Adriana Chechik, echte namme: Dezarae Kristina Charles (Downington (Pennsylvania), 4 novimber 1991), is in Amerikaansk neakenmodel, stripper en pornografysk aktrise. Har artystenamme wurdt ek wol (mis)stavere as Adriana Chechick of Adrianna Chechik. Hja sette yn 2013 útein mei in wurkpaad yn 'e Amerikaanske pornoyndustry en spile sûnt yn in tige grut tal films. Chechik hat acht prestizjeuze AVN Awards en ferskate oare prizen wûn. Dêrûnder binne sawol de AVN Award as de XRCO Award yn 'e kategory artyste fan it jier.
Libben en karriêre Jonkheid Adriana Chechik waard yn 1991 berne yn Downington, yn 'e Amerikaanske steat Pennsylvania, as Dezarae Kristina Charles. Hja groeide op yn in pleechgesin en is fan mingd Ingelsk, Russysk en Servysk etnysk komôf. Se makke it fuortset ûnderwiis net ôf, mar gie ynstee fan skoalle en begûn neitiid te wurkjen as stripper yn 'e stripklub Scarlett's Cabaret yn Hallandale Beach, yn Floarida. Chechik hat yn in fraachpetear ferteld dat se nettsjinsteande har beropskar as stripper noch mar mei ien man op bêd west hie foar't se in karriêre begûn yn 'e Amerikaanske pornoyndustry.
Karriêre Yn 2013, doe't se 22 jier wie, makke Chechik har debút yn in pornografyske film. Har artystenamme late se ôf fan 'e namme fan David Chechik, in regisseur fan horrorfilms. Se wurdt fertsjintwurdige troch it ympressariaat L.A. Direct Models. Yn augustus 2014 wie se te gast yn it radioprogramma fan presintator Howard Stern. Op 5 septimber 2014 sette Chechik útein mei har eigen webside, AdrianaChechik.com, mar dy is anno 2019 alwer opheft.
Neffens de Internet Adult Film Database (IAFD) hie Chechik mids 2019 yn mear as 675 pornofilms spile, û.m. foar sokke foaroansteande labels as Penthouse, Wicked Pictures, Evil Angel, Diabolic Video, Red Light District, Digital Sin, Hustler Video, New Sensations, Jules Jordan Video, Digital Playground, Elegant Angel en Adam & Eve. Fierders hat se ek wol wurke foar minder bekende studio's, lykas Third Degree Films, Mile High Media, Girlfriends Films en Pure Play Media. En teffens hat se in protte yn 't spier west foar pornowebsiden op it ynternet, wêrûnder BangBros, Reality Kings, Brazzers, Naughty America en Kink.com.
Under har karriêre hat Chechik yn deselde sêne spile mei kollega-aktrises as Asa Akira, Anikka Albrite, A.J. Applegate, Veronica Avluv, Casey Calvert, Mercedes Carrera, Vicki Chase, Skin Diamond, Alana Evans, Ana Foxxx, Keisha Grey, Dillion Harper, Marica Hase, Jasmine Jae, Peta Jensen, Francesca Le, Brandi Love, Shy Love, Kendra Lust, Mia Malkova, Jynx Maze, Mandy Muse, Penny Pax, Veronica Rodriguez, Nicolette Shea, Dakota Skye, Natalia Starr, India Summer en Jennifer White. Ek hat se gearwurke mei manlike tsjinspilers as Mike Adriano, Jordan Ash, Marco Banderas, Mick Blue, James Deen, Eric Everhard, Manuel Ferrara, Tommy Gunn, Jules Jordan, Sean Lawless, Keiran Lee, Logan Long, J. Mac, Mandingo, Sean Michaels, Ramon Nomar, Mr. Pete, Toni Ribas, Rocco Siffredi, Johnny Sins, John Stagliano, Lexington Steele, Criss Strokes, Bruce Venture, Mark Wood, Pierre Woodman en Prince Yahshua.
Chechik stiet bekend om har talint foar anale seks. Se die har earste gangbang en dûbele anale sekssêne yn 'e film This Is My First… A Gangbang Movie, fan Digital Sin, dy't útkaam yn novimber 2013. Se die in trijedûbele anale sekssêne yn 'e film Gangbang Me, fan Mile High Media, dy't útbrocht waard yn 2014. Foar dat optreden waard oan Chechik en har tsjinspilers Mick Blue, James Deen en Erik Everhard yn 2015 in prestizjeuze AVN Award takend yn 'e kategory skandalichste sekssêne.
Dêrnjonken hat Chechik noch sân oar AVN Awards (de Oscars fan 'e pornowrâld) wûn: ien kear foar de bêste orale sekssêne, ien kear foar de bêste anale sekssêne, ien kear foar de bêste virtual reality-sekssêne, noch in twadde kear foar de skandalichste sekssêne, twa kear foar de bêste sekssêne mei in transseksuële pornoaktrise en ien kear (yn 2017) foar artyste fan it jier. Datselde jiers wûn se ek de XRCO Award foar artyste fan it jier. Fierders hat se noch twa oare XRCO Awards wûn, trije NightMoves Awards en twa Xbiz Awards. Ek hat se noch 23 (oare) kearen nominearre west foar in AVN Award.
Lichemsskaaimerken Adriana Chechik is blank, mei grize eagen en brún hier. Neffens har offisjele opjefte is se 1.52 m lang, mei in gewicht fan 52 kg, en in natuerlike cupmaat 32A. Behalven de wenstige gatsjes troch de earlellen hat se gjin piercings, en likemin hat se tatoeaazjes.
Prizen en nominaasjes jier priis resultaat kategory foar har optreden yn 2014 AVN Awardnominearrebêste sekssêne mei in pearke (mei Bruce Venture)The Innocence of Youth 5 Xbiz Awardnominearrebêste sekssêne yn in parody (mei Gaia, Anthony Rosano en Talon) Grease XXX: A Parodynominearrebêste nije stjern.f.t. XRCO Awardnominearrewiete dream (cream dream)n.f.t. 2015 AVN Awardnominearrebêste solo-optreden/striptease I Love Big Toys 69nominearrebêste lesbyske sekssêne (mei Dana DeArmond)A Mother Daughter Thingnominearrebêste triosekssêne (f/f/m) (mei Allie Haze en Manuel Ferrara)Allienominearrebêste groepsekssêne (mei Jordan Ash, Karlo Karrera, Ramon Nomar en Tommy Pistol)This Is My First… A Gang Bang Movienominearreartyste fan it jiern.f.t.wûnbêste anale sekssêne (mei Manuel Ferrara)Internal Damnation 8 wûnskandalichste sekssêne (mei Erik Everhard, James Deen en Mick Blue)Gangbang Me NightMoves Award wûnbêste lichem (redakteurspriis)n.f.t. Xbiz Awardnominearrebêste lesbyske sekssêne (mei Belle Noir)Paintnominearreartyste fan it jiern.f.t. wûnbêste sekssêne yn in non-feature release(mei Mick Blue, James Deen, Erik Everhard, Criss Strokes en John Strong)Gangbang Me XRCO Awardnominearreartyste fan it jiern.f.t. wûn orgastysk analisten.f.t. wûnsupersletn.f.t. 2016 AVN Awardnominearrebêste lesbyske groepsekssêne (mei Carter Cruise, Jelena Jensen en Tara Morgan)The Turningnominearrebêste orale sekssêne (mei Karmen Karma)Adriana Chechik & Karmen Karma's Through the Jeans BJnominearrebêste anale sekssêne (mei Lexington Steele) Brunettes Go Blacknominearrebêste triosekssêne (f/f/m) (mei Megan Rain en Criss Strokes)Adriana's a Slutnominearrebêste groepsekssêne (mei Sean Michaels, Rico Strong en Prince Yahshua)Adriana's a Slutnominearrebêste groepsekssêne (mei Anikka Albrite, Carter Cruise, Skin Diamond, Dahlia Sky en Mick Blue)Mick Blue Is One Lucky Bastardnominearrebêste groepsekssêne (mei Dani Daniels, Aidra Fox, Karlee Grey, Peta Jensen, Mick Blue, James Deen en Erik Everhard)Orgy Masters 7nominearrebêste aktriseThe Turningnominearreartyste fan it jiern.f.t. wûnbêste transseksuële sekssêne (mei Vixxen Goddess)TS Playground 21 NightMoves Award wûnbêste artyste (publykspriis)n.f.t. Xbiz Awardnominearrebêste lesbyske sekssêne (mei Karmen Karma)Karma's a Bitchnominearrebêste lesbyske sekssêne (mei Carter Cruise, Abella Danger en Phoenix Marie)Buttslammersnominearrebêste sekssêne yn in gonzofilm (mei Megan Rain en Criss Strokes)Adriana's a Slutnominearrebêste aktrise (lesbyske pornofilm)The Turningnominearreartyste fan it jiern.f.t. 2017 AVN Awardnominearrebêste anale sekssêne (mei Mick Blue)Gape Tryoutsnominearrebêste triosekssêne (f/f/m) (mei Veronica Rodriguez en Mick Blue)Veronica Rodriguez: Latine Squirt Goddessnominearrebêste sekssêne mei dûbele penetraasje (mei Mick Blue, Toni Ribas en John Strong)Adriana Chechik: The Ultimate Slutnominearrebêste groepsekssêne (mei Chris Cock, Markus Dupree, Jake Jace, Alex Jones, Moe Johnson, Ricky Johnson, Isiah Maxwell en Darwin Slimpoke)Adriana Chechik: The Ultimate Slutnominearrebêste byrol fan in aktriseColor Blindwûnbêste orale sekssêne ( mei Chrius Cock, Markus Dupree, Jake Jace, Alex Jones, Moe Johnson, Ricky Johnson, Isiah Maxwell en Darwin Slimpoke)Adriana Chechik: The Ultimate Slutwûnskandalichste sekssêne (mei Holly Hendrix en Markus Dupree)Holly Hendrix's Anal Experiencewûnartyste fan it jiern.f.t. NightMoves Awardnominearrebêste artyste (publykspriis)n.f.t. Xbiz Awardnominearrebêste sekssêne (virtual reality) (mei Arya Fae en Megan Rain)Zombie Slayersnominearrepresintaasje fan it jier Adriana Chechik: The Ultimate Slutnominearrebêste byrol fan in aktriseColor Blindnominearreartyste fan it jiern.f.t. XRCO Awardnominearreorgastysk oralisten.f.t.nominearreorgastysk analisten.f.t. wûnartyste fan it jiern.f.t. 2018 AVN Awardnominearrebêste presintaasje fan in pornostjer Andriana Chechik Is the Squirt Queennominearrebêste anale sekssêne (mei James Deen)Andriana Chechik Is the Squirt Queennominearreartyste fan it jiern.f.t.wûnbêste virtual reality-sekssêne (mei Arya Fae, Megan Rain en Tommy Gunn)Zombie Slayerswûnbêste transseksuële sekssêne (mei Aubrey Kate)Andriana Chechik Is the Squirt Queen 2019 Xbiz Awardwûnbêste sekssêne yn in vignette release After Dark
Keppelings om utens Adriana Chechik op Facebook Adriana Chechik op Twitter Adriana Chechik op Instagram Biografy en filmografy fan Adriana Chechik yn 'e Internet Movie Database (IMDb) Biografyske gegevens en filmografy fan Adriana Chechik yn 'e Internet Adult Film Database (IAFD) Biografyske gegevens fan Adriana Chechik op FreeOnes
Kategory:Amerikaansk neakenmodel Kategory:Amerikaansk stripper Kategory:Amerikaansk froulik pornoakteur Kategory:Amerikaansk persoan fan Ingelsk komôf Kategory:Amerikaansk persoan fan Russysk komôf Kategory:Amerikaansk persoan fan Servysk komôf Kategory:Persoan berne yn 1991