Elisabeth fan Tueringen (* 1207 yn Bratislava of op 'e boarch Rákóczi yn Sárospatak, (Hongarije); † 17 novimber 1231 yn Marburg an der Lahn), ek Elisabeth fan Hongarije neamd, wie in Hongaarske prinsesse en in Dútske lângrevinne. Hja wurdt as in hillige yn 'e katolike tsjerke fereare en is de lânshillige fan Dútslân. Fanwegen har neisteleafde wurdt hja ek yn protestantske rûnten fereare. De kapel yn Marburg dêr't Elisabeth yn byset waard moast letter plak meitsje foar in grutte Elisabethtsjerke, ien fan 'e earste suver goatyske tsjerken fan Dútslân.

Famylje Elisabeth wie in dochter fan 'e Hongaarske kening Andréas II (* 1177; † 1235) en syn frou Gertrudis fan Andechs. Har mem hearde ta it wiidfertakte ealshûs fan Andechs-Meranië, dat ynfloed fan East-Frankelân oant de noardlike Adriatyske See útoefene.

De mem fan Elisabeth, Gertrudis fan Andechs, hie sân bruorren en susters, dy't allegear goede houliken sletten hiene of hege tsjerklike funksjes droegen. Ien fan har bruorren wie biskop Ekbert fan Bamberg en ien fan har susters Mathilde, abdis fan it kleaster Kitzingen. In oare suster wie Hedwig fan Andechs en waard letter krekt as Elisabeth nei har dea hillich ferklearre.

Ek troch har bruorren en susters hie Elisabeth kontakten mei de hege adel fan Europa. Har broer Béla folge syn heit op de Hongaarske troan op, har suster Maria boaske Ivan Assen II, de tsaar fan Bulgarije, en har healsuster Jolanda troude mei Jakobus I fan Aragón. Ut dat houlik stamt de hillige Elisabeth fan Portugal (dus in muoikesizzer fan Elisabeth).

Bernetiid thumb|260px|De Jeugd fan Elisabeth.Albrecht de Vriendt Al as lyts bern waard Elisabeth fersein oan Loadewyk, de âldste soan fan 'e lângreve Herman fan Tueringen. Yn 'e regel telde by sokke regelingen fral de machtspolitike ferhâldings. It Hûs Andechs-Meranië hearde krekt as dat fan 'e Ludovingen ta de ynfloedrykste famyljes fan Europa.

Al yn 'e âldens fan fjouwer jier waard Elisabeth mei in rynske breidskat nei Tueringen brocht. It grutbringen fan in jong famke yn 'e famylje fan har takomstige man wie by de hegerein hiel gewoan. Hja woeks op yn 'e residinsjes fan 'e lângreve, lykas de Neuenburg by Freyburg an der Unstrut, de Runneburg by Weißensee en as lêste de Creuzburg noardwest fan Eisenach. De famylje dêr't Elisabeth opwoeks wie kultureel tige ûnderlein.

Houlik thumb|left|Elisabeth dielt jelmissen út oan 'e earmenPietro Rotari (1707–1762) Doe't lângreve Herman fan Tueringen yn 1217 ferstoar, waard syn soan Loadewyk yn 'e âldens fan 17 jier regint. Hy troude Elisabeth yn 1221 doe't se noch mar 14 wie yn 'e Joristsjerke (Georgenkirche) fan Eisenach. It houlik wie goed, en oars as yn dy tiid wenst wie by oaren fan syn stân wie Loadewyk syn frou trou. Hy fielde him ferbûn mei har en oars as gebrûklik ieten se tegearre en gyng Elisabeth mei har man mei op reis. Wie dat net mooglik dan droech Elisabeth rouklean.

It wie Loadewyk dy't Elisabeth oantrune om siken en minsken yn need te helpen. Tegearre stiften hja yn 1223 in sikehûs yn Gotha en se joegen de ynstelling rynsk besit om sa troch de tiid te kommen. Neffens iere oerleverings moast Loadewyk de grouwélige selskastijing en nachtlike gebeden fan syn frou wol ôfremje.

Tegearre krigen Elisabeth en Loadewyk trije bern:

Herman fan Tueringen (1222–1241); de troanopfolger dy't mei Helene fan Braunschweig-Lüneburg (1231–1273) troude; Sofia (1224–1275), dy 't letter mei Hindrik II, hartoch fan Brabân, troude (harren soan Hindrik woarde de earste lângreve fan Hessen en sadwaande wurdt Elisabeth ek wol as de stammem fan it Hûs Hessen beskôge. Al it neiteam fan Elisabeth stamt hjoed-de-dei fan Sofia ôf. Gertrudis (1227–1297), dy't nei de dea fan har heit noch berne waard, woeks op yn it kleaster en waard yn 'e âldens fan 21 abdis fan it kleaster yn Altenberg. Paus Klemens VI spriek har yn 1348 sillich.

Earme- en sikesoarch thumb|260px|Elisabeth oan it spinnen foar de Earmen(Marianne Stokes) Al sûnt de 12e iuw ûnstie der fanút de Tsjerke in breed organisearre omtinken foar de earmoed. Froulju, lykas de beginen, libben neffens it apostoalyske ideaal fan earmoede en keinens sûnder harren te ûnwerpen oan in oarder. Paus Honoarius III joech geastliken opdracht sokke fromme mienskippen, dy't ek faak fertocht waarden fan ketterij, te stypjen en yn 'e sielssoarch te helpen. Ut dy beweging ûntstiene in rige nije oarders lykas de Dominikanen en de Fransiskanen. Troch har bychtheit Rodeger rekke Elisabeth ek bekend mei de idealen fan Fransiskus fan Assisi. By Elisabeth foelen de idealen fan 'e earmoedsbeweging op fruchtbere boaiem. Under har hôfklaaiïng droech Elisabeth nei alle gedachten in boetekleed en stadichoan joech se jimmeroan mear en mear kostbere klean en sieraden wei. thumb|left|Elisabeth fersoarget de sikenAdam Elsheimer (1578–1610) It bleau net by it weijaan fan kostberheden; Elisabeth begûn har ek yn te setten as suster. Se die swier wurk en fersoarge siken, wurk dêr't tiidgenoaten op del seagen. Se spinde wol en weve mei har tsjinstfammen doeken, dy't se weijoech oan it earme folk. Se waske en klaaide ferstoarne minsken en soarge foar it begraven. Sûnt 1226 holp hja boppedat yn it spitaal, dat hja oan 'e foet fan 'e Wartburg stiftsje liet. De boarnen beskiuwe har tawijing, dy't ek benammen bern oanbelange: hja wie tige leaf, ek foar dy bern dy't smoarch, melaatsk of breklik wiene en se kocht boartersguod foar har. De hongerwinter fan 1225-1226 wie de oanlieding foar Elisabeth's earste grutte helpaksje. Wylst har man oan it hôf fan de keizer yn Cremona wie, liet Elisabeth yn alle dielen fan it lân de nôtskuorren iepenje om it hongerjende folk iten te jaan. Ek holp hja minsken dy't wurkje koene oan goed reau en waarme klean. Oan it hôf waarden de aksjes fan Elisabeth bekritisearre, mar doe't har man op 'e Wartburg werom kaam joech er útdruklik syn segen oan it wurk fan Elisabeth.

Krústocht Yn 1226 krige Elisabeth Koenraad fan Marburg as nije bychtheit en ûnder dy syn ynfloed naam Loadewyk it beslút om diel te nimmen oan 'e Sechde Krústocht fan keizer Freark II. Nei oanlieding fan 'e beneaming fan in nije bychtheit en it oansteande fertrek fan har man, die Elisabeth yn oanwêzigens fan har man it ûnthjit om har bychtheit yn alles te folgjen en in kein libben te folgjen as Loadewyk wat oerkomme soe. As ien fan 'e earste aksjes droech Koenraad har op om yn har hôfhâlding allinne noch guod te brûken, wêrfan't hja folslein wis wie dat it net troch ûnrjochtmittige twang fan it gewoane folk ôfnommen wie. Dy eask kaam oerien mei dy fan 'e religieuze earmoedebeweging, dy't de swiere lêsten foar it gewoane folk troch kriichsfiering en it pronksuchtich hôf fan sawol de sekuliere as de tsjerklike hearskers oanklage. Elisabeth, dy't swier wie fan it tredde bern, reizge mei har man oan 'e grins fan Tueringen en naam dêr ôfskie fan him. Loadewyk reizge mei syn gefolch troch Hessen, Franken, Swaben en Beieren fierder nei Itaalje, om him dêr by it leger fan keizer Freark oan te sluten.

De dea fan Loadewyk Oan fechtsjen kaam Loadewyk net mear ta want op 12 septimber, rillegau nei't er yn Otranto oan board gien wie, ferstoar Loadewyk oan in ynfeksje. Lang waard de dea fan har man foar Elisabeth stilholden, mar doe't se fermoedens krige trune se har famylje oan it op te bychten. Doe't har fertinkings befêstige waarden, rôp se út dat mei it stjerren fan har man ek de wrâld foar har ferstoarn wie. Hja begûn alles, mar dan ek alles wat se hie, wei te jaan oan 'e earmen.

Elisabeth hie fanwegen har frommens en har hâlding foar besit oer al tal fan konflikten mei famyljeleden, bestjoerders en fertsjintwurdigers fan 'e adel. Troch har ûnthjit hie hja har boppedat ûnderwurpen oan in bychtheit, dy't jimmeroan fanatiker waard en folsleine kontrole oer har en de noch minderjierrige lângreve hie. Koenraad fan Marburg ûntjoech him boppedat mear en mear as in ynkwisiteur, dy't de freze der aardich yn hie dy't elkenien, dy't it net mei him iens wie, ferfolgje liet. Loadewyk hie altiten as in beskermjende faktor funksjonearre tusken Elisabeth en har fermidden, mar nei syn dea duorre it net lang dat de konflikten, dy't earder noch ûnder it kleed bleaune, iepenlik oan it ljocht kamen.

Sûnder hûs thumb|left|Koenrad fan Marburg. Neffens Koenraad wie it de winsk fan Elisabeth sels om al it besit op te jaan. Se woe ynfolling jaan oan it ideaal fan earmoede en as bidler fan hûs nei hûs gean. Gaueftich nei de dea fan Loadewyk naam er kontakt op mei paus Gregoarius IX, sadat dy Elisabeth ûnder syn apostoalyske beskerming stelde. Dat wie yn dy tiid in praktyske hanneling om de belangen fan widdo's en minderjierrigen fan 'e hegerein tsjin oergeunstige famyljeleden te beskermjen. Sa waard Koenraad yn feite in fâd fan Elisabeth mei folsleine kontrole oer al har belangen en besit. De brief fan paus Gregoarius IX is net bewarre bleaun, mar bekend is dat it skeinen fan 'e rjochten fan in widdo of minderjierrige liede koe ta in tsjerklike straf lykas ekskommunikaasje of teminsten in ynterdikt (in ferbot om oan tsjerklike hannelings mei te dwaan).

Hindrik Raspe IV, de jongere broer fan Loadewyk, fûn Elisabeth net mear tarekkeningsfetber en hie fuort nei de dea fan syn broer himsels as regint fan 'e fiifjierrige Herman beneamd. Ek liet er beslach lizze op al it lân en de ynkomsten, dat har troch Loadewyk as in soarte fan widdo's pensioen tasein wie. Hja mocht wenjen bliuwe en holden ek it rjocht om oan te skowen oan 'e tafel fan 'e lângreve om mei te iten, mar dat wegere Elisabeth fanwegen de troch Koenraad opleine spiisfoarskriften. Elisabeth ferliet mei har tsjinstfammen dêrnei de Wartburg en brocht ûnder tige drege omstannichheden de winter fan 1227 op 1228 troch yn Eisenach. De réaksje fan 'e hegere stân wie ien fan ûnbegryp, minachting en spot en nimmen weage it Elisabeth yn 'e hûs op te nimmen. Hja wenne earst yn in skuorre en socht letter de beskerming fan in tsjerke, har trije bern waarden har letter út it Slot neibrocht. Jimmeroan moast se nei in oar plak omsjen, itjinge har op it lêst fersuchtsje die: "Ik woe graach de minsken betankje, mar ik wit net wêrfoar". Sels minsken dy't hja earder holpen hie, wegeren har no te helpen. De Libellus skriuwt oer in âld minske dy't troch Elisabeth mei jild en medisinen fersoarge wie en har no troch it slyk helle. thumb|260px|De eed op fersaking fan alles dat Elisabeth leaf wie neffens in skilderij fan Philip Hermogenes Calderon (1833–1898). Under ynfloed fan Koenraad liet Elisabeth har folslein fan 'e ynfloed fan har famylje isolearje. Ek de lêste fertrouwelings rekke hja nei har ferhûzing nei Marburg kwyt. Dêr libbe Elisabeth yn in ienfâldich hûs tegearre mei twa, troch Koenraad útsochte, froulju: in jonge frou út de leechste stân en in troch Koenraad op ûnfreonlikens útsocht âld frommis, de widdo Hedwig fan Seebach.

Op goedfreed 1228 docht Elisabeth yn oanwêzigens fan Koenraad en in pear muontsen yn 'e Fransiskaanske tsjerke in nije eed: hja naam ôfstân fan alle famylje en alle wrâldske saken en die op 'e nij it ûnthjit om hearsum te wêzen. Tuskenkomst fan de famylje thumb|left|Elisabeth tegearre mei har grutte foarbyld Sint-Fransiskus.Piero della Francesca