Seerôverij of piraterij (fan it Frânske piraterie, dat komt fan it Latynske pirata, dat weromgiet op it Grykske πειρατής, peiratēs, mei de oarspronklike betsjutting "strûkrôver") is in die fan dieverij, geweld of oar krimineel hâlden en dragen op see, wêrby't in skip (ornaris in keapfardijskip) troch misdiedigers op ien of mear oare skippen of boatsjes oanfallen wurdt. Yn 'e regel is it de bedoeling om 'e lading en/of oare foarwerpen fan wearde te stellen. De dieders fan sokke misdriuwen wurde seerôvers of piraten neamd (hoewol't it wurd 'piraat', krekt as 'piraterij', ek oare betsjuttings hat). Seerôverij is fan alle tiden. De ierst dokumintearre gefallen datearje út 'e fjirtjinde iuw f.Kr., doe't de saneamde Seefolken de skipfeart yn it Eastlik Bekken fan 'e Middellânske See oanfoelen. Tsjintwurdich steane de kusten fan Somaalje en West-Afrika en de Strjitte fan Malakka bekend om seerôverij. Histoarysk foarmen de santjinde en de achttjinde iuw de heechtijdagen fan 'e 'klassike' seerôverij yn 'e Karibyske See. Seerôverij moat net betize wurde mei kaperij of kaapfeart, wêrby't de kapers dy't in skip oerfalle dêrta in fergunning hawwe fan it regear fan in lân. Kaperij wie foarhinne sadwaande in legitime foarm fan oarlochfiering, wylst seerôverij altyd in foarm fan organisearre misdie west hat.

Skiednis Aldheid It is reedlik om derfan út te gean dat seerôverij al bestiet salang't der skipfeart bestiet. Lykwols datearret it ierste dokumintearre gefal út 'e fjirtjinde iuw f.Kr., doe't de Seefolken de hannel yn 'e Egeyske See en it Eastlik Bekken fan 'e Middellânske See bedrigen. Yn 'e Klassike Aldheid stiene de Fenysjers, Illyrjers en Etrusken bekend as seerôvers. De âlde Griken beskôgen seerôverij as in earber berop. Ut Aldgrykske teksten, lykas de Ilias en de Odyssee fan Homearus, docht bliken dat it as in folslein normaal ferskynsel sjoen waard, en ek dat de ûntfiering fan froulju en bern troch seerôvers, om harren op in oar plak as slaven te ferkeapjen, in soad foarkaam. Tsjin 'e trêde iuw f.Kr. wiene de opfettings lykwols feroare, en waard it mank de Griken as in skande sjoen om foar jins libbensûnderhâld ôfhinklik te wêzen fan seerôverij.

Om dyselde tiid hinne wie it mank de Illyrjers, dy't de eastlike kust fan 'e Adriatyske See bewennen, noch hiel normaal. Harren praktyk om keapfardijskippen oan te fallen late ta ferskate konflikten mei de Romeinske Republyk, oant de Romeinen de Illyryske floaten yn 229 f.Kr. definityf fersleine. Yn 'e earste iuw f.Kr. waard de Romeinske skipfeart yn 'e Levantynske See bedrige troch seerôvers dy't operearren fan 'e Anatoalyske súdkust ôf. Yn 75 f.Kr. waard it skip fan Julius Caesar bgl. oerfallen, wêrnei't er troch Silisyske seerôvers in skoft finzen holden waard op it eilantsje Farmakousa, yn 'e Dodekanesos. Uteinlik weefde de Romeinske generaal Pompejus yn 67 f.Kr. mei de seerôvers út Silysje ôf nei in fearnsjier fan oarlochfiering op see.

Yn 'e tiid fan it Romeinske Ryk krigen de Romeinen te meitsjen mei Germaanske seerôvers. Al yn 258 plondere in float fan 'e Goaten en de Herulers de kusten fan 'e Swarte See en de See fan Marmara. Inkele jierren letter kamen ek de kusten fan 'e Egeyske See dêroan bleat te stean. Yn 264 berikten de Goaten Kappadoasje, oan 'e Anatoalyske súdkust, en yn itselde jier lânen se op Kreta en Syprus. Se stielen in ûnbidige soad bút en namen tûzenen boargers finzen. Yn 286 krige de Romeinske ofsier Karausius opdracht om 'e Frankyske en Saksyske seerôvers te eliminearjen dy't de kusten fan Armoarika (it hjoeddeistige Bretanje) en noardlik Galje teheisteren. Yn 'e earste helte fan 'e fyfde iuw waard de hillige Patrick, dy't letter Ierlân kerstenje soe, út syn bertelân Wales ûntfierd troch Ierske seerôvers en oare kant de Ierske See as slaaf ferkocht. Yn 455 waard Rome plondere troch in float fan 'e Fandalen ûnder harren kening Geiserik, dy't in ryk yn 'e Magreb stifte hie.

Midsiuwen De bekendste en ynfloedrykste seerôvers út 'e Midsiuwen wiene de Wytsingen út Skandinaavje, dy't fan 'e achtste oant en mei de tolfde iuw de kusten fan West-Jeropa oant yn súdlik Spanje ûnfeilich makken. Se berikten sels de Middellânske See, en yn East-Jeropa sakken se fia de rivieren fan Ruslân en de Oekraïne ôf nei de Swarte See. Op 'e Middellânske See wiene fan 'e njoggende iuw ôf ek Moarske (d.w.s. islamitysk Arabyske) seerôvers aktyf. Dy fêstigen bases oan 'e kust fan súdlik Frankryk en noardlik Itaalje en plonderen yn 846 Rome. Yn 'e tsiende iuw behearsken se de Baleären, en fan 824 oant 961 hearsken se oer it Emiraat Kreta. Hja bleaune de rest fan 'e Midsiuwen in pleach foar de Mediterrane skipfeart.

Op 'e Adriatyske See hie de keapfardij sûnt de fyfde iuw ek te lijen fan Slavyske seerôvers. Fral de rike Republyk Feneesje hie fan harren in soad lêst, mar de bestriding bliek dreech en kostber, en de positive effekten dêrfan duorren nea lang. Slavyske seerôverij yn 'e Eastsee einige yn 1168 mei de ferovering troch de Denen fan it seerôversnêst op Kaap Arkona. Yn 'e trettjinde en fjirtjinde iuw waarden de hannelsrûtes fan 'e Hânze dêr en yn 'e Noardsee lykwols op 'e nij bedrige, diskear troch de saneamde Likedielers. Dy namme wiisde derop dat alle bemanningsleden in gelikens oandiel yn 'e bút krige, en dat de kapteins en oare lieders net, sa't gebrûklik wie, mear krigen as de sljochtwei matroazen. De Likedielers waarden ferneamd om harren oanfierders Klaus Störtebeker en Gödeke Michels, en pas omtrint 1440 waard harren bedriging foargoed de kop yndrukt.

Yn 'e Saksyske Tiid oan it begjin fan 'e sechstjinde iuw wiene op 'e Sudersee Fryske seerôvers aktyf dy't harsels de Arumer Swarte Heap neamden en ûnder lieding stiene fan Grutte Pier en Grutte Wierd. Hja wiene eins Fryske frijheidsstriders, dy't harren oankanten tsjin 'e troepen fan 'e usurpator Albrecht fan Saksen, om't dy yn 1498 mei stipe fan 'e Hillige Roomske keizer yn Fryslân de macht grepen hie en in ein oan 'e Fryske Frijheid makke hie.

Lettere iuwen It Kanaal Yn 'e sechstjinde en santjinde iuw wie de stêd Dúntsjerk, yn wat no noardlik Frankryk is, in kwea ferneamd seerôversnêst. De Dúntsjerker kapers makken It Kanaal ûnfeilich foar de skipfeart fan benammen it Keninkryk Ingelân en de Republyk fan 'e Feriene Nederlannen. Allinnich al yn 'e jierren fan 1626 oant en mei 1634 stielen se 1.499 skippen en brochten se nochris 336 ta sinken. It is lykwols twifelich oft de Dúntsjerker kapers as echte seerôvers beskôge wurde kinne, mei't de kening fan Spanje harren foarseach fan kaperbrieven (en dêrmei fan in fergunning foar harren aktiviteiten).

Middellânske See Fan 'e Renêssânse ôf stiene de islamityske Berbers fan 'e kust fan 'e Magreb, yn Noard-Afrika, bekend as seerôvers. Dy saneamde Barbarijske seerôvers makken foar harren aktiviteiten lang gebrûk fan âlderwetske galeien, dy't har fuortbeweegden op 'e mankrêft fan 'e roeiende galeislaven ûnderyn it skip. Pas om 'e midden fan 'e santjinde iuw hinne begûnen se stadichoan flugge sylskippen te brûken, lykas brigantinen. Se operearren fanút de havens fan Tripoly, Tunis, Algiers en oare plakken yn wat no Algerije en Marokko is, en stiene yn namme ûnder de oerhearskippij fan 'e sultan fan it Osmaanske Ryk. Yn 'e praktyk wiene se lykwols fierhinne autonoom. Se seagen harsels as kapers, en net as sljochtwei seerôvers. Boppedat beskôgen se harrensels ek as striders yn in djihaad tsjin it kristendom, dy't troch de kristlike lannen sels yn 'e alfde iuw begûn wie mei de Krústochten.

De Barbarijske seerôvers makken benammen jacht op keapfardijskippen fan kristlike nasjonaliteiten. Se holden lykwols ek wol grutskalige oerfallen yn kustkriten fan kristlike lannen, mei as doel om safolle mooglik slaven te fangen dy't op 'e slavemerken fan Noard-Afrika ferkocht wurde koene. Fral kustdoarpen yn Itaalje en Spanje wiene gauris it slachtoffer fan sokke praktiken. Nei 1600 waarden dizze slavejachten net inkeld mear yn it gebiet fan 'e Middellânske See holden, mar ek yn 'e Atlantyske Oseaan, oant yn Ierlân ta. Yn 1627 diene Barbarijske seerôvers út Algerije sels in ynfal op Iislân, dêr't se in grut diel fan 'e befolking wei fuortfierden as slaaf. Histoarikus Robert Davis hat besifere dat der fan 'e sechstjinde oant en mei de njoggentjinde iuw tusken de 1.000.000 en 1.250.000 Jeropeänen troch Barbarijske seerôvers finzen nommen en as slaaf ferkocht waarden.

De bekendste lieders fan 'e Barbarijske seerôvers wiene de Osmaanske Turk Hayreddin Barbarossa en dy syn âldere broer Oruç Reis, Turgut Reis (ek bekend ûnder de ferbastere foarm Dragut Reis), Kurtoğlu Muslihiddin Reis, Kemal Reis, Salih Reis en Murat Reis de Aldere (reis is in Arabysk wurd foar "kaptein"). Guon Barbarijske seerôvers wiene finzen nommen Jeropeänen dy't har ta de islaam bekeard hiene om frij te kommen, lykas de Nederlanner Jan Janszoon en de Ingelsman John Ward.

De Barbarijske seerôvers hiene in kristlike wjergader yn 'e Ridders fan it Hospitaal fan Sint-Jan, dy't earst fan Rodos ôf operearren, en letter fan Malta ôf. Dy setten ek galeien yn, dy't se roeie lieten troch feroardiele kristlike misdiedigers, finzennommen moslims en in lyts tal frijwilligers dy't alles wol oanpakke woene om harren earmoede te ûntflechtsjen. Mei harren galeien teheisteren de Ridders fan Sint-Jan de keapfardij fan islamityske lannen, hoewol't se lang net sa manmachtich wiene as de Barbarijske seerôvers en dêrom in folle lytsere ynfloed hiene. It hiele, iuwenlang oanhâldende barren fan plonderings oer en wer is troch moderne histoarisy wol omskreaun as in "ûnbidich grut, multynasjonaal systeem fan organisearre ôfparsing". It kristlike oandiel dêryn waard pas beëinige yn 1798, doe't Malta, de basis fan 'e Ridders fan Sint-Jan, ûnder de Napoleontyske Oarloggen yn Britske hannen kaam.

Wat de Barbarijske seerôvers oangie, dy wisten lange tiid handich de ûnderling oarlogjende Jeropeeske lannen tsjininoar út te spyljen. Pas yn 'e twadde helte fan 'e santjinde iuw setten wichtige seemachten lykas it Keninkryk Frankryk, it Keninkryk Spanje, it Keninkryk Ingelân en de Republyk fan 'e Feriene Nederlannen, dermei útein om ferjildingsekspedysjes nei de Barbarijske kust op te túgjen. Yn 1675 twong Ingelân in frede ôf mei Tunis en Tripoly, wylst de Frânsen yn 1686 mei Tripoly en yn 1688 mei Algiers frede ôftwongen. In Spaansk bombardemint út 1784 rjochte yn Algiers sa'n skea oan, dat de dey it Spaanske regear dêrnei om frede smeekte. De teheisting fan 'e keapfardij fan 'e Feriene Steaten troch Barbarijske seerôvers late ta de Barbarijske Oarloggen (1801-1805 en 1815), wêryn't de Amerikaanske Marine de Atlantyske Oseaan oerstiek om yn 'e Middellânske See Algiers en Tripoly te bombardearjen. Der kaam lykwols pas in definitive ein oan 'e aktiviteiten fan 'e Barbarijske seerôvers nei't de Frânsen Algerije tusken 1830 en 1836 op wrede wize kolonisearre hiene.

Swarte See Op 'e Swarte See en de See fan Azov operearren fan 'e sechstjinde oant en mei de achttjinde iuw de Saporozjekozakken as seerôvers. Dy kozakken bestiene út hearrigen dy't útnaaid wiene fan harren aadlike master, kriminelen op 'e flecht foar de autoriteiten, oan legerwâl rekke eallju en ûntsnapte slaven út it Osmaanske Ryk. Se hiene ferskate bases oan 'e ûnderrin fan 'e rivier de Dnjepr, dêr't de ferriedlike streamfersnellings harren beskermen tsjin harren fijannen. Se hiene it benammen foarsjoen op 'e skipfeart fan it Osmaanske Ryk en fan it Khanaat fan de Krim (fan 'e islamityske Krimtataren). Yn 1615 en 1625 plonderen de Saporozjekozakken sels doarpen oan 'e Bosporus, ûnder de reek fan 'e Osmaanske haadstêd Konstantinopel.

Perzyske Golf