De Golden Globe foar Bêste Lange Animaasjefilm (Ingelsk: Golden Globe Award for Best Animated Feature Film) is in Amerikaanske priis op it mêd fan animaasjefilms, dy't sûnt 2007 elts jier ein jannewaris útrikt wurdt oan 'e as bêste beoardiele lange animaasjefilm fan it foargeande jier. It is ien fan 'e Golden Globes, dy't útrikt wurde troch de Hollywood Foreign Press Association (HFPA) by in útrikkingsseremoanje yn it Beverly Hilton yn Beverly Hills.
Skiednis By de Golden Globes koene animaasjefilms oarspronklik meitingje yn oare filmkategoryen, ornaris foar de Golden Globe foar Bêste Spylfilm – Musical of Komeedzje, dy't yn 1951 ynsteld waard. Dy priis waard trije kear troch in animaasjefilm wûn: yn 1991 (troch Beauty and the Beast), yn 1994 (troch The Lion King) en yn 1999 (troch Toy Story 2). Uteinlik besleat de Hollywood Foreign Press Association yn 2006 om in aparte priis foar animaasjefilms yn te stellen, yn neifolging fan 'e Oscars, dy't datselde yn 2001 dien hiene. De Golden Globe foar Bêste Lange Animaasjefilm waard foar it earst útrikt op 'e útrikkingsseremoanje fan jannewaris 2007.
Gadingmakkers Yn 'e folksmûle wurdt de Golden Globe foar Bêste Lange Animaasjefilm gauris de "Golden Globe foar Bêste Tekenfilm" neamd; dat is wat misliedend, om't net inkeld tekenfilms, mar bgl. ek lange animaasjefilms dy't makke binne mei stop-motiontechniken der om meitingje, wylst koarte tekenfilms krekt net meidogge. Oars as by de Oscars kinne by de Golden Globes Ingelsktalige films mar meitingje yn ien filmkategory; Ingelsktalige films dy't meidogge foar de Golden Globe foar Bêste Lange Animaasjefilm kinne dus net ek noch meidwaan foar de Golden Globe foar Bêste Spylfilm – Musical of Komeedzje of foar de Golden Globe foar Bêste Spylfilm – Drama. Oars-talige films kinne lykwols meidwaan foar sawol de Golden Globe foar Bêste Lange Animaasjefilm as de Golden Globe foar Bêste Bûtenlânske Film.
Winners De Golden Globes wurde útrikt oan it begjin fan it jier, foar films út it hiele foargeande jier. Yn 'e tabel hjirûnder wurdt de offisjele jiertelling fan 'e Golden Globes oanholden. Mar it jier dat oanjûn stiet is it jier dêr't de priis foar takend waard, en net it jier dêr't de priis yn takend waard. Dus dêr't bgl. stiet "2006", fûn de útrikking fan dy priis plak yn begjin 2007. jier lân winner regisseur 2006 Cars John Lasseter 2007 Ratatouille Brad Bird 2008 WALL-E Andrew Stanton 2009 Up Pete Docter 2010 Toy Story 3 Lee Unkrich 2011 The Adventures of Tintin Steven Spielberg 2012 Brave Mark Andrews en Brenda Chapman 2013 Frozen Chris Buck en Jennifer Lee 2014 How to Train Your Dragon 2 Dean DeBlois 2015 Inside Out Pete Docter 2016 Zootopia Byron Howard en Rich Moore 2017 Coco Lee Unkrich 2018 Spider-Man: Into the Spider-Verse Bob Persichetti, Peter Ramsey en Rodney Rothman 2019 Missing Link Chris Butler 2020 Soul Pete Doctor en Kemp Powers 2021 Encanto Jared Bush en Byron Howard 2022 Guillermo del Toro's Pinocchio Guillermo del Toro en Mark Gustafson 2023 Kimitachi wa Dō Ikiru ka (The Boy and the Heron) Hayao Miyazaki 2024 Straume (Flow) Gints Zilbalodis 2025 KPop Demon Hunters Maggie Kang en Chris Appelhans
Keppelings om utens Offisjele webside fan 'e Golden Globes
Sjoch ek Oscar foar Bêste Lange Animaasjefilm
Kategory:Amerikaanske filmpriis Kategory:Priis of ûnderskieding ynsteld yn 2006 Lange Animaasjefilm