De Oscar foar Bêste Film, eins de Academy Award foar Bêste Film (Ingelsk: Academy Award for Best Picture), is in Amerikaanske priis op it mêd fan films, dy't elts jier ein febrewaris of begjin maart útrikt wurdt oan 'e as bêste beoardiele langspylfilm fan it foargeande jier. It is ien fan 'e Oscars of Academy Awards, en it wurdt beskôge as de wichtichste en meast prestizjeuze filmpriis fan 'e wrâld. De Oscar foar Bêste Film wurdt útrikt troch de Academy of Motion Pictures Arts and Sciences (AMPAS) by in tige formeel oanklaaide útrikkingsseremoanje yn it Dolby Theatre yn Hollywood, de wyk fan Los Angeles dêr't de Amerikaanske filmyndustry konsintrearre is. It is de wichtichste fan alle Oscars, en de útrikking fynt dêrom pas oan 'e ein fan 'e jûn plak, op it hichtepunt fan 'e seremoanje.
Histoaryske nammen By de earste útrikking fan 'e Oscars, foar it filmjier 1927-1928, wiene der twa prizen foar bêste film: de Academy Award foar Treflike Film (Outstanding Picture) en de Academy Award foar Unike en Artistike Film (Unique and Artistic Picture). Dy wiene bedoeld om ferskillende, mar like wichtige aspekten fan 'e filmkeunst te earjen. De organisaasje besleat lykwols dat it gjin súkses wie, dat foar 1928-1929 waard de priis foar unike en artistike film ôfskaft, wylst de priis foar treflike film oerbleau as de wichtichste Oscar. Noch in jier letter, yn 1929-1930, waard dy omneamd ta de Academy Award foar Treflike Produksje (Outstanding Production). Dy namme hold de priis oant en mei 1940. Dêrnei hiet er fan 1941 oant en mei 1943 de Academy Award foar Treflike Langspylfilm (Outstanding Motion Picture), en fan 1944 oant en mei 1961 de Academy Award foar Bêste Langspylfilm (Best Motion Picture). Fan 1962 ôf draacht de priis syn hjoeddeistige namme.
Takenningsproses Foar de Oscar foar Bêste Film wurde elts jier in tal films nominearre troch de Academy of Motion Pictures Arts and Sciences (AMPAS), dêr't de leden fan dy akademy dan de winner út kieze. Oant en mei 1943 waarden der 8 oant 12 films nominearre, mar fan 1944 ôf wiene der noch mar 5 nominaasjes. Yn 2009 feroare de AMPAS de regels, sadat der mei yngong fan 2010 5 oant 10 nominaasjes wêze soene.
Winners Oant en mei 1933 waarden de Oscars yn maaie útrikt foar de perioade fanôf de foarrige útrikking, yn maaie fan it foargeande jier (dus yn maaie 1930 waarden de prizen útrikt foar de perioade fan maaie 1929 oant maaie 1930). Fan 1934 ôf waarden de Oscars útrikt oan it begjin fan it jier, foar films út it hiele foargeande jier. Yn 'e tabel hjirûnder wurdt de offisjele jiertelling fan 'e Oscars oanholden. Mar it jier dat oanjûn stiet is it jier dêr't de priis foar takend waard, en net it jier dêr't de priis yn takend waard. Dus dêr't bgl. stiet "1990", fûn de útrikking fan dy priis plak yn begjin 1991. jier lân winner regisseur1927/'28 Sunrise: A Song of Two Humans (kategory Unike en Artistike Film) F.W. Murnau Wings (kategory Treflike Film) William A. Wellman 1928/'29 The Broadway Melody Harry Beaumont 1929/'30 All Quiet on the Western Front Lewis Milestone 1930/'31 Cimarron Wesley Ruggles 1931/'32 Grand Hotel Edmund Goulding 1932/'33 Cavalcade Frank Lloyd 1934 It Happened One Night Frank Capra 1935 Mutiny on the Bounty Frank Lloyd 1936 The Great Ziegfeld Robert Z. Leonard 1937 The Life of Emile Zola William Dieterle 1938 You Can't Take It with You Frank Capra 1939 Gone with the Wind Victor Fleming 1940 Rebecca Alfred Hitchcock 1941 How Green Was My Valley John Ford 1942 Mrs. Miniver William Wyler 1943 Casablanca Michael Curtiz 1944 Going My Way Leo McCarey 1945 The Lost Weekend Billy Wilder 1946 The Best Years of Our Lives William Wyler 1947 Gentleman's Agreement Elia Kazan 1948 Hamlet Laurence Olivier 1949 All the King's Men Robert Rossen 1950 All About Eve Joseph L. Mankiewicz 1951 An American in Paris Vincente Minnelli 1952 The Greatest Show on Earth Cecil B. DeMille 1953 From Here to Eternity Fred Zinnemann 1954 On the Waterfront Elia Kazan 1955 Marty Delbert Mann 1956 Around the World in 80 Days Michael Anderson 1957 The Bridge on the River Kwai David Lean 1958 Gigi Vincente Minnelli 1959 Ben-Hur William Wyler 1960 The Apartment Billy Wilder 1961 West Side Story Robert Wise en Jerome Robbins 1962 Lawrence of Arabia David Lean 1963 Tom Jones Tony Richardson 1964 My Fair Lady George Cukor 1965 The Sound of Music Robert Wise 1966 A Man for All Seasons Fred Zinnemann 1967 In the Heat of the Night Norman Jewison 1968 Oliver! Carol Reed 1969 Midnight Cowboy John Schlesinger 1970 Patton Franklin J. Schaffner 1971 The French Connection William Friedkin 1972 The Godfather Francis Ford Coppola 1973 The Sting George Roy Hill 1974 The Godfather Part II Francis Ford Coppola 1975 One Flew Over the Cuckoo's Nest Miloš Forman 1976 Rocky John G. Avildsen 1977 Annie Hall Woody Allen 1978 The Deer Hunter Michael Cimino 1979 Kramer vs. Kramer Robert Benton 1980 Ordinary People Robert Redford 1981 Chariots of Fire Hugh Hudson 1982 Gandhi Richard Attenborough 1983 Terms of Endearment James L. Brooks 1984 Amadeus Miloš Forman 1985 Out of Africa Sydney Pollack 1986 Platoon Oliver Stone 1987 The Last Emperor Bernardo Bertolucci 1988 Rain Man Barry Levinson 1989 Driving Miss Daisy Bruce Beresford 1990 Dances with Wolves Kevin Costner 1991 The Silence of the Lambs Jonathan Demme 1992 Unforgiven Clint Eastwood 1993 Schindler's List Steven Spielberg 1994 Forrest Gump Robert Zemeckis 1995 Braveheart Mel Gibson 1996 The English Patient Anthony Minghella 1997 Titanic James Cameron 1998 Shakespeare in Love John Madden 1999 American Beauty Sam Mendes 2000 Gladiator Ridley Scott 2001 A Beautiful Mind Ron Howard 2002 Chicago Rob Marshall 2003 The Lord of the Rings: The Return of the King Peter Jackson 2004 Million Dollar Baby Clint Eastwood 2005 Crash Paul Haggis 2006 The Departed Martin Scorsese 2007 No Country for Old Men Joel Coen en Ethan Coen 2008 Slumdog Millionaire Danny Boyle 2009 The Hurt Locker Kathryn Bigelow 2010 The King's Speech Tom Hooper 2011 The Artist Michel Hazanavicius 2012 Argo Ben Affleck 2013 12 Years a Slave Steve McQueen 2014 Birman or (The Unexpected Virtue of Ignorance) Alejandro González Iñárritu 2015 Spotlight Tom McCarthy 2016 Moonlight Barry Jenkins 2017 The Shape of Water Guillermo del Toro 2018 Green Book Peter Farrelly 2019 Gisaengchung (Parasite) Bong Joon-ho 2020 Nomadland Chloé Zhao 2021 CODA Siân Héder 2022 Everything Everywhere All at Once Daniel Kwan en Daniel Scheinert 2023 Oppenheimer Christopher Nolan 2024 Anora Sean Baker 2025 One Battle After Another Paul Thomas Anderson
Keppelings om utens Offisjele webside fan 'e Oscars
Sjoch ek Golden Globe foar Bêste Film – Drama Golden Globe foar Bêste Film – Musical of Komeedzje
Kategory:Amerikaanske filmpriis Kategory:Priis of ûnderskieding ynsteld yn 1929 Film