thumb|Trekker mei protestboerd yn De Haach De boereprotesten wiene aksjes fan Nederlânske boeren dy't fan 1 oktober 2019 ôf plakfûn. De boeren fregen omtinken foar harren rôl yn de maatskippij. De aksje waard organisearre troch Agractie en Farmers Defence Force. LTO Nederlân en syn regionale ôfdielings stipen de aksje.
Oanrin In foarstel fan D66-parlemintslid Tjeerd de Groot om it feebeslach mei de helte te ferminderjen, nei oanlieding fan de stikstofkrisis en it dêropfolgjende advys fan de kommisje-Remkes, wie de streekrjochte oanlieding fan de protesten. Ek joech de foarman fan LTO-Nederlân, Marc Calon, oan, dat mei it besetten fan in bargepleats yn Boxtel 'de lont fan it grutte ferset yn it krûdfet stutsen waard'.
It protest waard benammen rjochte op: De te faak feroarjende regeljouwing op it mêd fan bistewolwêzen, easken fan de kwaliteit fan produkten en stikstofreduksje. It negative byld dat der oer it boerebedriuw ferspraat wurdt troch politisy, media en milieu-aktivisten. De berekkenings fan de RIVM, dy't úthâldt dat de feehâlderij ferantwurdlik is foar 46% fan it útstjitten fan stikstof. Farmers Defence Force hie dêroer sterke twivels , en ek oer harren metoaden fan mjittenhttps://amp.nos.nl/artikel/2306007-weer-een-week-vol-boerenprotest-een-overzicht-van-de-acties.html. Hja fine dat de oerheid de boeren as grutte fersmoargers sjocht en oare grutte fersmoargers frij gean lit. De RIVM en de oerheid seine lykwols dat dy metoaden goed binne, mar woene fierders gjin útlis jaan hoe't hja de mjittings doggehttps://www.boerenbusiness.nl/financieel/artikel/10884558/stikstofclaim-eist-opheldering-van-rivm. Fragen oer de útfinings fan de kommisje-Remkes. Boeren miene dat de sektor ammoniak al mei 65 persint ferlege hathttps://www.omropfryslan.nl/nijs/908864-lto-noord-soad-undudlikheden-yn-rapport-remkes.
Aksjes thumb|Trekkers lûke De Haach yn 1 oktober De Haach Tûsenen boeren lutsen yn de moarns betiid mei trekkers nei De Haach. Dat soarge foar de grutste drokte op de Nederlânske wegen mei 1136 km file yn totaalhttps://www.nu.nl/binnenland/6001029/anwb-drukste-ochtendspits-ooit-1136-kilometer-file-door-boerenprotest.html. Benammen it ferkear om De Haach hinne lei plat. Op it Malieveld fûn in demonstraasje plak. De doetiidske boargemaster Pauline Krikke joech tastemming foar 75 trekkers op it Malieveld. De oare trekkers koene by it stadion fan ADO De Haach en it strân by Skeveningen steane. Dêrwei koene boeren mei pindelbussen nei it Malieveld brocht wurde.
De kommunikaasje tusken de organisaasje en it gemeentebestjoer rûn lykwols min, neffens Agractie. De boeren rieden troch nei it Malieveld, dat foar it ferkear yn it sintrum fan De Haach yn trewyn lei. Guon trekkers rieden it Malieveld op en brutsen troch ôfsettings, wêrby't stekken en de berm fernield waardenhttps://nos.nl/artikel/2304144-trekkers-breken-door-afzetting-malieveld-burgemeester-roept-driehoek-bijeen.htmlhttps://www.gelderlander.nl/ede/edese-initiatiefnemer-boerenprotest-tevreden-afgesloten-a12-is-enige-kleinigheidje. Neitiids hawwe boeren oanbean mei te helpen de skea op te helpenhttps://www.ad.nl/binnenland/boeren-willen-schade-op-malieveld-herstellen. Minister Carola Schouten fan Lânbou spruts de boeren op it Malieveld ta, en sei ta dat de helte ferminderjen fan it feebeslach ûnder har ministerskip net barre soehttps://nos.nl/artikel/2304179-schouten-tegen-protesterende-boeren-geen-halvering-van-veestapel.html. De wyks dêrfoar advisearre de kommisje-Remkes it kabinet lykwols om it feebeslach in ein te ferminderjen fanwegen de stikstofkrisis dy't ûntstie nei in útspraak fan de Rie fan Steathttps://nos.nl/artikel/2304179-schouten-tegen-protesterende-boeren-geen-halvering-van-veestapel.html.
Fryslân Yn Fryslân hawwe dy deis ek aksjes plakfûn. Boeren dy't net nei De Haach gean koene, sammelen harren ûnder oaren by Easterwâlde op de Venekoterwei. Hja kamen dêr mei 150 minsken, mar se giene de N381 net op, en dat late dus net ta gefaarlike situaasjes. Hja hiene spandoeken mei en lieten sjen dat se de boeren, dy't nei De Haach gien binne, stypjehttps://www.omropfryslan.nl/nijs/909376-grutte-dielname-boereprotest-easterwalde-spanning-yn-hushaldens.
Rest fan Nederlân Ek op oare plakken yn Nederlân wiene der aksjes. Yn Grins parkearren boeren harren trekkers by it treinstasjonhttps://www.dvhn.nl/groningen/Protesterende-boeren-parkeren-hun-trekkers-bij-Hoofdstation-in-Groningen. Op de A28 tusken Hoogeveen en Swol fûn in stadichoanaksje plak. Dêrby blokkerarren boeren de dyk, troch't se yn in pear oere tiid stadichoan fan Hoogeveen rjochting Swol rieden en doe wer tebekhttps://www.destentor.nl/zwolle/boeren-blokkeren-a28-volledig-tussen-hoogeveen-en-zwolle. Yn it Media Park yn Hilfertsom protestearren in stikmannich boeren by it gebou fan de NOS, om't politisy, media en miljeu-aktivisten de boeren in te negatyf byld jouwehttps://www.gooieneemlander.nl/cnt/dmf20191001_81954772/boeren-protesteren-ook-bij-gebouw-nos?utm_source=google&utm_medium=organic.
11 oktober Sa'n 200 trekkers út de provinsje Fryslân lutsen nei it sintrum fan Ljouwert nei it provinsjehûs. Hja easken dat de provinsje de earder naam maatregels oer de stikstofreduksje wer weromdraait. Justjes letter liet deputearre Johannes Kramer in seal fol boeren witte dat de provinsje de maatregel wer ynlûkt en dat de provinsje tegearre mei de boeren nei in oplossing sykje sil. Hy ûnderstreke nettsjinsteande dat der wol in stikstofprobleem ishttps://www.omropfryslan.nl/nijs/914619-deputearre-kramer-set-streek-troch-stikstofmaatregels.
Ek foar it provinsjehûs fan Noard-Brabân yn De Bosk kamen sa'n 250 minsken om by de diskusje oer stikstofreduksje oanwêzich te wêzen. Boere-organisaasje ZLTO ropte boeren op net mei trekkers te kommen, dochs kamen der lykwols 30 trekkers by it provinsjehûshttps://nos.nl/artikel/2305647-friesland-trekt-stikstofmaatregel-in-na-boerenprotest-in-provinciehuis.html.
14 oktober Ek yn oare provinsjes fûnen der ferskate aksjes plak by provinsjehûzen, lykas dy fan Drinte, Oerisel, Gelderlân, Grinslân en Noard-Hollân. De provinsjebestjoeren fan Drinte, Oerisel en Gelderlân lutsen harren beslút yn neifolging fan Fryslân ek yn. Yn Grins waard de doar fan it provinsjehûs mei in trekker ynriden, nei't it provinsjebestjoer besletten hat de maatregel net yn te lûken en de foet stiif te hâldenhttps://www.nrc.nl/nieuws/2019/10/14/ook-provincie-drenthe-schort-stikstofregels-op-na-boerenprotest-a3976663. Ek rekke der ien ferwûne tusken in lytse rebûlje tusken boeren en de plysje, doe't boeren it provinsjehûs yn gean woene. LTO Noard hat dy aksje al feroardielehttps://www.nu.nl/binnenland/6004098/lto-noord-veroordeelt-incident-boerenprotest-groningen-zaak-voor-politie.html?redirect=1.
Ek yn Noard-Hollân en Seelân lutsen boeren nei de provinsjehûzen yn Haarlim en Middelburch, mar dy provinsjes lutsen harren stikstofmaatregel ek net yn. Wol fregen de Provinsjale Steaten oan it regear yn De Haach foar dúdlikens fan it lanlike belied.
15 oktober Yn Limboarch protestearje boeren by it provinsjehûs yn Maastricht. Yn Seelân binne de boeren yn petear mei de provinsje ynstee fan te protestearjen. At de provinsje net harkje wol nei harren, soe der likegoed noch protestearre wurdehttps://amp.nos.nl/artikel/2306007-weer-een-week-vol-boerenprotest-een-overzicht-van-de-acties.html.
16 oktober thumb|It leger waard ynset yn De Haach Op 16 oktober waarden der nije protesten organisearre troch Farmers Defence Force. De aksje begûn by it gebou fan de RIVM yn Bilthoven. Letter gie men nei De Haach, dêr't it leger ynsetten waard om tefoaren te kommen dat boeren op it Binnenhôf komme soene. De boeren mochten ynearsten op de Koekamp demonstrearje, mar al gau stiene boeren ek by it Sintraal Stasjon, dat flakby de Koekamp stiet, en blokkearren se in trambaan. De plysje stjoerde se fuort en doe lutsen der in soad boeren nei it Malieveld ta. Der wie ûndúdlikens wêr't boeren parkeare koene. De sfear op it Malieveld wie smûk. It ferkear om De Haach hinne rûn al fêsthttps://nos.nl/artikel/2306357-boeren-rijden-trambaan-op-malieveld-staat-vol-met-trekkers.html. Ek rieden boeren it sintrum fan De Haach yn, dêr't it ferkear folslein fêstrekke. Guon plakken, wêrûnder it Binnenhôf, waarden folslein ôfsletten troch it leger. Dêrtroch koene boeren de stêd ek slim wer út. Guon boeren hawwe besletten en oernachtsje op it Malieveld. Sieta van Keimpema fan Farmers Defence Force fûn dat it kabinet op in boargerkriich út wie, mei harren ynsetten fan it leger, en se neamde dat kabinetsleden te lef wiene en praat mei de boerenhttps://nos.nl/artikel/2306398-uittocht-boeren-uit-den-haag-leidt-tot-grote-drukte-kleine-groep-blijft-slapen.html.
17 oktober Likernôch 300 boeren binne yn de nacht fan 16 op 17 oktober sliepen bleaun op it Malieveld yn De Haach. Moarns betiid fersoargen de boeren oan ynwenners fan De Haach in boerebrochje as in ferûntskuldiging fan de oerlêst. Dêrnei makken de boeren noch in omgong troch De Haach by in stik as wat belutsen ynstânsjes del en binne om it middeisoere hinne wer werom nei hûs gienhttps://www.omropfryslan.nl/nijs/915864-day-after-yn-den-haag-oernachtsjende-boeren-biede-brochje-oan.
25 oktober Op 25 oktober kamen boeren út Noard-Brabân yn aksje by it provinsjehûs tsjin it provinsjale stikstofbelied. De provinsje besleat dochs en fier de maatregels yn. Hja kamen mei Fryske flaggen oan en setten sels in Fryske flagge op it provinsjehûs om't Fryslân syn maatregel al weromdraaid hie. Hja ferbaarnden de Brabânske flagge en seine dat se net mear grutsk op harren provinsje wienehttps://www.volkskrant.nl/nieuws-achtergrond/brabant-zwicht-niet-voor-massaal-boerenprotest-stallen-moeten-al-in-2022-voldoen-aan-strengere-stikstof-eisenhttps://www.omropfryslan.nl/nijs/916115-fryske-flaggen-yn-noard-braban-want-boeren-der-binne-jaloersk-op-boeren-hjir.
Tagelyk waard der aksje fierd tsjin it belied fan de suvelsektor, dy't ûnder oaren út FrieslandCampina, NZO en ZuivelNL, foarnaam wie. It bestjoer fan Farmers Defence Force fersprate de tillefoannûmers fan direksjelju fan de suvelûndernimmingen. Ek blokkearren se it haadkantoar fan FrieslandCampina yn Amersfoart. De suvelbedriuwen joechen ta, en seine dat der te min draachflak foar wiehttps://www.ad.nl/binnenland/stikstofplan-ingetrokken-na-felle-acties-van-boeren~a0815b9d/.
11 novimber Op moandei 11 novimber wiene der aksjes fan boeren by it provinsjehûs fan Noard-Hollân yn Haarlim. Der wiene sa'n 200 boeren op 'en paad nei Haarlim. Hja soargen foar in file moarns by Uitgeest en yn de Wijkertunnel. Hja beane ek in petysje oan de provinsje: it plattelân fan Noard-Hollân woe him fan Amsterdam en Haarlim ôfskiede en him by de provinsje Fryslân foegje, om't dêr al nei de boeren harke wurdt. Hja hiene 5400 ûndertekenenhttps://www.haarlemsdagblad.nl/cnt/dmf20191111_55924028/zo-n-honderd-boeren-bij-provinciehuis-haarlem?utm_source=nl.wikipedia.org&utm_medium=referral&utm_content=/wiki/Boerenprotest_2019. Guon boeren rieden de Ofslútdyk op en kamen harren Fryske kollega's op healwei temjitte dy't harren de Fryske flagge oerlangenhttps://www.omropfryslan.nl/nijs/916698-friezen-oerlangje-fryske-flagge-oan-noard-hollanske-boeren-op-ofslutdyk.
13 desimber
Boeren fersoargen in boer-boargeraksje op de Dam yn Amsterdam, dêr't hja ûnder kreamen farsk iten besoargen oan it públyk. Dy aksje waard organisearre troch Agractie. Deselde deis lykwols organisearre Farmers Defence Force in blokkade fan it Fleanfjild Eindhoven mei trekkershttps://www.boerenbusiness.nl/financieel/artikel/10885036/burger-neemt-graag-de-producten-van-boer-aan.
18 desimber