 – Kris Longknife: Indomitable 2019 – Kris Longknife: Stalwart 2022 – Kris Longknife: Boot Recruit spin-offwurken 2020 – Longknifes: Defend the Legation ferhalebondels 2018 – Kris Longknife's Maid Goes on Strike and Other Stories Kris Longknife's Maid Goes on Strike Ruth Longknife's First Christmas Kris Longknife Among the Kicking Birds Kris Longknife's Bad Day

Admiral Santiago-searje Admiral Santiago-searje (in spin-offsearje fan 'e Kris Longknife-searje) 2017 – Kris Longknife's Replacement 2017 – Kris Longknife's Maid Goes on Strike (koart ferhaal; as e-boek útbrocht; ek yn 'e bondel Kris Longknife's Maid Goes on Strike and Other Stories) 2017 – Kris Longknife's Relief 2018 – Kris Longknife's Successor Vicki Peterwald-searje Vicki Peterwald-searje ( in spin-offsearje fan 'e Kris Longknife-searje) 2014 – Kris Longknife's Assassin (koart ferhaal; allinnich as e-boek útbrocht) 2014 – Vicki Peterwald: Target 2015 – Vicki Peterwald: Survivor 2016 – Vicki Peterwald: Rebel 2018 – Vicki Peterwald: Dominator 2019 – Vicki Peterwald: Implacable

Untfangst Resinsinte Liz Bourke kwalifisearre de Kris Longknife-rige yn in boekbesprek op 'e webside fan Tor Books as "yntellektueel lichtgewicht", mar "kleverich fermaaklik, fol ûnwierskynlike súksessen, hiermoardners, floatmaneuvers en riskante 'doch-it-of-stjer'-heldedieden."

Kategory:Literêr wurk fan Mike Shepherd Kategory:Science fiction-romansearje Kategory:Ingelsktalige romansearje Kategory:Romansearje út 1999