Children of Earth and Sky is in fantasy-roman fan 'e hân fan 'e Kanadeeske skriuwer Guy Gavriel Kay. De titel betsjut: "Bern fan Ierde en Loft", en ferwiist nei de haadpersoanen, dy't nettsjinsteande al har ferskillen úteinlik gewoan minsken binne. Children of Earth and Sky heart ta it subsjenre fan 'e histoaryske fantasy en spilet tsjin in eftergrûn dy't ûntliend is oan 'e Balkan yn 'e twadde helte fan 'e fyftjinde iuw. It boek waard yn 2016 publisearre troch de útjouwerij Hodder & Stoughton.

Eftergrûn Children of Earth and Sky spilet tsjin in eftergrûn dy't dúdlik basearre is op 'e Balkan yn 'e twadde helte fan 'e fyftjinde iuw, sa't Kay yn in neiwurd by de roman ek oanjout. Krekt as yn syn oare wurken dy't yn deselde wrâld spylje, makket de auteur ek hjir wer gebrûk fan trije optochte godstsjinsten, it jaddisme, it asharisme en it leauwe fan 'e Kindath. De jaddisten ferearje de Sinnegod Jad, en binne dúdlik basearre op 'e kristenen; de ashariten binne folgelingen fan 'e profeet Ashar dy't in religy stifte hat dy't de stjerren ferearet en dy't dúdlike oerienkomsten mei de islaam fertoant; en de Kindath ferearje de beide moannen en binne in ôfspegeling fan 'e joaden. Hoewol't der fansels grutte ferskillen binne tusken dizze betochte godstsjinsten en it kristendom, de islaam, resp. it joadendom, makket Kay mei syn pleatsing fan it jaddisme, it asharisme en de Kindath yn syn wrâld folslein dúdlik wat er dermei bedoelt.

Yn Children of Earth and Sky komt fierders 'Jads Hillige Keizer' foar, in titel dy't ôflaat is fan 'e Hillige Roomske Keizer fan it Dútske Ryk. Grutte rollen yn it wurk binne fierders weilein foar it Ryk fan 'e Osmanli, basearre op it Osmaanske Ryk, en de Republyk Seressa, basearre op 'e Republyk Feneesje – de namme liket Kay ûntliend te hawwen oan 'e bynamme fan 'e Republyk Feneesje: La Serenissima. Ek de lytse Repyblyk Dubrava dûkt yn Children of Earth and Sky op, in steatsje dat basearre is op 'e histoaryske Republyk Ragûsa yn it moderne Dubrovnik, oan 'e Dalmatyske kust fan Kroaasje. Fierders binne de stêden Rhodias, Sarantium/Asharias en Obravic basearre op Rome, Byzantium/Konstantinopel, resp. Praach.

Wat persoanen oangiet, wurdt yn Children of Earth and Sky in byrol spile troch Jads Hillige Keizer Rodolfo, dy't Kay basearre hat (sa seit er yn it neiwurd) op de Hillige Roomske Keizer Rudolf II, hoewol't dy eins oan 'e ein fan 'e sechstjinde iuw libbe. In oare byrol wurdt ferfolle troch ban Rasca Tripon, byneamd 'Skandir', dy't loskes basearre is op 'e Albaneeske opstanneling Skanderbeg. Fierders komt de persoan fan 'e Seressynske skilder Pero Villani foar in part oerien mei de histoaryske keunstner Gentile Bellini (dy't ek nei Konstantinopel reizge om in Osmaanske sultan te skilderjen). Yn algemienere sin binne de djanni's, de freze ynfantery fan it Ryk fan 'e Osmanli, sûnder mis basearre op 'e histoaryske janitsaren, wylst de seerôvers fan Senjan basearre binne op 'e ûskokken fan Senj, oan 'e kust fan Kroaasje. It histoaryske tiidrek dêr't Children of Earth and Sky op basearre is, kin fierders frij sekuer fêststeld wurde, mei't yn it boek mear as ienris sein wurdt dat it 25 jier nei de fal fan Sarantium (Konstantinopel) is. Mei't de Fal fan Konstantinopel plakfûn yn 1453, soe dat tsjutte op it jier 1478.

Ferbân mei oare wurken fan Kay Kay lit Children of Earth and Sky yn deselde wrâld spylje dêr't ek ferskaten fan syn oare wurken spylje, lykas de duology The Sarantine Mosaic en de romans The Lions of Al-Rassan, The Last Light of the Sun, Under Heaven en River of Stars. Hoewol't Children of Earth and Sky folslein op himsels stiet, wurdt der twaris yn ferwiisd nei The Lions of Al-Rassan: ienris nei in dichter út dat lân, wêrmei't nei alle gedachten Ammar ibn Khairan fan Aljaïs bedoeld wurdt, en ienris mei safolle wurden nei de feroverder Fernan Belmonte, dy't de ashariten fan Al-Rassan út Esperaña ferdreau. Ut 'e kontekst wurdt dúdlik dat de foarfallen út The Lions of Al-Rassan ferskate iuwen earder spilen as dy fan Children of Earth and Sky.

Folle mear ferwizings binne der yn Children of Earth and Sky nei de barrens yn Sailing to Sarantium en Lord of Emperors, de beide boeken fan The Sarantine Mosaic, dy't ommers yn itselde part fan 'e wrâld spilen. It dúdlikste is dat it gefal mei beide mozaïken (mei de keizerinnen Gisel en Alixana) dy't Crispin fan Varena oan 'e ein fan Lord of Emperors yn in hillichdom yn Varena (Ravenna) makke, en dy't Leonora Valeri, ien fan de haadpersoanen yn Children of Earth and Sky, sjoen hat (hoewol't de namme fan 'e makker troch de tiid ferlern gien is). Der wurdt sein dat dy keunstwurken yn 'e tiid fan Children of Earth and Sky hast tûzen jier âld binne. Letter wurdt Eudoxia, de lêste keizerinne fan Sarantium, yn it hillichdom mei de mozaïken te rêste lein, sadat der fan dy tiid ôf net mear twa, mar trije keizerinnen yn it hillichdom binne.

Opmerklik is fierder dat ien fan 'e haadpersoanen op it plak dêr't Skandir de Osmanli-soldaten yn 'e fal lokket, in koperen foarwerp yn 'e foarm fan in fûgel fynt. Letter wurdt sein dat dat fan âlds in hillich plak yn it wâld wie. Foar wa't Sailing to Sarantium en Lord of Emperors lêzen hat, is dúdlik dat it hjir om itselde plak giet dêr't hast tûzen jier earder minske-offers oan 'e heidenske godheid Ludan fan it Wâld brocht waarden.

Haadpersoanen yn de Republyk Seressa hartoch Ricci, it haad fan 'e Ried fan 'e Tolve, dy't de Republyk Seressa regearret Lorenzo Arnesti, lid fan 'e Ried fan 'e Tolve Amadeo Frani, lid fan 'e Ried fan 'e Tolve

Viero Villani, in keunstskilder, ferstoarn Pero Villani, syn soan, in begjinnend keunstskilder, troch syn heite hommels ferstjerren ferearmoede rekke Tomo Agosta, syn tsjinstfeint, eins in spion fan 'e Ried fan 'e Tolve Mara Citrani, in Seressynske ealfrouwe en it ûnderwerp fan Villani syn earste, mar ferneatige skilderij

Jacopo Miucci, in dokter Leonora Valeri, in jonge frou dy't har foardocht as syn oarehelte greve Erigio Valeri fan Mylasia, har heit Paulo Canavli, har minner yn Mylasia, fermoarde troch har heit en bruorren

Nelo Grilli, in keapman Marco Bosini, in keapman Guibaldo Ferri, in keapman

yn Rhodias de hege patriarch fan Jad

yn Obravic Rodolfo, Jads Hillige Keizer Savko, syn kânselier Hanns, de siktaris fan 'e kânselier Vitruvius, de minner fan 'e kânselier

Orso Faleri, ambassadeur fan 'e Republyk Seressa oan it Hof fan Jads Hillige Keizer Gaurio, syn tsjinstfeint

Veith, in koertisane

yn Senjan Danica Gradek, in jonge frou dy't op wraak sint tsjin 'e Osmanli Neven Rusan, har ferstoarne pake oan memmekant, dy't as geast fuortlibbet yn har holle Tico, har jachthûn

Hrant Bunic, in oanfierder fan 'e Senjani Tijan Lubic, in kriichsman Kukar Miho, in kriichman Goran Miho, in kriichsman Dado Miho, in opslûpen jonge

Mirko, in smokkelder fan it eilân Hrak

yn 'e Republyk Dubrava Marin Djivo, de jongere soan út in keapmanslaach Andrij Djivo, syn heit Zarko Djivo, syn âldere broer Drago Ostaja, kaptein fan 'e Sillige Ingacia, ien fan 'e skippen fan 'e Djivo-famylje Vlatko Orsat, it haad fan in oar keapmanslaach Vudrag Orsat, syn soan Elena Orsat, syn âldste dochter Iulia Orsat, syn jongere dochter Radic Matko, it haad fan in oar keapmanslaach Kata Matko, syn dochter Jevic, in skyldwacht by it Paleis fan 'e Rektor Giorgio Frani, de soan fan Amadeo Frani, in Seressynsk diplomaat yn Dubrava Filipa di Lucaro, de âldste dochter fan Jad yn it hillich beskûl op it eilân Sinan Juraj, in tsjinstfeint op it eilân Eudoxia, de lêste keizerinne fan Sarantium, yn ballingskip yn it hillich beskûl op it eilân Sinan

yn Sauradia ban Rasca Tripon, byneamd 'Skandir', in opstanneling tsjin 'e Osmanli-oerhearsking Jelena, in genêzeresse Zorzi, in boer Mavro, syn soan Rastic, syn soan Milena, syn dochter

yn Mulkar Damaz (berne as Neven Gradek), in jonge rekrút yn trening om by de djanni's te gean, de ynfantery fan it Osmanli-leger Koçi, in oare jonge rekrút yn trening Hafiz, de kommandant fan 'e djanni's yn 'e stêd Mulkar Kasim, in feteraan dy't fungearret as learaar foar de jonge rekruten

yn Asharias dat ienris Sarantium wie Gurçu, grutkalyf fan it Ryk fan 'e Osmanli, byneamd 'de Ferwoastger' prins Cemal, syn âldste soan en erfgenamt prins Beyet, syn jongere soan Yosef ben Hananon, syn grutfizier, in Kindath

Ynhâld De Sillige Ingacia is in keapfardijskip fan 'e Djivo-famylje út 'e lytse mar selsstannige Republyk Dubrava (basearre op 'e Republyk Ragûsa, it moderne Dubrovnik). As it skip de haven fan Seressa (basearre op Feneesje) ferlit, de haadstêd fan 'e machtige hannelsrepublyk mei deselde namme (basearre op 'e Republyk Feneesje), binne der ferskate passazjiers oan board. Ien fan harren is Marin Djivo, de jongere soan fan Andrij Djivo, de eigner fan it skip. In oaren is Pero Villani, in jonge, ferearmoede keunstskilder út Seressa, dy't troch de Ried fan 'e Tolve, dy't de hannelsrepublyk regearret, útstjoerd wurdt nei Asharias (basearre op Konstantinopel). Oant 25 jier lyn wie dat de haadstêd fan it Sarantynske Ryk (basearre op it Byzantynske Ryk), mar sûnt de ferovering troch de ashariten (basearre op 'e moslims) is it de haadstêd fan it Ryk fan 'e Osmanli (basearre op it Osmaanske Ryk). De hearsker fan dat ryk, de grutkalyf Gurçu, hat nammentlik oanjûn dat er yn 'e Westerske styl skildere wurde wol en de Ried fan 'e Tolve fersocht om in gaadlike keunstner te stjoeren om dat te dwaan. De jonge Pero, dy't talint hat mar ûnbetûft is, liket keazen te wêzen om't er sûnt it hommels ferstjerren fan syn heit, dy't ek skilder wie, gjin libbene famylje mear hat en dus net mist wurde sil mocht it spul misbeteare.

Fierders binne ek oan board Jacopo Miucci, in dokter dy't syn amt opnimme sil yn Dubrava, mei syn jonge frou Leonora. Feitliks is dat syn frou hielendal net, mar in jonge ealfrouwe út Batiara (basearre op Itaalje), dy't troch har heit yn in nonnekleaster by Seressa stoppe wie nei't se swier rekke wie troch omgong mei har minner. Dy minner is troch har heit en bruorren om hals brocht, en de poppe is har fuort nei de berte ûntnommen en nei in weeshûs ta brocht. Leonora liek foarbestimd om de rest fan har libben yn it kleaster te sliten oant de Ried fan 'e Tolve har foarstelde om as spionne foar harren te wurkjen. Under de momkape fan in doktersfrou sil se no yn Dubrava foar Seressa spionearje.

Op 'e Seressynske See (basearre op 'e Adriatyske See), healwei Seressa en Dubrava, wurdt de Sillige Ingacia oerfallen troch kriichslju út Senjan (basearre op 'e ûskokken fan Senj). Dat is in stedsje oan 'e uterste foargrins fan it ryk fan Jads Hillige Keizer mei it Ryk fan 'e Osmanli. De bewenners binne jaddisten (basearre op kristenen) dy't oanhâldend striid leverje tsjin 'e asharityske Osmanli en neat oars as minachting fiele foar keaplju lykas de Seressinen en de Dubravianen, dy't út jildlik gewin hannel driuwe mei de hate fijân. Sadwaande fine se dat se folslein yn har rjocht steane as se hannelswaren yn beslach nimme op Seressynske en Dubraviaanske skippen, dy't ôfkomstich binne fan 'e Osmanli. De Senjani beskôgje harrensels as helden en as foarfjochters fan 'e Westerske wrâld, mar de Seressinen en Dubravianen sjogge harren as ordinêre seerôvers.

Under de Senjani dy't de Sillige Ingacia oerfalle is ek in jonge frou, Danica Gradek. Hja komt oarspronklik net út Senjan, mar út in doarp yn it binnenlân fan Sauradia (basearre op Illyrje) dat Antunic hjit. Dat is tsien jier lyn ferwoastge by in oanfal fan 'e Osmanli, wêrby't hast har hiele famylje omkommen is. Allinnich sysels, har mem en har pake oan memmekant Neven Rusan wisten te ûntkommen, wylst har fjouwerjierrige bruorke Neven troch de Osmanli ûntfierd waard. Soks komt jonge jaddistyske jonges faak oer; se wurde dan as ashariten (basearre op moslims) grutbrocht en tsjinje by folwoeksenens as eunuch oan it hof fan 'e grutkalyf of as soldaat by de djanni's (basearre op 'e janitsaren), de ynfantery fan it Osmanli-leger. De jonge Danica flechte mei har mem en pake nei Senjan, dêr't se opgroeide.