De Golden Globe foar Bêste Film – Musical of Komeedzje (Ingelsk: Golden Globe Award for Best Motion Picture – Musical or Comedy) is in Amerikaanske priis op it mêd fan films, dy't sûnt 1952 elts jier ein jannewaris útrikt wurdt oan 'e as bêste beoardiele lange musicalfilm of komeedzjefilm fan it foargeande jier. It is ien fan 'e Golden Globes, dy't útrikt wurde troch de Hollywood Foreign Press Association (HFPA) by in útrikkingsseremoanje yn it Beverly Hilton yn Beverly Hills. De Golden Globes omfiemje twa prizen foar spylfilms; de oare is de Golden Globe foar Bêste Film – Drama.

Skiednis De Golden Globe foar Bêste Film – Musical of Komeedzje waard yn 1951 (foar de útrikking yn 1952) troch de Hollywood Foreign Press Association (HFPA) ynsteld om't men fûn dat de priis foar bêste film, dy't yn 1943 ynsteld wie, te faak nei in dramafilm gie. Oarsoartige films, benammen komeedzjefilms en musicals, rekken dêrtroch ûnderbeljochte. Nei twa jier in aparte priis foar dat soarte films útrikt te hawwen, waard it by de útrikking fan 1954 (foar films út 1953) dochs nochris besocht mei ien priis foar bêste film, mar dat waard gjin súkses. Sadwaande kaam de priis foar bêste musical of komeedzje by de útrikking fan 1955 werom.

By de útrikkings fan 1959 oant en mei 1963 (foar films út 'e jierren 1958 oant en mei 1962) waard de Golden Globe foar Bêste Film – Musical of Komeedzje opspjalte yn twa aparte prizen foar twa ûnderskate kategoryen: de Golden Globe foar Bêste Film – Komeedzje en de Golden Globe foar Bêste Film – Musical. By de útrikking fan 1964 (foar films út 1963) waard dy fernijing lykwols weromdraaid. Sûnt hat der altyd ien priis west foar musicals en komeedzjefilms.

Gadingmakkers Om gading te meitsjen op 'e Golden Globe foar Bêste Film – Musical of Komeedzje moat in film in spyldoer hawwe fan teminsten 70 minuten, en yn Los Angeles en omkriten teminsten sân dagen lang yn 'e bioskopen draaid hawwe. Fierders komme inkeld Ingelsktalige films yn oanmerking foar de priis.

Winners De Golden Globes wurde útrikt oan it begjin fan it jier, foar films út it hiele foargeande jier. Yn 'e tabel hjirûnder wurdt de offisjele jiertelling fan 'e Golden Globes oanholden. Mar it jier dat oanjûn stiet is it jier dêr't de priis foar takend waard, en net it jier dêr't de priis yn takend waard. Dus dêr't bgl. stiet "1951", fûn de útrikking fan dy priis plak yn begjin 1952. jier lân winner regisseur 1951 An American in Paris Vincente Minnelli 1952 With a Song in My Heart Walter Lang 1953 gjin Golden Globe foar Bêste Film – Musical of Komeedzje takend 1954 Carmen Jones Otto Preminger 1955 Guys and Dolls Joseph L. Mankiewicz 1956 The King and I Walter Lang 1957 Les Girls George Cukor jier kategory lân winner regisseur 1958 komeedzje Auntie Mame Morton DaCosta musical Gigi Vincente Minnelli 1959 komeedzje Some Like It Hot Billy Wilder musical Porgy and Bess Otto Preminger 1960 komeedzje The Apartment Billy Wilder musical Song Without End George Cukor en Charles Vidor 1961 komeedzje A Majority of One Mervyn LeRoy musical West Side Story Robert Wise en Jerome Robbins 1962 komeedzje That Touch of Mink Delbert Mann musical The Music Man Morton DaCosta jier lân winner regisseur 1963 Tom Jones Tony Richardson 1964 My Fair Lady George Cukor 1965 The Sound of Music Robert Wise 1966 The Russians Are Coming, the Russians Are Coming Norman Jewison 1967 The Graduate Mike Nichols 1968 Oliver! Carol Reed 1969 The Secret of Santa Vittoria Stanley Kramer 1970 M*A*S*H Robert Altman 1971 Fiddler on the Roof Norman Jewison 1972 Cabaret Bob Fosse 1973 American Graffiti George Lucas 1974 The Longest Yard Robert Aldrich 1975 The Sunshine Boys Herbert Ross 1976 A Star Is Born Frank Pierson 1977 The Goodbye Girl Herbert Ross 1978 Heaven Can Wait Warren Beatty en Buck Henry 1979 Breaking Away Peter Yates 1980 Coal Miner's Daughter Michael Apted 1981 Arthur Steve Gordon 1982 Tootsie Sydney Pollack 1983 Yentl Barbra Streisand 1984 Romancing the Stone Robert Zemeckis 1985 Prizzi's Honor John Huston 1986 Hannah and Her Sisters Woody Allen 1987 Hope and Glory John Boorman 1988 Working Girl Mike Nichols 1989 Driving Miss Daisy Bruce Beresford 1990 Green Card Peter Weir 1991 Beauty and the Beast Gary Trousdale en Kirk Wise 1992 The Player Robert Altman 1993 Mrs. Doubtfire Chris Columbus 1994 The Lion King Roger Allers en Rob Minkoff 1995 Babe Chris Noonan 1996 Evita Alan Parker 1997 As Good as It Gets James L. Brooks 1998 Shakespeare in Love John Madden 1999 Toy Story 2 John Lasseter 2000 Almost Famous Cameron Crowe 2001 Moulin Rouge! Baz Luhrmann 2002 Chicago Rob Marshall 2003 Lost in Translation Sofia Coppola 2004 Sideways Alexander Payne 2005 Walk the Line James Mangold 2006 Dreamgirls Bill Condon 2007 Sweeney Todd: The Demon Barber of Fleet Street Tim Burton 2008 Vicky Cristina Barcelona Woody Allen 2009 The Hangover Todd Phillips 2010 The Kids Are All Right Lisa Cholodenko 2011 The Artist Michel Hazanavicius 2012 Les Misérables Tom Hooper 2013 American Hustle David O. Russell 2014 The Grand Budapest Hotel Wes Anderson 2015 The Martian Ridley Scott 2016 La La Land Damien Chazelle 2017 Lady Bird Greta Gerwig 2018 Green Book Peter Farrelly 2019 Once Upon a Time in Hollywood Quentin Tarantino 2020 Borat Subsequent Moviefilm Jason Woliner 2021 West Side Story Steven Spielberg 2022 The Banshees of Inisherin Martin McDonagh 2023 Poor Things Yorgos Lanthimos 2024 Emilia Pérez Jacques Audiard 2025 One Battle After Another Paul Thomas Anderson

Keppelings om utens Offisjele webside fan 'e Golden Globes

Sjoch ek Golden Globe foar Bêste Film – Drama Oscar foar Bêste Film

Kategory:Amerikaanske filmpriis Kategory:Priis of ûnderskieding ynsteld yn 1951 Film Musical of Komeedzje