Klaas Fokkinga (Droegeham, 20 oktober 1953) is in Frysk FNP-politikus út Nes yn Noardeast-Fryslân.
Politike karriêre Yn 2010 kaam Fokkinga foar de Fryske Nasjonale Partij yn 'e gemeenteried fan Dongeradiel. Dêrnei siet er fjouwer jier yn 'e Provinsjale Steaten fan Fryslân. Nei de Steateferkiezingen fan 2019 gong Fokkinga út de Steaten, al bleau er wol aktyf foar de provinsjale fraksje fan de FNP. Hy wie aktyf yn de Steateseksje Lân, Loft en Wetter.Klaas Fokkinga kandidaat deputearre FNP op fnp.frl
As deputearre Mei yngong fan 2020 folge Fokkinga Johannes Kramer op as deputearre. Kramer waard boargemaster yn de gemeente fan Fokkinga, Noardeast-Fryslân.
Fokkinga waard foardroegen as syn opfolger troch in advyskommisje ûnder lieding fan Earste Keamerlid Gerben Gerbrandy. Hy sil de portefúlje fan Kramer oernimme. Dat betsjut dat er him ûnder oare dwaande hâldt mei de stikstofkrisis yn Nederlân. Mei dat ûnderwerp kaam Kramer ein 2019 lanlik yn it nijs, doe't er in streek sette troch de ôfspraken dy't de provinsje mei it regear fan Mark Rutte oer de foarnommen ynkrimping fan 'e lânbousektor hie. Dat die er nei't op 11 oktober guon boeren mei trekkers foar de doar fan it Provinsjehûs yn Ljouwert stiene.
Njonken de stikstofproblematyk hat Fokkinga, sûnt 2020, ek lânbou, leefberens, wenjen, plattelânsbelied, erfgoed, breedbân-ynternet en it projekt Holwert oan See yn syn portefúlje. Doe't Fokkinga Steatelid wie, hold er him ek dwaande mei wenjen, plattelânsbelied en Holwert oan See.
Njonken de polityk Fokkinga wurket yn it ûnderwiis. Hy wie direkteur fan basisskoallen en skoallekoepels. Sûnt 2011 hat er in eigen ûnderwiisadvysburo. Dêrmei is er dwaande mei ynternasjonalisearring yn it ûnderwiis, ûnderwiisprojekten en mei it learen fan frjemde talen.Klaas Fokkinga nije deputearre foar de FNP as opfolger fan Kramer op omropfryslan.nl
Kategory:Frysk amtner Kategory:Frysk politikus Kategory:FNP-politikus Kategory:Frysk ûnderwizer Kategory:Lid fan de Steaten fan Fryslân Kategory:Frysk deputearre Kategory:Frysk bestjoerder Kategory:Frysk nasjonalist Kategory:Persoan berne yn Droegeham Kategory:Persoan berne yn 1953