De Golden Globe foar Bêste Film yn in Bûtenlânske Taal (Ingelsk: Golden Globe Award for Best Foreign Language Film) is in Amerikaanske priis op it mêd fan films. Dizze priis stiet ornaris noch bekend as de Golden Globe foar Bêste Bûtenlânske Film, mar dy beneaming is yn 1986 feroare yn 'e hjoeddeistige namme. De Golden Globe foar Bêste Film yn in Bûtenlânske Taal wurdt sûnt 1950 elts jier ein jannewaris útrikt oan 'e as bêste beoardiele bûtenlânske langspylfilm fan it foargeande jier. It is ien fan 'e Golden Globes, dy't útrikt wurde troch de Hollywood Foreign Press Association (HFPA) by in útrikkingsseremoanje yn it Beverly Hilton yn Beverly Hills.

Skiednis De Golden Globe foar Bêste Bûtenlânske Film (Best Foreign Film) waard yn 1949 ynsteld en foar it earst útrikt by de útrikkingsseremoanje fan jannewaris 1950. Oant 1964 waard der net elts jier in priis yn dizze kategory takend, mar kaam it ek geregeldwei foar dat der yn dizze kategory mear as ien Golden Globe yn 't jier ferjûn waard. Yn 1955 (foar de útrikkingsseremoanje fan 1956) waard de priis yn twaen spjalten, yn 'e Golden Globe foar Bêste Ingelsktalige Bûtenlânske Film (Best English-Language Foreign Film) en de Golden Globe foar Bêste Bûtenlânsktalige Bûtenlânske Film (Best Foreign-Language Foreign Film). Die skieding duorre oant en mei 1972 (oftewol de útrikkingsseremoanje fan 1973). Dêrnei waard de spjalting opheft en kaam der wer ien Golden Globe foar Bêste Bûtenlânske Film. Under dy namme stie de priis bekend oant mids jierren '80.

Mei yngong fan 1986 (de útrikkingsseremoanje fan 1987) kaam er bekend te stean as de Golden Globe foar Bêste Film yn in Bûtenlânske Taal (Best Foreign Language Film). Dat betsjutte dat Ingelsktalige films fan bûten de Feriene Steaten (bgl. út it Feriene Keninkryk, Kanada, Austraalje, Nij-Seelân, Súd-Afrika en Ierlân) fan dat stuit ôf net mear yn oanmerking kamen foar dizze priis, mar ynstee meitingje moasten nei de Golden Globe foar Bêste Film – Drama of de Golden Globe foar Bêste Film – Musical of Komeedzje. It betsjutte ek dat Amerikaanske films wêryn't foar it meastepart yn in oare taal as it Ingelsk praten wurdt (lykas it fierhinne Japansktalige oarlochsdrama Letters from Iwo Jima, tenei krekt wól yn oanmerking kamen foar de Golden Globe foar Bêste Film yn in Bûtenlânske Taal. Dêrmei binne de betingsten, dêr't gadingmakkers yn dizze kategory oan foldwaan moatte, in stik rommer as foar de Oscar foar Bêste Film yn in Bûtenlânske Taal (dêr't gjin inkele Amerikaanske of Ingelsktalige film ea foar yn oanmerking kommen is).

Betingsten foar gadingmakkers Films dy't meitingje wolle om 'e Golden Globe foar Bêste Film yn in Bûtenlânske Taal hoege net yn 'e Feriene Steaten yn 'e bioskopen draaid te hawwen. Oars as by de Oscar foar Bêste Film yn in Bûtenlânske Taal binne der by de Golden Globes yn dizze kategory gjin beheinings oangeande it tal films dat per lân yntsjinne wurde kin. Neffens de offisjele regels moatte se lykwols al oan 'e folgjende betingsten foldwaan: De spyldoer moat teminsten 70 minuten wêze. Fan 'e dialooch yn 'e film moat teminsten 51% yn in oare taal as it Ingelsk wêze. De film moat yn it lân fan oarsprong yn 'e bioskopen te sjen west hawwe yn in perioade fan 14 moannen foarôfgeande oan 'e betreffende útrikkingsseremoanje fan 'e Golden Globes, om persiis te wêzen tusken 1 novimber en 31 desimber. Films dy't yn it lân fan oarspong net útbrocht binne omreden fan sinsuer, kinne har foar de Golden Globe kwalifisearje troch yn 'e neamde perioade teminsten 1 wike lang yn 'e bioskopen yn 'e Feriene Steaten draaid te hawwen.

Winners De Golden Globes wurde útrikt oan it begjin fan it jier, foar films út it hiele foargeande jier. Yn 'e tabel hjirûnder wurdt de offisjele jiertelling fan 'e Golden Globes oanholden. Mar it jier dat oanjûn stiet is it jier dêr't de priis foar takend waard, en net it jier dêr't de priis yn takend waard. Dus dêr't bgl. stiet "1949", fûn de útrikking fan dy priis plak yn begjin 1950. jier lân titel winner (ynternasjonale titel winner) regisseur 1949 Itaalje Ladri di Biciclette (The Bicycle Thieves) Vittorio De Sica 1950 gjin priis takend 1951 gjin priis takend 1952 gjin priis takend 1953 gjin priis takend 1954 Feriene Keninkryk Genevieve Henry Cornelius Argentynje La Mujer de las Camelias (The Lady of the Camelias) Ernesto Arancibia Japan Nijushi no Hitomi (Twenty-Four Eyes) Keisuke Kinoshita West-Dútslân Weg ohne Umkehr (No Way Back) Victor Vicas jier kategory lân titel winner (ynternasjonale titel winner) regisseur 1955 bûtenlânsktalich Feriene Keninkryk Dangerous Curves ûnbekend Japan Kodomo no Me (Eyes of Children) Yoshirō Kawazu West-Dútslân Kinder, Mutter und ein General (Sons, Mothers and a General) László Benedek   Denemark Ordet (The Word) Carl Theodor Dreyer Grikelân Stella (Stella) Michael Cacoyannis Ingelsktalich Feriene Keninkryk Richard III Laurence Olivier 1956bûtenlânsktalich Itaalje Guerra e Pace (War and Peace) King Vidor Grikelân To Koritsi Me ta Mavra (The Girl in Black) Michael Cacoyannis Japan Taiyo to Bara (Roses on the Arm) Keisuke Kinoshita Finlân Valkoinen Peura (The White Reindeer) Erik Blomberg West-Dútslân Vor Sonnenuntergang (Before Sundown) Gottfried Reinhardt Ingelsktalich gjin priis takend 1957 bûtenlânsktalich West-Dútslân Bekenntnisse des Hochstaplers Felix Krull (Confessions of Felix Krull) Kurt Hoffmann Japan Kiiroi Karasu (Yellow Crow) Heinosuke Gosho Meksiko Tizoc (Tizoc) Ismael Rodríguez Ingelsktalich Feriene Keninkryk Woman in a Dressing Gown J. Lee Thompson 1958bûtenlânsktalich Joegoslaavje Cesta Duga Godinu Dana (The Road a Year Long) Giuseppe De Santis Frankryk L'Eau Vive (Girl and the River) François Villiers West-Dútslân Das Mädchen Rosemarie (Rosemary) Rolf Thiele Ingelsktalich Feriene Keninkryk A Night to Remember Roy Ward Baker 1959 bûtenlânsktalich West-Dútslân Die Brücke (The Bridge) Bernhard Wicki Japan Kagi (Odd Obsession) Kon Ichikawa Brazylje Frankryk Orfeu Negro (Black Orpheus) Marcel Camus Sweden Smultronstället (Wild Strawberries) Ingmar Bergman West-Dútslân Wir Wunderkinder (Aren't We Wonderful?) Kurt Hoffmann Ingelsktalich gjin priis takend 1960bûtenlânsktalich Sweden Jungfrukällan (The Virgin Spring) Ingmar Bergman Frankryk La Vérité (The Truth) Henri-Georges Clouzot Ingelsktalich Feriene Keninkryk The Trials of Oscar Wilde Ken Hughes 1961 bûtenlânsktalich Itaalje La Ciociara (Two Women) Vittorio De Sica Ingelsktalich gjin priis takend 1962 bûtenlânsktalich gjin priis takend Ingelsktalich gjin priis takend 1963 bûtenlânsktalich gjin priis takend Ingelsktalich Feriene Keninkryk Tom Jones Tony Richardson 1964bûtenlânsktalich Itaalje Matrimonio all'Italiana (Marriage Italian-Style) Vittorio De Sica Israel Sallah Shabati (Sallah Shabati) Ephraim Kishon Ingelsktalich Feriene Keninkryk Girl with the Green Eyes Desmond Davis 1965 bûtenlânsktalich Itaalje Giulietta degli Spiriti (Juliet of the Spririts) Federico Fellini Ingelsktalich Feriene Keninkryk Darling John Schlesinger 1966 bûtenlânsktalich Frankryk Un Homme et une Femme (A Man and a Woman) Claude Lelouch Ingelsktalich Feriene Keninkryk Alfie Lewis Gilbert 1967 bûtenlânsktalich Frankryk Vivre pour Vivre (Live for Life) Claude Lelouch Ingelsktalich Kanada The Fox Mark Rydell 1968 bûtenlânsktalich Sovjet-Uny Vojna i Mir (War and Peace) Sergej Bondartsjûk Ingelsktalich Feriene Keninkryk Itaalje Romeo and Juliet Franco Zeffirelli 1969 bûtenlânsktalich Algerije Z (Z) Costa-Gavras Ingelsktalich Feriene Keninkryk Oh! What a Lovely War Richard Attenborough 1970 bûtenlânsktalich Frankryk Le Passager de la Pluie (Rider on the Rain) René Clément Ingelsktalich Feriene Keninkryk Women in Love Ken Russell 1971 bûtenlânsktalich Israel HaShoter Azulai (The Policeman) Ephraim Kishon Ingelsktalich Feriene Keninkryk Sunday Bloody Sunday John Schlesinger 1972 bûtenlânsktalich Sweden Utvandrarna (The Emigrants)Jan Tröll Nybyggarna (The New Land) Ingelsktalich Feriene Keninkryk Young Winston Richard Attenborough jier lân titel winner (ynternasjonale titel winner) regisseur 1973 West-Dútslân Der Fußgänger (The Pedestrian) Maximilian Schell 1974 Sweden Scener ut ett Äktenskap (Scenes from a Marriage) Ingmar Bergman 1975 Kanada Lies My Father Told Me Ján Kadár 1976 Sweden Ansikte mot Ansikte (Face to Face) Ingmar Bergman 1977 Itaalje Una Giornata Particolare (A Special Day) Ettore Scola 1978 Sweden Höstsonaten (Autumn Sonata) Ingmar Bergman 1979 Frankryk Itaalje La Cage aux Folles (Birds of a Feather) Édouard Molinaro 1980 Feriene Keninkryk Tess Roman Polanski 1981 Feriene Keninkryk Chariots of Fire Hugh Hudson 1982 Feriene Keninkryk Yndia Gandhi Richard Attenborough 1983 Sweden Fanny och Alexander (Fanny and Alexander) Ingmar Bergman 1984 Feriene Keninkryk A Passage to India David Lean 1985 Argentynje La Historia Oficial (The Official Story) Luis Puenzo 1986 Nederlân De Aanslag (The Assault) Fons Rademakers 1987 Sweden Mitt Liv som Hund (My Life as a Dog) Lasse Hallström 1988   Denemark Pelle Erobreren (Pelle the Conqueror) Bille August 1989 Itaalje Nuovo Cinema Paradiso (Cinema Paradiso) Giuseppe Tornatore 1990 Frankryk Cyrano de Bergerac (Cyrano de Bergerac) Jean-Paul Rappeneau 1991 Dútslân Hitlerjunge Salomon (Europa Europa) Agnieszka Holland 1992 Frankryk Indochine (Indochine) Régis Wargnier 1993 Hongkong Ba Wang Bie Ji (Farewell, My Concubine) Chen Kaige 1994 Belgje Farinelli (Farinelli) Gérard Corbiau 1995 Frankryk Les Misérables (Les Misérables) Claude Lelouch 1996 Tsjechje Kolja (Kolya) Jan Svěrák 1997 Belgje Ma Vie en Rose (My Life in Pink) Alain Berliner 1998 Brazylje Central do Brasil (Central Station) Walter Salles 1999 Spanje Todo Sobre mi Madre (All About My Mother) Pedro Almodóvar 2000 Taiwan Wò Hǔ Cáng Lóng (Crouching Tiger, Hidden Dragon) Ang Lee 2001 Bosnje en Hertsegovina Ničija Zemlja (No Man's Land) Danis Tanović 2002 Spanje Hable con Ella (Talk to Her) Pedro Almodóvar 2003 Afganistan Osama (Osama) Siddiq Barmak 2004 Spanje Mar Adentro (The Sea Inside) Alejandro Amenábar 2005 Palestina Al-Djanna al-Aan (Paradise Now) Hany Abû-Assad 2006 Feriene Steaten Japan Letters from Iwo Jima / Iōjima Kara no Tegami Clint Eastwood 2007 Frankryk Feriene Steaten Le Scaphandre et le Papillon / The Diving Bell and the Butterfly Julian Schnabel 2008 Israel Vals im Bashir (Waltz with Bashir) Ari Folman 2009 Dútslân Das weiße Band (The White Ribbon) Michael Haneke 2010   Denemark Hævnen (In a Better World) Susanne Bier 2011 Iraan Jodai-e Náder az Simin (A Separation) Asghar Farhadi 2012 Eastenryk Amour (Amour) Michael Haneke 2013 Itaalje La Grande Bellezza (The Great Beauty) Paolo Sorrentino 2014 Ruslân Leviafan (Leviathan) Andrej Zvjagintsev 2015 Hongarije Saul Fia (Son of Saul) László Nemes 2016 Frankryk Elle (Elle) Paul Verhoeven 2017 Dútslân Frankryk Aus den Nichts (In the Fade) Fatih Akin 2018 Meksiko Roma (Roma) Alfonso Cuarón 2019 Súd-Koreä Gisaengchung (Parasite) Bong Joon-ho 2020 Súd-Koreä Minari Lee Isaac Chung 2021 Japan Doraibu Mai Kā (Drive My Car) Ryūsuke Hamaguchi 2022 Argentynje Argentina, 1985 Santiago Mitre 2023 Frankryk Anatomie d'une chute (Anatomy of a Fall) Justine Triet 2024 Frankryk Emilia Pérez Jacques Audiard 2025 Brazylje O Agente Secreto (The Secret Agent) Kleber Mendonça jr.

Keppelings om utens Offisjele webside fan 'e Golden Globes

Sjoch ek Golden Globe foar Bêste Film – Drama Golden Globe foar Bêste Film – Musical of Komeedzje Oscar foar Bêste Film yn in Bûtenlânske Taal

Kategory:Amerikaanske filmpriis Kategory:Priis of ûnderskieding ynsteld yn 1949 Film Butenlanske Taal