It Sjakriaba (Portegeesk: Xakriabá, útspr.: [ʃɐˌkɾi.ɐˈba], likernôch: "sjuh-krië-ba") is de útstoarne taal fan 'e Sjakriaba, in Yndiaansk folk yn sintraal Brazylje. It Sjakriaba waard foarhinne sprutsen yn it noardeasten fan 'e Brazyljaanske steat Goiás en it noardwesten fan it oanbuorjende Minas Gerais. It wie in Sjê-taal, dy't sa nau besibbe wie oan it Sjavante (Xavante). It Sjakriaba wurdt soms ek wol oantsjut as in dialekt fan it Sjavante. De lêste ûnomstriden sprekker fan it Sjakriaba kaam te ferstjerren yn 1864. Tsjintwurdich is it Portegeesk de memmetaal fan alle etnyske Sjakriaba.

Keppelings om utens Beskriuwing fan it Sjakriaba op Ethnologue

Kategory:Sjakriaba Kategory:Sjê-talen Kategory:Yndiaanske taal yn Súd-Amearika Kategory:Utstoarne taal Kategory:Taal yn Brazylje